Springe nei ynhâld

Redbad (film)

Ut Wikipedy
Redbad
film
makkers
regisseur Roel Reiné
produsint Klaas de Jong
Roel Reiné
senario Alex van Galen
muzyk Trevor Morris
filmstudio Farmhouse TV & Film
spilers
haadrollen Gijs Naber
Loes Haverkort
Jonathan Banks
Tibo Vandenborre
byrollen Derek de Lint
Birgit Schuurman
Lisa Smit
Huub Stapel
Renée Soutendijk
Egbert-Jan Weeber
Jack Wouterse
skaaimerken
lân/lannen Nederlân
premiêre 23 juny 2018
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske aventoerefilm
taal Nederlânsk en Ingelsk
spyltiid 160 minuten
budget en resultaten
budget 8,3 miljoen

Redbad, ek Redbad: De Legende of Redbad: The Legend neamd, is in Nederlânske histoaryske aventoerefilm út 2018 ûnder rezjy fan Roel Reiné, nei in senario fan Alex van Galen. De film waard produsearre troch Klaas de Jong en Roel Reiné foar Farmhouse TV & Film, en de haadrollen waarden fertolke troch Gijs Naber, Loes Haverkort, Jonathan Banks en Tibo Vandenborre. Byrollen hiene û.o. Derek de Lint, Birgit Schuurman, Lisa Smit, Huub Stapel, Renée Soutendijk, Egbert-Jan Weeber en Jack Wouterse. It ferhaal spilet yn it Fryslân fan 'e Iere Midsiuwen, en giet oer de histoaryske persoan fan Redbad, kening fan 'e Friezen, en dy syn striid tsjin 'e út it suden wei opkringende Franken. Nettsjinsteande alle wyn en blast dêr't Redbad mei útbrocht waard, wie de krityk fan sawol resinsinten as histoarisy grut en de ûntfangst planút lau.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Redbad spilet yn 'e Iere Midsiuwen en giet oer de striid fan 'e frije, heidenske Friezen, dy't boppe de Grutte Rivieren in keninkryk fêstige hawwe, tsjin 'e út it suden wei opkringende Franken, dy't it kristendom al oannommen hawwe. De haadpersoan is de histoaryske Fryske kening Redbad, dy't de striid mei de Franken oangiet nei't dyselden de wichtige Fryske hannelsstêd Doarestêd ferovere en syn heit, kening Aldgilles, ferslein hawwe. Dat bart krekt op it stuit dat yn opdracht fan Aldgilles in minske-offer brocht wurdt om 'e fruchtberens fan it lân te fergrutsjen, wêrby't fammen libben ferbaarnd wurde. Redbad keart him tsjin dy praktyk, nammenste mear om't syn leaf Fenne ien fan dy fammen is, en wit hy har noch krekt op 'e tiid fan 'e brânsteapel te rêden.

Neitiid wurdt Redbad troch it lûken fan in lot skuldich befûn oan it ferlies fan 'e fjildslach, en, fêstbûn op in flot, by wize fan soenoffer de see opstjoerd. Hy spielt oan op 'e kust fan Denemark, dêr't er as slaaf opnommen wurdt yn it hûs fan 'e Deenske kening Wiglek. As der nei ferrin fan in stikmannich moannen in ynfal yn Denemark dien wurdt troch de Sweden, spilet Redbad sa'n wichtige rol by de ferdigening, dat er dêrmei, as beleanning fan Wiglek, syn frijheid weromwint. Dêrop wol Wiglek syn kristlike dochter Frea him as man hawwe, en Redbad stimt yn dat houlik ta.

As er lykwols heart dat syn suster Sinde oan 'e Frankyske ealman Karel Martel ta frou jûn is om it platbaarnen troch de Friezen fan it houtene tsjerkje fan Utert goed te meitsjen, tsjocht Redbad mei syn nije frou werom nei Fryslân om syn suster te rêden. Hy wit it Frankyske kastiel fan Reims yn te kringen, dêr't op dat stuit krekt syn suster troch de Angelsaksyke biskop Willibrord tsjin har wil ta kristinne doopt wurdt, mar hy moat sûnder syn suster en sûnder wat bedijd te hawwen nei Fryslân weromkeare.

