Brûnzen medalje

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Brûnzene medalje)
Jump to navigation Jump to search
In brûnzene medalje fan 'e Olympyske Winterspullen 1980 yn Lake Placid.

In brûnzen(e) medalje is de op twa nei heechste medalje dy't útrikt wurdt foar in prestaasje op net-militêr mêd. Sokke ûnderskiedings binne benammen ferbûn mei de sport. De namme komt fuort út it feit dat sokke medaljes fan brûns makke binne en brûnskleurich binne.

By grutte sporteveneminten kriget de winner in goudene medalje, de twadde-plakhâlder kriget in sulverne medalje en dejinge dy't it trêde plak behellet, wurdt in brûnzene medalje oan útrikt. Dat is noch mar goed in iuw sa, want by de Olympyske Spullen fan 1896 krigen de winners noch in sulverne medalje. De goud-sulver-brûns-hierargy waard pas ynfierd op 'e Olympyske Spullen fan 1904 yn St. Louis. Neitiid waard dat systeem oernommen troch alle oare sporteveneminten

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.