Springe nei ynhâld

Grimoald II

Ut Wikipedy

Grimoald, ek wol bekend as Grimoald II (? - 714) wie hofmeier fan Neustrje fan 695 ôf. Hy wie troud mei de dochter fan kening Redbad.

Grimoald wurdt rekkene ta de Pippyniden en wie de twadde soan fan Pippyn fan Herstal en Plektrudis. Syn heit makke him al op jonge leeftyd, yn 695 ta hofmeier fan it keninkryk Neusterje.

Hy wie troud mei Thiadsvind, de dochter fan de Fryske kening Redbad. Hy hie gjin bern by har, wol hied er twa bastertsoannen út in eardere relaasje, nammentlik Teudobald en Arnold. Doe't hy op beafeart wie nei it grêf fan de Hillige Lambert fan Maastricht by Luik, waard hy april 714 fermoarde troch in slûpmoardner.

Syn soannen fierden letter, nei de dea fan Pippyn fan Herstal, mei Grimoald syn styfbroer Karel Martel in striid om 'e macht dy't bekend stiet as de Frankyske boargerkriich.

  • Liber Histoariae Francorum,
  • Continuationes Chronicarum Fredegarii,
  • Annales Mettenses,
  • Annales S. Amandi.
  • Herre Halbertsma, Frieslands Oudheid, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, ISBN 90-5345-167-6.
  • Riché, Pierre, Les Carolingiens, une famille qui fit l'Europe, ISBN 2-01-278851-3
  • Volkmann, Jean-Charles, Bien Connaître les généalogies des rois de France ISBN 2-87747-208-6
  • Mourre, Michel, Le petit Mourre. Dictionnaire de l'Histoire ISBN 2-03-519265-X