Yn Fryslân is Redbad syn neef Jurre no kening, en Redbad stipet him yn 'e striid tsjin 'e Franken. Hy wit in kloft Frankyske ruters de see yn te lokjen krekt as de floed opkomt, sadat se de drinkeldea stjerre. Underwilens beävensearret de ambisjeuze Karel Martel yn Reims de dea fan 'e Frankyske hofmeier Pepyn fan Herstal en fan dy syn jonge pakesizzer en erfgenamt Drogo. Karel Martel grypt dêrop de macht en wurdt sels hofmeier.

Redbad syn omke Eibert skûlet mei Karel Martel ûnder ien tekken, yn 'e hope dat er út namme fan 'e Franken it rike Doarestêd regearje meie sil. Troch dit ferrie wurde Redbad en syn frou en jonge soan Poppo finzenset yn Utert. Dêr folget dan de ferneamde sêne wêryn't Redbad him troch Willibrord dope litte sil, mar him op it lêste momint betinkt en syn foet út it doopbekken weromlûkt om't syn heidenske foarâlden en freonen net nei de (kristlike) himel gien binne. Redbad seit dan dat er leaver mei syn freonen yn 'e hel sit as mei syn fijannen yn himel. As koart dêrnei kening Jurre by in skermutseling om it libben komt, wurdt Redbad de ûnomstriden lieder fan 'e Friezen en de nije kening. Mei help fan syn skoanheit en it leger fan 'e Denen wit er de Franken ûnder Karel Martel by Doarestêd te ferslaan, al kin er net foarkomme dat de stêd sels troch brân ferwoastge wurdt.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Redbad, kening fan 'e Friezen Gijs Naber
Frea Loes Haverkort
hofmeier Pepyn fan Herstal Jonathan Banks
hofmeier Karel Martel Tibo Vandenborre


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kening Jurre fan 'e Friezen Teun Kuilboer
de heidenske preesteresse Idwina Renée Soutendijk
Fenne Lisa Smit
biskop Bonifatius Egbert-Jan Weeber
Eibert Derek de Lint
kening Wiglek fan Denemark Søren Malling
kening Aldgillis fan 'e Friezen Huub Stapel
prinsesse Sinde Britte Lagcher
biskop Willibrord Jack Wouterse
Wulf Mark van Eeuwen
Plektrudis Daphne Wellens
genêzeresse Birgit Schuurman
Thierry Gene Bervoets
Gebbe Martijn Fischer
Odulf Aus Greidanus sr.

Nei it súkses fan 'e biografyske film Michiel de Ruyter sloegen regisseur Roel Reiné en produsint Klaas de Jong fannijs de hannen yninoar foar in histoaryske spektakelfilm. De ferantwurdlike filmstudio wie De Jong syn Farmhouse TV & Film. It idee om in film te meitsjen oer it histoaryske personaazje Redbad kaam fan 'e yn Feanwâlden berne De Jong.[1] It senario dêr't de film op basearre is, waard skreaun troch Alex van Galen.[2]

Op 29 augustus 2017 waard bekendmakke dat akteur Gijs Naber de titelrol fan kening Redbad fertolkje soe.[3] Dêrnei waarden Huub Stapel,[3] en Egbert-Jan Weeber en Derek de Lint[4] cast yn 'e rollen fan kening Aldgillis, resp. Bonifatius en de ferrieder Eibert. Weeber en De Lint hiene earder ek al mei Reiné de De Jong gearwurke foar de film Michiel de Ruyter.[4] Loes Haverkort en Aus Greidanus sr. waarden oanlutsen foar de rollen fan Frea en Odulf.[4] Njonken dy Nederlânske akteurs, en Flaamske akteurs as Tibo Vandenborre en Daphne Wellens woene de Reiné en De Jong ek graach in stjer fan ynternasjonale alluere hawwe; dy fûnen se yn 'e persoan fan 'e Amerikaanske akteur Jonathan Banks, dy't benammen bekend is fan 'e súksesfolle tillefyzjesearje Breaking Bad. Hy krige de rol fan 'e Frankyske hofmeier Pepyn fan Herstal tabedield.[5] Fierders waard de Deenske akteur Søren Malling, bekend fan 'e dramasearje Borgen, ree fûn om 'e rol fan 'e Deenske kening Wiglek op him te nimmen.[5]

De Alde Feanen foarmen de eftergrûn foar ferskate sênes fan Redbad.

It wie de bedoeling dat Redbad koste 7 miljoen kostje soe,[6] mar úteinlik rûnen de kosten op ta sa'n €8,3 miljoen. "De ambysje wie grutter as de beurs," neffens produsint Klaas de Jong.[7] De opnamen fûnen plak op lokaasje yn en bûten Nederlân. Sa waarden guon sênes opnommen yn it preHistorisch Dorp, by Eindhoven,[8] wylst yn ferskate gefjochtssênes it Fryske lânskip fan De Alde Feanen[9] en It Amelân[10] werom te kennen is. Dêrnjonken waarden ek opnamen makke yn Denemark, it Dútske Wallsbüll en it Belgyske Kastiel fan Bouillon, dat yn 'e film trochgiet foar de Frankyske keninklike residinsje te Reims.[3] Yn totaal duorren de opnamen foar Redbad 42 dagen.[11] De lêste opnamedei wie op 19 novimber 2017.[11] Nei mear as in healjier montaazje en oare tarieding gie de film op 'e jûn fan sneon 23 juny 2018 by in iepen-loftfertoaning op it Ljouwerter Saailân yn premiêre.[12]

Publisiteitsstunt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan 'e premiêre fan Redbad waard der in trailer op Facebook pleatst. Produsint Klaas de Jong helle alle media mei it ferhaal dat Facebook him frege hie de trailer fuort te heljen, om't it ferhaal fan Redbad, wêryn't de makkers dúdlik partij kieze foar de heidenske Friezen en tsjin 'e kristlike Franken, yn 'e Feriene Steaten as oanstjitjaand beskôge wurde soe.[13] Nei sjoernalistyk ûndersyk bliek fan De Jong syn bewearing net folle wier te wêzen, en liek it earder om in (slagge) publisiteitsstunt te gean.[14]

It ryk fan 'e Fryske keningen yn 716 (wyt), mei yn grien it Frankyske Ryk en yn rôs it gebiet dat behearske waard troch de Saksen.

Krityk oer historisiteit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op basis fan 'e trailer fan Redbad en de efter-de-skermendokumintêre dy't te sjen wie op 'e webside fan 'e film stelde Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan 'e Ryksuniversiteit Grins, foarôfgeande oan 'e premiêre al fêst dat de histoaryske wierheid noch amper yn tel is. Hy fûn it útgongspunt fan 'e film oars wol nijsgjirrich, mei't dy it tradisjonele oansjoch fan 'e skiednis omdraait, sa't dat noch altyd by de measte minsken bestiet – dat de kristenen goed wiene en de heidens kwea. Neffens Reiné en De Jong wiene de kristlike prekers út 'e Iere Midsiuwen nammentlik itselde soarte ûnferdraachsume lju as de islamistyske terroristen fan 'e ienentweintichste iuw.[15]

Wat Jensma oan 'e film steurde wie lykwols it feit dat de makkers in loopke namen mei de Fryske skiednis en kultuer. Yn 'e film is gjin wurd Frysk te hearren; ynstee prate de 'Friezen' konsekwint Nederlânsk, wylst de Franken Ingelsktalich binne. De riddenearring dêr't Reiné en De Jong harren taalkar mei besochten te rjochtfeardigjen, nammentlik dat de Friezen fan 'e Iere Midsiuwen foar it meastepart net-Frysktalich west hawwe soene, ferwiisde Jensma sûnder mear nei it ryk fan 'e fabels. Hy fermoede dat de kar foar it Nederlânsk út praktyske, kommersjele omtinkens berne wie, en dat Redbad dêrmei út 'e Fryske hoeke skuord waard en yn it ramt pleatst waard fan it oanboazjend populisme yn Nederlân, wie foar de makkers wierskynlik moai meinommen. Sa gie de film neffens Jensma net mear oer de striid fan Friezen tsjin Hollanners (dy't ommers letter út 'e Franken fuortkamen), mar oer Nederlanners dy't har oankantsje tsjin ymmigraasje hjirhinne út oare lannen.[15]

Histoarikus Han Nijdam, in kenner fan 'e echte kening Redbad en de Iere Midsiuwen yn Fryslân, waard nei de premiêre ynterviewd troch de Ljouwerter Krante en fertelde dat de film him drôvich stimd hie troch alle flaters dy't deryn makke waarden. Sa kaam it kastiel fan 'e Frankyske hofmeier Pepyn fan Herstal yn 'e film dúdlik út 'e Lette Midsiuwen, teminsten 500 jier nei't Redbad en Pepyn libben. Itselde gou foar de maljenkolders fan 'e Frankyske ridders, wylst harren dripfoarmige skylden alfde-iuwsk Normandysk wiene en harren swurden fan 'e Wytsingen kamen.[16]

De sljochtwei Friezen libje yn 'e film in earmoedich en ellindich bestean yn lekkende langhuzen fol smoargens en spinreagen dy't sa op 'e keale grûn boud binne, wylst se yn it echt wolfarrende lju wiene, dy't hiel skjin op harsels en harren besittings wiene, mei huzen mei houten flierren. Fierders is oeral yn 'e film sulver te sjen as by de Friezen rykdom werjûn wurde moat, wylst dat mear wat foar de Wytsingen wie, mei't de Friezen yn it echt harren wolfeart uteren mei goud. Wat wól striek mei de wurkliheid, wie bygelyks dat Frea, de kristlike Deenske frou fan Redbad, in krúske om 'e hals droech dat der net útsjocht as lettere kristlike krússymboalen, mar fjouwer earms fan gelikense lingte hat. "Dat is wol autentyk," sei Nijdam, "sokke krúskes binne yn Denemark weromfûn."[16]

It Wytsingdoarp Valsgaard by it Dútske Wallsbüll, dêr't in part fan 'e opnamen fan Redbad dien waarden.

Wat de werjefte fan histoaryske personaazjes yn 'e film oanbelange, waard Nijdam der lykwols net fleuriger op. Redbad wurdt yn 'e film foarsteld as in lieder dy't himsels besiket los te meitsjen fan it heidendom, wat bygelyks ta utering komt yn it feit dat er him oankantet tsjin it bringen fan minske-offers en trochdat er trout mei in kristinne. De echte Redbad wie krekt in foarfjochter fan it heidendom. Nijdam sei: "We witte dat de Friezen minske-offers brochten, al witte we net hoe, en dêr hie Redbad in sakraal liederskip yn, hy seach derop ta." En wat de beide kristlike prekers Willibrord en Bonifatius oangie, wiene de rollen yn 'e film neffens Nijdam persiis omdraait. "Hjir is Willibrord in wreed figuer, Bonifatius is sêftmoedich, wylst dat yn wurklikheid oarsom west hat. Willibrord wie mylder, wylst Bonifatius krekt rücksichtsleas en fanatyk wie."[16]

