Priis (ûnderskieding)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In priis is in ûnderskieding dy't men kriget foar in beskate prestaasje. Faak giet it der dêrby om wa't de bêste, fluchste of sterkste yn 'e iene of oare aktiviteit is, mar prizen wurde ek wol ferjûn foar oarsoartige prestaasjes. Dejinge dy't in priis takend kriget, wurdt ornaris oantsjut as de (priis)winner. As it om in sportwedstryd giet, kin ek sprutsen wurde fan in kampioen. Faak omfiemet in priis in taastber symboal fan 'e oerwinning, lykas in medalje, in beker, in krâns of in oarkunde. Faak is der oan in priis njonken it ymmateriële prestiizje en it taastbere bewiis boppedat in beskaat jildbedrach ferbûn.

By sportwedstriden is it wizânsje om 'e winner in goudene medalje te jaan, wylst dejinge dy't it twadde plak behelle hat, in sulverne medalje kriget en dejinge dy't it trêde plak behellet in brûnzene medalje. De heechste of wichtichste priis hjit by eltse gelegenheid de haadpriis. Foar in ferliezer is der by guon priisútrikkings in treastpriis of in earfolle fermelding. In oeuvrepriis wurdt ferjûn oan skriuwers en keunstners, net foar in spesifike prestaasje, mar foar harren hiele oeuvre. De winner fan in publykspriis wurdt útornearre troch it publyk, yn tsjinstelling ta de winner fan in sjuerypriis, dy't bepaald wurdt troch in faksjuery. In ûnderskieding is in priis yn 'e foarm fan in eareteken, dat troch in hegere autoriteit oan immen tawiisd wurdt fanwegen syn fertsjinsten of as earbetoan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.