Adriaan Roland Holst
Adriaan Roland Holst (Amsterdam, 23 maaie 1888 - Bergen, 5 augustus 1976) wie in Nederlânsk dichter. Syn grutte oeuvre hat as skaaimerk de eigen, plechtige styl en in protte symbolyk.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Adriaan Roland Holst groeide op in It Goai. Hy gie nei de 'Hilversumse HBS' (de skoalle is no nei him ferneamd: A. Roland Holst College) en studearre fan 1908 oant 1911 Keltyske letteren oan de Universiteit fan Oxford. Al mei tweintich jier slagge it him om gedichten opnaam te krijen yn it literêre tydskrift De XXste Eeuw. 1911 ferskynde syn debút, de bondel Verzen. Yn de neifolgjende bondels, De belijdenis van de stilte en Voorbij de wegen, is syn eigen stim al folwoeksen wurden. De steatlike ferzen tsjûgje fan in romantysk langstme, fan mytology en fan ferheven iensumens. Deirdre en de zonen van Usnach (1920), dat yn de bibliofile rige Palladium ferskynde, is in poëtysk ferhaal dat yn in Keltyske wrâld spilet. It wurdt noch altyd lêzen.
Yn 1918 sette Roland Holst him yn Bergen nei wenjen. It hûs dêr't er wenne wurdt distiid om beurten bewenne troch ferkillende skriuwers en dichters. Hy hie tal fan literêre freonen, sa as Menno ter Braak, J.C. Bloem, E. du Perron, J. Slauerhoff, M. Vasalis en Victor van Vriesland.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1911 - Verzen
- 1913 - De belijdenis van de stilte
- 1920 - Deirdre en de zonen van Usnach
- 1920 - Voorbij de wegen
- 1925 - De afspraak
- 1925 - De wilde kim
- 1926 - Ex tenebris mundi: gedichten
- 1926 - Over den dichter Leopold
- 1928 - Het Elysisch verlangen (folge troch De zeetocht van Ban)
- 1928 - Shelley, een afscheid
- 1932 - Tusschen vuur en maan
- 1936 - De pooltocht der verbeelding
- 1936 - Voorteekens
- 1937 - Een winter aan zee
- 1938 - Uit zelfbehoud
- 1940 - In memoriam Charles Edgar du Perron en Menno ter Braak
- 1940 - Onderweg
- 1943 - Voor West-Europa
- 1945 - Een winterdageraad
- 1945 - Eigen achtergronden
- 1946 - In memoriam Herman Gorter
- 1946 - Sirenische kunst
- 1947 - De twee planeten
- 1947 - Tegen de wereld
- 1948 - In ballingschap
- 1948 - Van erts tot arend
- 1950 - Swordplay wordplay
- 1951 - De dood van Cuchulainn van Murhevna
- 1951 - Woest en moe
- 1957 - Bezielde dorpen
- 1958 - In gevaar
- 1960 - Omtrent de grens
- 1962 - Onder koude wolken
- 1963 - Onderhuids
- 1966 - Aan prinses Beatrix
- 1967 - Kort
- 1967 - Uitersten
- 1968 - Vuur in sneeuw
- 1970 - Met losse teugel
- 1971 - Verzamelde gedichten
- 1975 - In den verleden tijd
- 1976 - Voorlopig
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1927 - Priis fan Amsterdam foar De wilde kim
- 1938 - D.A. Thiemepriis foar Een winter aan zee
- 1945 - Fersetspriis foar letterkundigen foar Helena's inkeer
- 1948 - Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre
- 1955 - P.C. Hooft-priis foar Late telgen
- 1959 - Priis fan de Nederlânske Letteren foar syn hiele oeuvre
- 1961 - Poëzypriis fan de gemeente Amsterdam foar Omtrent de grens
- 1964 - Poëzypriis fan de gemeente Amsterdam foar Onderhuids
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan van der Vegt: A. Roland Holst, biografy; De Prom, Baarn, 2000
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Adriaan Roland Holst fan Wikimedia Commons. |