Oare eleminten út de film dy't net strike mei de histoaryske wurklikheid, binne dat Redbad him hast dope lit troch Willibrord, wylst it dêrby eins om Wulfram gie, in oare Angelsaksyske preker. Fierders wurdt yn 'e film Redbad syn suster 'Sinde' úthylke oan 'e Frankyske hofmeier Karel Martel, wylst it yn it echt syn dochter Thiadsvind (of Teudesinda) wie, wie dy't úthylke waard oan 'e Frankyske ealman Grimoald II, de soan fan Pepyn fan Herstal en dy syn frou Plektrudis. Dy Grimoald waard yn it echt fermoarde, sadat Karel Martel syn kâns seach om 'e macht yn it Frankyske Ryk te gripen. Dêrby bestie noch in obstakel dat yn 'e film net neamd wurdt, nammentlik Teudoald, de oerwûne soan fan Grimoald, dy't as erfgenamt fan syn pake Pepyn oanwiisd waard. It is mooglik dat der noch in twadde Teudoald wie, dat dan de soan fan Grimoald en Thiadsvind wêze moatte soe, mar oft dy wier bestien hat, is net dúdlik. Yn elts gefal wie de Teudoald dy't as hofmeier oanwiisd waard, te jong om sels te regearjen, sadat syn beppe Plektrudis regintesse foar him yn 't plak waard. Karel Martel, de soan fan Alpaida, de twadde frou fan Pepyn fan Herstal, begûn doe in lange striid om 'e macht tsjin Plektrudis en Teudoald. Yn 'e film triuwt Karel Martel de jonge erfgenamt Drogo fan 'e hege stedsmuorre fan Reims, nei't er earder al syn eigen heit Pepyn fan Herstal fergiftige hat. De histoaryske Drogo wie in âldere broer fan Grimoald, dy't al foàr de moard op Grimoald ferstoar.

Op Joop.nl fear histoarikus Han van der Horst út tsjin Redbad en de makkers fan 'e film. Hy betoogde dat it hielendal net slim is as men yn in histoaryske film in striidbere frou binnensmokkelet, dy't op in hynder en mei pylk en bôge likegoed út 'e fuotten kin as dat manlju dat kinne (en dy't letter fansels poerlike neaken yn in mar baait as se harsels ûnbegluorke waant). "Mar," gied er fierder, "it tsjûget lykwols fan minachting foar it publyk ast mar wat oankloatest ynstee fan in bytsje research te dwaan nei de omstannichheden, de kledaazje, de behuzing, de bewapeing en it tinken yn 'e tiid dy'tst ta libben bringe wolst." Van der Horst fertelde dat er in oantal dagen earder in Midsiuwske merk yn Flaardingen besocht hie, dy't ynrjochte wie om 'e oerwinning fan 'e Hollânske greve Durk III yn 'e Slach by Flaardingen fan 1018 te fieren. Dêr trof er entûsjastelingen dy't him fan alles fertelle koene oer de klean, wapens en alderhanne oare dingen út dy tiid. Hy waard sels warskôge as de toande klean en oare attributen net út 'e alfde iuw wiene, mar fan in pear iuwen earder of letter. Syn konklúzje wie: "as dreaune leafhawwers dat mei hûsflyt kinne, moat it foar in filmmakker ek mooglik wêze." Van der Horst woe hawwe dat in film as Redbad eins oanjûn wurde moast by in konsuminteprogramma, lykas Kassa of Radar.[17]

It Kastiel fan Bouillon figurearre yn Redbad as de residinsje fan 'e Frankyske hofmeier Pepyn.

Filmrodusint Klaas de Jong brocht tsjin al dizze krityk yn dat de makkers fan 'e film gearwurke hiene mei ferskate histoarisy, dy't spesjalisearre wiene yn "Noardseekultuer, Wytsingkultuer en âlde Fryske kultuer." Dêrby tekene er trouwens oan dat Redbad net yn earste ynstânsje bedoeld wie om histoarysk akkuraat te wêzen, mar om "de sfear te fangen fan doedestiden, hoe't de minsken tochten, libben."[7]

Yn in resinsje yn 'e Ljouwerter Krante skreau sjoernalist Asing Walthaus dat er Redbad graach mear wurdearje wollen hie, fral nei in fraachpetear mei regisseur Reiné, dy't "oansteklik passionearre" oer de film prate koe. Mar hy fûn de film te lang, te lûd en te betiizjend. In pluspunt wiene neffens Walthaus de prachtige opnames fan hynders yn 'e lânskippen fan û.m. De Alde Feanen en It Amelân, en ek op 'e oanklaaiïng fan 'e figuranten koe hy neat ôftingje. Dat der histoaryske flaters ynslûpt of mei opsetsin ynbrocht binne, wie neffens Walthaus net sa slim: in film is ommers gjin skiednisboek, betoogde er. En de gefjochtssênes, troch Reiné delset as swiid en pompeus, mei in ôfgryslike soad slow motion en pompende muzyk, sieten kundich yninoar en wiene meislepend.[18]

Nei in hoartsje begûn him dat lykwols wat te ferfelen. Walthaus miste in ferhaal yn 'e film, en it waard him net dúdlik wêrom't Redbad die wat er die, of wêr't er op ta-arbeide. Noch minder wie, dat de antagonist Karel Martel, dy't earst gewoan in fijân wie, him healwei de film ynienen ûntpopte ta in karikaturale smjunt "mei moard, deaslach en MeToogedrach." De religieuze foaroanlju yn 'e film, "Renée Soutendijk as heidenske hekse," en Jack Wouterse en Egbert-Jan Weeber as de Angelsaksyske biskoppen en kristendomprekers Willibrord en Bonifatius, omskreau Walthaus as "echt healwiis". Dat wie neffens him fral sa mei Willibrord en Bonifatius, "dy't as in ier-kristlike Bassie en Adriaan troch it ferhaal rinne mei in koarke mûntsen yn har kylwetter." Hy konkludearre dat mear net altyd better is, en dat der miskien wol in goede film ferstoppe sit yn 'e "fierstente lange grimelgrammel" fan Redbad, mar dat dat dizze film yn elts gefal net wie.[18]

Ek yn 'e lanlike parse wiene de resinsjes fan Redbad lau. Sawol de Volkskrant as NRC Handelblad joegen de film twa stjerren fan fiif.[19][20] Filmkritikus Bor Beekman priizge yn 'e Volkskrant de sênes mei gefjochten en fjildslaggen, mar hikkele de hoemannichte fan dat soarte sênes dy't yn 'e film stoppe is. Dêrnjonken wied er ek min te sprekken oer it aktearjen fan Jack Wouterse, dy't de rol fan Willibrord fertolke.[19] Yn NRC Handelsblad skreau resinsint Coen van Zwol dat Redbad benammen knoeid waard troch it topswiere senario en de oerdie oan drama.[20]

De earste wike dat Redbad yn 134 Nederlânske bioskoopsealen te sjen wie, draaide út op in teloarstelling foar de makkers, doe't der mar 20.000 besikers opdaagjen kamen. De distributeur wiet dat ôffallende resultaat oan it Wrâldkampioenskip Fuotbal 2018, dat yn deselde perioade dei oan dei op 'e tillefyzje te sjen wie, en oan it waarme simmerwaar, dat de minsken nei bûten ta jage ynstee fan se (by in bioskoop) nei binnen ta te driuwen.[21]

Yn 'e trêde wike fan july 2018, doe't de film ûnderwilens in moanne draaide, hie Redbad noch mar 37.878 besikers lutsen, wat in bioskoopomset betsjutte fan €332.785. Neffens de Ljouwerter Krante wie it dêrmei, de kosten (fan €8,3 miljoen) yn acht nommen, de grutste flop ea yn 'e skiednis fan 'e Nederlânske film. Produsint Klaas de Jong moast tajaan dat de resultaten "teloarstellend" wiene. Ferlike mei Reiné en De Jong harren eardere spektakelfilm Michiel de Ruyter, dêr't 800.000 bioskoopkaartsjes foar ferkocht waarden, hie Redbad nei in moanne sa'n 400.000 besikers hân hawwe moatten, tsien kear safolle as der yn wurklikheid opdaagjen kamen. Efterôf sjoen, sa joech De Jong ta, hie it in grutte flater west om Redbad midden yn 'e simmer út te bringen. "We belibje no de bêste simmer sûnt jierren en dat wurket altyd yn it neidiel fan it bioskoopbesyk." Ferkeapaginte Daniëlle Raaphorst joech ek ta dat de prestaasje fan Redbad "erbarmlik" wie. Behalven de simmer wiisde hja ek mei de beskuldigjende finger nei it WK fuotbal: "Wy hawwe ûnderskat dat it WK dochs sa oanslaan soe yn Nederlân." (Sûnder dat Nederlân der sels oan meidie, bedoelde se.) Sawol De Jong as Raaphorst ferwachte lykwols dat Redbad it goed dwaan soe op websiden foar video on demand. Neffens De Jong gie in film as Redbad dêr grif tweintich jier mei, dat hy ferwachte wol om úteinlik út 'e kosten te kommen.[22]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beekman, Bor, "Die grote veldslag in Game of Thrones, daar moeten we met Redbad overheen", yn: de Volkskrant, 29 desimber 2016.
  2. Alex van Galen yn de IMDb.
  3. 3,0 3,1 3,2 BuzzE, Gijs Naber krijgt hoofdrol in nieuwe film Roel Reiné, op: Nu.nl, 29 augustus 2017.
  4. 4,0 4,1 4,2 BuzzE, Egbert-Jan Weeber, Loes Haverkort en Derek de Lint in nieuwe film Redbad, op: Nu.nl, 4 septimber 2017.
  5. 5,0 5,1 "Breaking Bad" star Jonathan Banks boards Dutch epic "754 A.D. Redbad", op: ScreenDaily.com, 12 oktober 2017.
  6. Beekman, Bor, Duizend pruiken, zeshonderd schilden en tweeduizend figuratiekostuums: welkom op de set van Redbad, yn: de Volkskrant, 30 novimber 2017.
  7. 7,0 7,1 Walthaus, Asing, Hoe Fries is deze Friese koning, yn: de Ljouwerter Krante, 8 juny 2018, s. 3.
  8. Burg, Rob, Eindhoven overspoeld door mannen met baarden, yn: it Eindhovens Dagblad, 7 novimber 2017.
  9. ――, Vechtscenes opgenomen in Earnewâld voor film Redbad, op: Omrop Fryslân, 1 oktober 2017.
  10. ――, Ameland in trailer Redbad, Persbureau Ameland, 29 maaie 2018.
  11. 11,0 11,1 ――, Laatste draaidag voor historisch epos Redbad, op RTL Boulevard, 19 novimber 2017.
  12. Grosso, Maria del, Openluchtpremière, yn: de Ljouwerter Krante, 23 juny 2018, wykeinbylage Sneon & Snein, s. 14.
  13. ――, Eis Facebook: verwijder trailer Redbad, yn: de Ljouwerter Krante, 26 maaie 2018.
  14. Haagsma, Jacob, Facebook weigerde ‘Redbad’-trailer niet, YouTube trouwens ook niet, yn: de Ljouwerter Krante, 30 maaie 2018.
  15. 15,0 15,1 Grosso, Maria del, Nieuw Heidendom, yn: de Ljouwerter Krante, 23 juny 2018, wykeinbylage Sneon & Snein, s. 14.
  16. 16,0 16,1 16,2 Walthaus, Asing, Redbadkenner: "Historisch zit de film er meestal naast", yn: de Ljouwerter Krante, 25 juny 2018, s. 3..
  17. Horst, Han van der, De film Redbad zou eigenlijk een onderwerp moeten zijn voor Radar of Kassa: Er klopt geen hout van, op: Joop.nl, 25 juny 2018.
  18. 18,0 18,1 Walthaus, Asing, Redbad: Meer is niet altijd beter, yn: de Ljouwerter Krante, 29 juny 2018, bylage Freed, s. 10.
  19. 19,0 19,1 Beekman, Bor, Spektakelfilm "Redbad" is door haperende spanningsopbouw en eenduidige dialoog geen waardige opvolger van "Michiel de Ruyter", yn: de Volkskrant, 27 juny 2018.
  20. 20,0 20,1 Zwol, Coen van, Redbad is een wrotfilm, yn: NRC Handelsblad, 26 juny 2018.
  21. ——, Spektakelfilm "Redbad" flopt in bioscoop, yn: de Ljouwerter Krante, 6 july 2018, s. 25.
  22. Zagt, Ab, "Redbad" Grootste Flop Ooit in Nederland, yn: de Ljouwerter Krante, 24 july 2018, s. 6.