Aldgillis II
Appearance
Aldgillis II is ien fan 'e legindaryske keningen fan 'e âlde Friezen, dy't nei alle gedachten net echt bestien hat, mei't der gjin betroubere histoaryske boarnen oangeande him binne. Hy soe libbe hawwe fan 719 oant 741, en soe de trêde soan fan kening Redbad west hawwe. Neffens it ferhaal folge er yn 734 Poppo op, dat de lêste histoaryske kening fan Fryslân wie. Poppo wie yn 'e Slach oan de Boarn, tsjin 'e Franken, kommen te sneuveljen. Dy nederlaach foarme de ein foar it Fryske Ryk bewesten de Lauwers. Aldgillis II soe dus inkeld sizzenskip oer de Fryske eilannen en Easterlauwersk Fryslân hân hawwe (it hjoeddeistige Grinslân en East-Fryslân).