Anton Wachter
Appearance
Anton Wachter is ín romanfiguer fan de skriuwer Simon Vestdijk. It libben fan Anton is fêstlein yn acht romans dy't ta de kearn fan in grutte oeuvre fan Vestdijk hearre. De boeken hawwe in sterk autobiografysk karakter. De earste fjouwer dielen, mei as hichtepunt "Terug tot Ina Damman" spylje yn Lahringen wêrmei't sûnder mis Harns bedoeld wurdt, it plak dêr't Vestdijk hikke en tein wie. De lêste fjouwer dielen beskriuwe it libben fan de medisinestudint Vestdijk yn Amsterdam.
De Anton Wachter-syklus bestiet út:
- Sint Sebastiaan (1939)
- Surrogaten voor Murk Tuinstra (1948)
- Terug tot Ina Damman (1934)
- De Andere School (1949)
- De Beker van de Min (1956)
- De Vrije Vogel en Zijn Kooien (1957)
- De Rimpels van Esther Ornstein (1959)
- De Laatste Kans (1960)
Yn 1973 waard oan de Foarstrjitte yn Harns in byld fan Anton Wachter delsetten, makke troch Suze Boschma-Berkhout.