Drama (sjenre)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dramasearje)

In drama (fan it Grykske δράμα, "drama", "hanneling") is (yn 'e ingere sin) in film (dramafilm of filmdrama) of tillefyzjesearje (dramasearje) fan in sjenre fan ferheljende fiksje dat bedoeld is om earnstich fan toan te wêzen. Yn dy sin ûnderskiedt it him fan it sjenre fan 'e komeedzje (komeedzjefilm of komeedzjesearje), dat as doel hat om it publyk oan it laitsjen te meitsjen. Alle foarmen fan film en tillefyzje meitsje diel út fan drama yn 'e bredere sin, dat synonym is mei toanielspyljen. Yn 'e moderne tiid begûn men dy term lykwols te brûken foar in sjenre fan toanielstik dat noch komeedzje, noch trageedzje wie, en út dy betsjutting groeide it tsjintwurdige gebrûk fan drama yn 'e ingere sin.

Drama yn 'e ingere sin is lykwols ek noch in hiel breed mêd, dat by it medium film sokke ferskillende subsjenres omfiemet as aventoerefilm, histoaryske film, aksjefilm, oarlochsfilm, plysjefilm en western, en oangeande tillefyzje subsjenres as aksjesearje, detektivesearje, plysjesearje, histoaryske dramasearje, westernsearje, sikehûssearje en soapsearje. Minysearjes binne yn 'e regel ek dramasearjes. Fierders bestiet der in heal-om-healfoarm dy't drama mei komeedzje fermingt en oantsjut wurdt as komeedzjedrama.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.