Gastrol

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In gastrol is de rol fan in personaazje dat mar yn ien ôflevering fan in tillefyzjesearje foarkomt. Sokke rollen wurde ferfolle troch akteurs of aktrises dy't net ta de fêste cast hearre. In synonym foar 'gastrol' is gastoptreden, en immen dy't in gastrol fertolket, wurdt ek wol in gastakteur neamd. Faak giet it dêrby om in bekende akteur of aktrise. Gastrollen kinne faak tige wichtich wêze foar de plot fan in ôflevering út in searje, benammen by plysjesearjes, dêr't de dieder en tsjûgen of oare belutsenen fan in ûndersocht misdriuw altyd troch gastakteurs spile wurde. In gastrol dy't yn mear as ien ôflevering fan in searje foarkomt, hjit in weromkearende rol.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.