Simon Vestdijk
Simon Vestdijk | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Simon Vestdijk | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 oktober 1898 | |
berteplak | Harns (Fryslân) | |
stoarn | 23 maart 1971 | |
stjerplak | Utert (Utert) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, poëzij, essay's, non-fiksje | |
perioade | 1e helte & midden 20e iuw | |
streaming | modernisme | |
bekendste wurk(en) |
De Koperen Tuin Terug tot Ina Damman De Kellner en de Levenden | |
prizen | P.C. Hooft-priis 1950 Constantijn Huygenspriis 1955 | |
jierren aktyf | 1917 – 1971 | |
offisjele webside | ||
www.svestdijk.nl |
Simon Vestdijk (Harns, 17 oktober 1898 – Utert, 23 maart 1971) wie in Nederlânsk skriuwer fan romans en koarte ferhalen, dichter, essayist, oersetter, muzykkritikus en dokter. Hy waard benammentlik bekend troch de roman De Koperen Tuin en de boeken fan 'e Anton Wachter-syklus, wêrûnder Terug tot Ina Damman. Syn útsûnderlik grut oeuvre bestiet út 24 dichtbondels, 33 essaybondels, 57 koarte ferhalen en novellen, 52 romans, 2 neilitten romanfragminten, publisearre briefkerijen, gâns oersettings en fierders hûnderten artikels yn kranten en tydskriften.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vestdijk waard yn 1898 berne as it ienlingsbern fan Simon Vestdijk sr. en dy syn frou Anne Mulder. Hy wie hikke en tein yn Harns, dat yn in stikmannich fan syn boeken weromkomt as "Lahringen". Nei't er de legere skoalle trochrûn hie, gied er yn Harns nei de HBS, dêr't syn heit, in strang man, gymnastyklearaar wie. Doe't er foar dy trijejierrige oplieding slagge wie, learde er fierder oan 'e Ryks-HBS te Ljouwert. Vestdijk koe op skoalle goed meikomme wat de learstof oanbelange, mar fûn net folle oansluting by syn klasgenoaten. Sûnt syn santjinde hied er geregeldwei lêst fan depressiviteit. Syn jonkheid yn Harns en Ljouwert beskreau er letter ûnder mear yn 'e Anton Wachter-syklus.
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan bern ôf oan útfanhûze Vestdijk geregeldwei by syn pake en beppe yn Amsterdam, dêr't er him yn 1917 oan 'e Universiteit fan Amsterdam ynskreau as studint yn 'e medisinen. Hy studearre dêr fan 1917 oant 1927, en it wie yn dy perioade dat er mei Jan Slauerhoff yn 'e kunde kaam, dy't doe deselde oplieding folge, en krekt as hy lid wie fan 'e Amsterdamske studinteferiening Unitas Studiosorum Amstelodamensium (USA).
Yn 1918 debutearre Vestdijk mei in essay fan oardel side, ûnder de titel Gestileerde Waarnemingen, yn it studinte-almenak fan 'e USA. Yn 1926 naam foar it earst in literêr tydskrift gedichten fan him op; yn De Vrije Bladen ferskynde Riem-zonder-eind en datselde jiers ek Zonsondergang. Yn deselde tiid tocht Vestdijk deroer om yn 'e muzyk troch te gean en naam er in healjier lessen yn harmony en kontrapunt. Yn 1927 died er dokterseksamen, wêrnei't er oant 1932 as dokter yn praktiken yn hiel Nederlân wurke. Noch altyd net wis fan syn ropping studearre er yn 1928 yn Leien in skoftke filosofy, mei as haadfak psychology. Ek hold er him dwaande mei astrology. Krekt as Slauerhoff wied er skipsdokter, al duorre dat mar koart. Nei 1932 wijde er him hielendal oan 'e literatuer.
Skriuwkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1932 makke Vestdijk syn offisjele debút as dichter mei de útjefte fan 'e bondel Verzen yn De Vrije Bladen. Beskiedend foar Vestdijks úteinlike kar foar de literatuer wie syn moeting yn 1932 mei Eddy Du Perron en Menno ter Braak. Dy moeting hie fan gefolgen dat er lid waard fan 'e redaksje fan it tydskrift Forum. Koart dêrnei, yn 1933, waard syn earste novelle, De Oubliette, útjûn. Itselde jiers skreau er Kind tussen Vier Vrouwen, dat, wegere troch de útjouwer, letter de basis foarmje soe foar de earste trije dielen fan 'e Anton Wachter-romans. As earste fan dy syklus waard yn 1934 Terug tot Ina Damman publisearre troch de útjouwerij Nijgh & Van Ditmar. Dy útjouwer en (sûnt 1946) útjouwerij De Bezige Bij soene oant it ferstjerren fan Vestdijk, yn 1971, syn hiele proaza-oeuvre publisearje.
Nei 1936 wenne Vestdijk gear mei Ans Koster-Zijp, oant har ferstjerren yn 1965. Fan febrewaris 1938 oant juny 1939 wie Vestdijk redakteur keunst en letteren fan 'e Nieuwe Rotterdamse Courant (NRC). Yn deselde perioade waard him de C.W. van der Hoogt-prijs takend foar syn roman Het Vijfde Zegel. Under de Twadde Wrâldoarloch waard Vestdijk fan 4 maaie 1942 oant ein febrewaris 1943 troch de Dútske besetters fêstholden as gizelder yn Sint-Michielsgestel en Skeveningen. Nei syn frijlitting rekke er in hoart yn in djippe depresje, en pas yn 1944 wied er safierhinne opknapt dat er wer begjinne koe te skriuwen.
Fan 1945 oant 1948 wie Vestdijk redaksjelid fan Centaur en kritikus foar Het Parool, en yn 1949 waard er redakteur fan it tydskrift Podium en meiwurker fan it Algemeen Handelsblad. Hy krige yn 1951 de P.C. Hooft-priis foar syn yn 1947 ferskynde roman De Vuuraanbidders. Yn 1955 waard er ferheft ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau en krige er de Constantijn Huygens-priis fan 'e Jan Campertstichting foar syn hiele oeuvre, dat op dat stuit sa'n 80 titels telde. It PEN-sintrum Nederlân droech him yn 1957 as earste Nederlanner foar de Nobelpriis foar de Literatuer foar, dy't him lykwols nea takend waard. Wol krige er yn 1964 fan 'e Ryksuniversiteit Grins in earedoktoraat yn 'e letteren.
Lêste jierren en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ferstjerren fan Ans Koster-Zijp, yn 1965, boaske Vestdijk mei Mieke van der Hoeven (1938-2018), mei wa't er op jierren noch in soan (1967) en in dochter (1969) krige. Yn 1968 waard by him de sykte fan Parkinson fêststeld. Op 20 maart 1971 waard him de Priis fan de Nederlânske Letteren takend, mar ear't er dy oannimme koe, ferstoar er op 23 maart yn 'e âlderdom fan 72 jier yn it Akademysk Sikehûs yn Utert. Vestdijk wie auteur fan likernôch 166 publisearre wurken (losse artikels yn kranten en tydskriften net meirekkene). Fanwegen dizze tige grutte produksje neamde de dichter Adriaan Roland Holst him "de man dy't hurder skriuwt as dat God lêze kin".
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjinregels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vestdijk achtte "glanzende beginregels" fan grut belang. De lêzer yn 'e boekwinkel woed er dêrmei oerhelje om syn boeken te keapjen. Inkele foarbylden:
- "Berlijn, 10 April '34. Natuurlijk: wanneer het met dat beven zoo doorgaat, dan komt er niets terecht van mijn plan." (Else Böhler, Duitsch Dienstmeisje)
- "Het had niet eens een portiek, zo plat was het." (Terug tot Ina Damman)
- "De gedaante in de hoek, waarmee Visser zich vreemd verbonden voelde, verrees langzaam en strompelde naar het rechter raam, éen arm achteruit, alsof ze zich op de lucht steunen wilde." (Meneer Visser's Hellevaart)
- "Hij werd gespeend zoals alle andere kinderen, op de gewone tijd." (Sint Sebastiaan)
- "Wanneer ik in een café zit, en vlak ertegenover is net zo'n café, dan voel ik me altijd een beetje onwennig." (Juffrouw Lot)
- "Aan de voetbalvereniging, waarvan zij tot laat in de avond een bestuursvergadering hadden bijgewoond, waren Tjalko Schokking en Henk Veenstra wel enigszins ontgroeid." (De kellner en de Levenden)
- "Onze stad staat dwars op de zee." (De Held van Temesa)
- "Het vroor toen ik er voor het eerst van hoorde." (Ierse Nachten)
- "Het eerste wat ik mij van W... herinner, waar even na mijn vijfde verjaardag mijn vader tot rechter was benoemd, is de warme voorzomermiddag, toen de bal van mijn broer over de ijzeren krullen van het balconhek vloog, de verlaten huiskamer in." (De Koperen Tuin)
- "Van de onmiddellijke omgeving van mijn ouderhuis, een bomberend voorhoofd boven het brokkelig gebit van een winkeltje, herinner ik mij zo goed als niets meer, hoewel ik er van kindsbeen af gespeeld moet hebben." (De Bruine Vriend)
Fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De foarste jiertallen yn 'e ûndersteande list hawwe betrekking op it jier, of de jierren, wêryn't it boek skreaun is; de twadde jiertallen jouwe it jier fan 'e earste publikaasje oan. AW = Anton Wachter-roman. De searje Anton Wachter-romans hat in sterk autobiografysk karakter.
- 1933 - 1972 - Kind tussen Vier Vrouwen
- 1934 - 1936 - Meneer Visser's Hellevaart
- 1934 - 1934 - Terug tot Ina Damman (AW 3)
- 1934/1935 - 1935 - Else Böhler, Duits Dienstmeisje
- 1936 - 1937 - Het Vijfde Zegel
- 1937 - 1938 - De Nadagen van Pilatus
- 1937 - 1939 - Sint Sebastiaan (AW 1)
- 1933/1937 - 1948 - Surrogaten voor Murk Tuinstra (AW 2)
- 1939 - 1941 - Aktaion onder de Sterren
- 1939 - 1940 - Rumeiland
- 1940 - 1940 - De Zwarte Ruiter
- 1933/1941 - 1949 - De Andere School (AW 4)
- 1942 - 1989 - De Aeolusharp (romanfragmint)
- 1942 - 1946 - Ierse Nachten
- 1944 - 1951 - Ivoren Wachters
- 1944 - 1947 - De Vuuraanbidders
- 1945 - 1948 - Pastorale 1943
- 1945 - 1947 - Puriteinen en Piraten
- 1946 - 1948 - De Redding van Fré Bolderhey
- 1947 - 1949 - Bevrijdingsfeest
- 1940/1948 - 1949 - De Kellner en de Levenden
- 1949 - 1950 - De Koperen Tuin
- Fryske oersetting: De Koperen Tún (fert. Jan de Jong, 1994)
- 1950 - 1951 - De Vijf Roeiers
- 1950/1951 - 1951 - De Dokter en het Lichte Meisje
- 1951 - 1952 - De Verminkte Apollo
- 1952 - 1952 - Op Afbetaling
- 1952 - 1953 - De schandalen
- 1956 - 1956 - Het Glinsterend Pantser
- 1956 - 1957 - De Beker van de Min (AW 5)
- 1957 - 1957 - Open Boek
- 1957 - 1958 - De Vrije Vogel en Zijn Kooien (AW 6)
- 1957 - 1958 - De Arme Heinrich
- 1958 - 1959 - De Rimpels van Esther Ornstein (AW 7)
- 1958 - 1959 - De Ziener
- 1958 - 1960 - De Laatste Kans (AW 8)
- 1959 - 1961 - De Filosoof en de Sluipmoordenaar
- 1959 - 1960 - Een Moderne Antonius
- 1960 - 1962 - De Held van Temesa
- 1960 - 1961 - Een Alpenroman
- 1962/1963 - 1963 - Bericht uit het Hiernamaals
- 1963 - 1964 - Het Genadeschot
- 1963 - 1965 - Juffrouw Lot
- 1964 - 1965 - Zo de Oude Zongen...
- 1964 - 1966 - De Onmogelijke Moord
- 1965 - 1966 - Het Spook en de Schaduw
- 1965 - 1967 - Een Huisbewaarder
- 1966 - 1967 - De Leeuw en Zijn Huid
- 1966 - 1968 - De Filmheld en het Gidsmeisje
- 1967 - 1968 - De Hôtelier Doet Niet Meer Mee
- 1967 - 1968 - Het Schandaal der Blauwbaarden
- 1968 - 1969 - Vijf Vadem Diep
- 1968 - 1969 - Het Verboden Bacchanaal
- 1969 - 1970 - Het Proces van Meester Eckhardt
- 1969 - 1973 - De Persconferentie (romanfragment)
Koarte Ferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1917 - 1983 - Gestileerde Waarnemingen
- 1917 - 1925 - 1982 - Zes Verhalen
- 1922 - 1981 - Het Dagboek van het Witte Bloedlichaampje
- 1922/1926 - 1981 - Negen Jeugdverhalen
- 1933/1934 - 1984 - Het Litteken
- 1933/1937 - 1982 - Blauwbaard en Reus
- 1935 - De Dood Betrapt, bundel
- 1935 - De Bruine Vriend, novelle
- 1938 - Narcissus op Vrijersvoeten
- 1939 - De Verdwenen Horlogemaker
- 1958 - Fantasia en Andere Verhalen
- 1974 - Verzamelde Verhalen
Poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1932 - Verzen
- 1933 - Berijmd Palet
- 1934 - Vrouwendienst
- 1936 - Kind van Stad en Land
- 1938 - Fabels met Kleurkrijt
- 1940 - Klimmende Legenden
- 1940 - Water in Zicht
- 1941 - De Vliegende Hollander
- 1941 - Simplicia
- 1942 - Het Geroofde Lam
- 1942 - Ascensus ad Inferos (mei Aug. Henkels)
- 1943 - De Terugkomst
- 1944 - De Houtdiefstal
- 1944 - De Doode Zwanen
- 1944 - Allegretto Innocente
- 1944 - De Uiterste Seconde
- 1946 - Mnemosyne in de Bergen
- 1948 - Thanatos aan Banden
- 1949 - Gestelsche Liederen
- 1950 - Swordplay – Wordplay (mei Adriaan Roland Holst)
- 1955 - Een op de Zeven
- 1956 - Rembrandt en de Engelen
- 1957 - Merlijn
- 1971 - Verzamelde Gedichten (besoarge troch Martin Hartkamp)
- 1986 - Nagelaten Gedichten (besoarge troch Tom van Deel e.o.)
- 1997 - Rondgang door het Jaar
- 1999 - Didactische Kwatrijnen
Non-fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Essays
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1937 - Kunstenaar en Oorlogspsychologie
- 1938 - Rilke als Barokkunstenaar
- 1939 - Lier en Lancet
- 1939 - Strijd en Vlucht op Papier
- 1940 - Albert Verwey en de Idee
- 1942 - Muiterij tegen het Etmaal (diel I)
- 1945 - Het Schuldprobleem bij Dostojewski
- 1945 - Brieven over Literatuur (mei Hendrik Marsman)
- 1946 - 1983 - Dichtkunst Als Magie
- 1946 - De Poolsche Ruiter
- 1947 - Het Eeuwige Telaat
- 1947 - Muiterij tegen het Eetmaal (diel II)
- 1947 - De Toekomst der Religie
- 1949 - Astrologie en Wetenschap
- 1950 - De Glanzende Kiemcel
- 1952 - Essays in Duodecimo
- 1956 - Zuiverende Kroniek
- 1956 - Keerpunten
- 1957 - Kunst en Droom
- 1957 - Marionettenspel met de Dood (mei Sem Dresden)
- 1960 - Voor en Na de Explosie
- 1961 - Gestalten tegenover Mij
- 1964 - De Zieke Mens in de Romanliteratuur
- 1965 - De Leugen Is Onze Moeder
- 1968 - Het Wezen van de Angst (skreaun as dissertaasje)
- 1968 - Gallische Facetten
Muzykessays
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1951 - Het 'Programma' in de Muziek (mei Herman Passchier)
- 1956 - Het Eerste en het Laatste
- 1957 - Keurtroepen van Euterpe
- 1958 - Het Kastje van Oma
- 1960 - De Dubbele Weegschaal
- 1960 - Gustav Mahler
- 1960 - Muziek in Blik
- 1962 - De Symfonieën van Jean Sibelius
- 1963 - Hoe Schrijft Men over Muziek?
- 1966 - De Symfonieën van Anton Bruckner
Brieven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2007 - Wij Zijn van Elkaar (Simon Vestijk & Henriëtte van Eyk; briefkerij út 1946-1947)
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1938 - C.W. van der Hoogtprijs foar Het Vijfde Zegel
- 1941 - Dr. Wijnaendts Francken-priis foar Albert Verwey en de Idee
- 1946 - Proazapriis fan de gemeente Amsterdam foar Pastorale 1943
- 1950 - P.C. Hooft-priis foar De Vuuraanbidders
- 1953 - Bysûndere priis fan de Jan Campert-stichting foar Essays in Duodecimo
- 1954 - Essaypriis fan de gemeente Amsterdam foar Essays in Duodecimo
- 1955 - Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre
- 1960 - Proazapriis fan de gemeente Amsterdam foar De Ziener
- 1964 - Priis foar Masterskip foar syn hiele oeuvre
- 1971 - Priis fan de Nederlânske Letteren foar syn hiele oeuvre
Biografen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurk en it libben fan Vestdijk binne troch ferskate biografen beskreaun. Nol Gregoor hat yn Simon Vestdijk en Lahringen benammen de Anton Wachter-romans ûntraffele. Hans Visser hat yn 1987 in earste kear besocht om Vestdijk yn syn hiele hear en fear te analysearjen yn Simon Vestdijk, een Schrijversleven; in projekt dêr't er yn 't earstoan by gearwurke mei Anne Wadman. Yn 2005 hat Wim Hazeu besocht in definitive Vestdijk-biografy gear te stallen: Vestdijk, een Biografie. Hugo Brandt Corstius en Maarten 't Hart werliezen de romans fan Vestdijk en joegen harren befinings wer yn Het Gebergte: De Tweeënvijftig Romans fan S. Vestdijk (1996). Yn Je Kunt Er Toch bij Blijven Zitten? (1983) bondele Rudi van der Paardt fyftich krityske besprekkings fan Vestdijk syn romans út 'e tiid dat dy publisearre waarden.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Erven Vestdijk
- (ned) Vestdijkkring
- (ned) Simon Vestdijk yn 'e Digitale Bibleteek fan 'e Nederlânske Letteren
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliografie (Secundaire literatuur), op dizze side. |
- Simon Vestdijk
- Frysk romanskriuwer
- Frysk koarte-ferhaleskriuwer
- Frysk dichter
- Frysk essayist
- Frysk oersetter
- Frysk muzykkritikus
- Frysk publisist
- Frysk sjoernalist
- Frysk kranteredakteur
- Frysk dokter
- Nederlânsk romanskriuwer
- Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Nederlânsk dichter
- Nederlânsk essayist
- Nederlânsk oersetter
- Nederlânsk muzykkritikus
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk sjoernalist
- Nederlânsk kranteredakteur
- Nederlânsk dokter
- Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne
- Persoan berne yn Harns
- Persoan berne yn 1898
- Persoan stoarn yn 1971