Aus Greidanus sr.
Aus Greidanus sr. | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ausonius Greidanus | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 19 febrewaris 1950 | |
berteplak | Amsterdam | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1971 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Aus Greidanus sr. (folút: Ausonius Greidanus; Amsterdam, 19 febrewaris 1950) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur. Hy wurket út en troch ek as regisseur.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Greidanus waard yn 1950 berne yn Amsterdam, as de soan fan Aad Greidanus (1923-2005), in toanielskriuwer en mei-oprjochter en saaklik lieder fan toanielselskip De Appel, en dy syn frou Cornelia Petronella de Haan (1926-1998). Hy folge syn oplieding ta akteur oan De Teäterskoalle yn Amsterdam.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Greidanus makke yn 1971 syn debút by Toanielgroep De Appel. Fan 1975 ôf is er fêst ferbûn oan dat toanielselskip, dêr't er yn 1999 artistyk lieder fan waard. It grutste part fan syn karriêre brocht er troch op it toaniel.
Yn 1974 spile Greidanus mei yn 'e harkspulrige De Koperen Tuin, nei de roman mei deselde namme fan Simon Vestdijk. Op 'e tillefyzje wied er û.m. te sjen yn De Avonturen van Pa Pinkelman en Tante Pollewop (1976-1977) en yn Mahagonny (1981-1982), en letter yn in gastrol yn 'e plysjesearje Baantjer. Ek fertolke er de rol fan Pieter Menten yn 'e dramasearje De Zaak Menten, út 2016.
Op it wite doek wie Greidanus te sjen yn 'e spylfilm Hoge Hakken, Echte Liefde, út 1981. Yn 2018 hied er in lytse rol yn histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de histoaryske persoan fan Redbad, kening fan 'e Friezen. Njonken syn aktearkarriêre wurket Greidanus út en troch ek as regisseur; sa regissearre er yn 2003 de foarstelling Clowns, yn it ramt fan it Festival De Parade.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Greidanus syn earste frou wie aktrise Sacha Bulthuis (1948-2009), mei wa't er twa bern krige: in soan, akteur Aus Greidanus jr. (1975), en in dochter, aktrise Pauline Greidanus (1976). Syn earste houlik einige lykwols yn in skieding. Mei aktrise Martine de Moor krige Greidanus yn 1991 noch in soan, akteur Kay Greidanus. Yn 2005 wertroude Greidanus mei aktrise en regisseur Saskia Mees.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |