Tennis

Ut Wikipedy
Goran Ivanisevic op Wimbledon 2004

Tennis is een symmetriske slachsport yn it fjild, foar twa spilers (inkeldspul) of fjouwer spilers (dûbelspul), dêr't in lytse bal mei rackets oer in net nei de side fan de tsjinstanders slein wurde moat. De sport is yn Ingelân fourtkaam út it hoftennis, en wurdt dêrom ta ûnderskied ek wol fjildtennis neamd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fjildtennis is nei alle gedachten útfûn troch Majoar Walter Clopton Wingfield, yn 1873. Wingfield woe hawwe dat er it spul betocht hie nei it foarbyld fan in âld Gryksk spul, en hy neamde it dan ek Sphairistiké (Gryksk foar "spyljen mei in bal"). Mar yn alle gefallen wie it spul in fariaasje op hoftennis, mei regels út it skwasj en it badminton, en dan bûtendoar spile. Fansels wie de namme gjin sukses, dat de spilers neamden it fjildtennis, en doe't it bekender waard as hoftennis waard it gewoan tennis. Yn 1874 frege Wingfield patint oan op syn útfining, om't it sa'n sukses wie, mar om't it allinnich om spulregels gong hat er neat mei syn patint dwaan kinnen.

Spulregels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

ôfmjittings fan in tennisfjild.

It fjild[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It fjild wurdt troch it net yn twa helten dield. Yn elts fan de helten binne tsjin it net oan twa fakken oanjûn. De grinzen fan de fakken, meast brede wite linen, hearre noch by de fakken dêr't se omhinne lizze. Sa is in bal pas bûten as dy sels de line net mear rekket.

De opslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst de spiler foarby de efterline stiet goait er de bal, meast omheech, en rekket er dy mei it racket. De bal mei dan it net net reitsje, mar moat yn it fak skean oan de oare kant de grûn reitsje. Slagget de opslach net, dan mei dy ien kear op 'e nij.

Spul[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As dat slagge is, spylje de spilers om bar de bal oer it net. De bal mei dan mar ien kear stuiterje eart se dy spylje, mar mei nei gâns de oare helte spile wurde. Dit giet troch oant de bal in kear net goed spile wurdt. De oare partij krijt dan in punt.

Punten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De punten wurde, om histoaryske reden, telt as fiftsjin, tritich, fjirtich, spul. It is net earder spul as dat der twa punten ferskil tusken de punten fan de twa partijen is, dat in spul kin langer trochgean. De fierdere punten wurde dan net mear apart telt, der wurdt allinnich byhâlden of it lykstân is, of foardiel foar ien fan beide partijen. Mei elts nij spul begjint ek de telling op 'e nij.

De earste dy't seis spullen hat, wint in set. Ek hjir moat it ferskil twa wêze. As der mar ien spul ferskil is, soe de set gewoan troch spile wurde moatte, mar meastal wurdt er dan as de stân wer gelyk komt in spesjaal lykstân-spul spile, dat wat langer duoret, mar dêr't dan ek daalks de set mei wûn wurde kin.

In wedstriid giet meast om trije sets. Dat wol sizze dat in partij twa sets winne moat om de wedstriid te winnen. Op in pear grutte toernooien spylje de manlju om fiif sets (der moatte dan trije sets wûn wurde om de wedstriid te winnen). It bart hast nea dat de froulju om fiif sets spylje.