Søren Malling
Søren Malling | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Søren Dyrberg Malling | |
nasjonaliteit | Deensk | |
berne | 3 febrewaris 1964 | |
berteplak | Kjellerup (Denemark) | |
etnisiteit | Deensk | |
reg. identiteit | Jutsk | |
jierren aktyf | 1992 – no | |
prizen | Lauritzen Award 2013 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Søren Malling (folút: Søren Dyrberg Malling; Kjellerup, 3 febrewaris 1964) is in Deensk akteur.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Malling waard yn 1964 berne yn it doarp Kjellerup, yn sintraal Jutlân. Hy folge in oplieding ta akteur oan 'e Skuespillerskolen yn Odense, dêr't er yn 1992 ôfstudearre.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Malling begûn syn karriêre as akteur op it toaniel. Fan 1997 ôf spile er yn in grut tal Deenske tillefyzjesearjes en fan 1998 ôf wied er ek te sjen yn in soad Deenske films. Hy briek yn syn heitelân yn 2007 troch mei syn rol as resjersjeur Jan Meyer yn 'e tillefyzjeskriller Forbrydelsen. Yn 2009 wurke er as stimakteur mei oan 'e tekenfilm Æblet & Ormen.
Ynternasjonaal rekke Malling bekend doe't er yn 2010 de rol fan Torben Friis fertolke yn 'e hitsearje Borgen. Yn 2013 ûntfong er de Lauritzen Award, in wichtige Deenske filmpriis. Yn 2014 rispe er mei de haadrol yn 'e searje 1864 sawol nasjonaal as ynternasjonaal in protte lof. Yn 2018 fertolke Malling de rol fan 'e (legindaryske) Deenske kening Wiglek yn 'e Nederlânske histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer Redbad, de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Malling is yn syn frije tiid in fanatyk tennisser. Hy is troud mei aktrise Petrine Agger, dy't yn Forbrydelsen de frou fan syn eigen personaazje spile. Ek yn Borgen wurken Malling en de frou gear.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|