Britte Lagcher

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Britte Lagcher
Filmklapper.png akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Britte Lagcher
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 5 juny 1989
berteplak Hilfertsom (Noard-Hollân)
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
www.brittelagcher.nl

Britte Lagcher (Hilfertsom, 5 juny 1989) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lagcher waard yn 1989 berne yn Hilfertsom. Hja studearre yn 2012 ôf oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle en Lytskeunstakademy. Sûnt hie se rollen yn ferskate tillefyzjesearjes, wêrûnder Ramses, Vier Meter, Van God Los en Prooi. Yn 2015 hie se in wichtige byrol yn it trêde seizoen fan 'e dramarige Overspel. Yn 2017 spile se yn 'e Videoland-searje Suspects, dy't hielendal sûnder senario opnommen waard.

Behalven op 'e tillefyzje wurket Lagcher ek geregeldwei mei oan films. Sa hie se yn 2018 in byrol yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske Fryske kening Redbad. Fierders is Lagcher ek te sjen yn toanielfoarstellings. Sa spile se ûnder har stúdzje by it toanielselskip Orkater. Sûnt 2013 is se ferbûn oan it Toneelschap Beumer & Drost.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: