De Koperen Tún (roman)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Koperen Tún
oarspr. titel De Koperen Tuin
auteur Simon Vestdijk
taal Nederlânsk
foarm roman
1e publikaasje 1950, Amsterdam
oarspr. útjwr. Nijgh & Van Ditmar
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Koperen Tún
publikaasje 1994, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Fryslân
oersetter Jan de Jong
ISBN oers. 9 07 00 98 423

De Koperen Tún, yn it oarspronklike Nederlânsk: De Koperen Tuin, is in roman fan 'e hân fan 'e yn Harns bern Nederlânske skriuwer, dichter, essayist, oersetter, muzykkritikus en dokter Simon Vestdijk (1898-1971). It ferhaal, dat him ôfspilet yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw, giet oer jonkheid en leafde, en spilet yn in plak dat Vestdijk inkeld oantsjut as "W...", mar dêr't grif Ljouwert mei bedoeld is; de Prinsetún nimt yn it boek in wichtich plak yn. De Koperen Tuin waard foar it earst publisearre yn 1950, by útjouwerij Nijgh & Van Ditmar, en it ferhaal waard yn 1975 as earste roman fan Vestdijk ferfilme yn in tillefyzjesearje fan 'e NCRV, ûnder rezjy fan Bob Löwenstein, nei in senario fan Yvonne Keuls. De Fryske oersetting fan 'e roman, fan 'e hân fan Jan de Jong, ferskynde yn 1994.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nol Rieske is de soan fan in rjochter, dy't opgroeit yn W... Syn relaasje mei syn âldere broer Chris is striemin, mar mei syn mem kin er tige goed. Hja is in muzikale en kreaze frou, op wa har muzykjûnen oft altyd in protte manfolk ôfkomt. As Nol acht jier is, giet er op in kear mei syn mem nei de Koperen Tún ta, dêr't er djip ûnder de yndruk rekket fan 'e muzyk dy't dêr spile wurdt troch in orkest ûnder lieding fan dirigint Henri Cuperus. Hy komt der ek yn 'e kunde mei Cuperus syn dochter Trix, mei wa't er dûnset. Neitiid wol Nol beslist muzykles krije fan Cuperus.

Dyselde wurdt lykwols as dirigint ûntslein nei in mislearre útfiering fan Wagner syn Tannhauser, wêrnei't er inkeld noch as priveemuzyklearaar wurksum is. Ut en troch komt Nol Trix yn 'e stêd tsjin, gauris as hja fjochtet of fochten hat mei oare bern om't dy sein hawwe dat har heit altyd dronken is. Nei't er de faam fan 'e Rieskes tute hat, moat Cuperus opstappe as Nol syn muzyklearaar, en as dat útkomt, rekket er ek syn oare learlingen noch kwyt. Nol besiket him te helpen en kriget it foarinoar dat Cuperus ynhierd wurdt om 'e opera Carmen te dirigearjen, mar de útfiering dêrfan mislearret alhiel, dat Cuperus rekket op 'e nij syn wurk kwyt en siket soelaas yn 'e drank. Nettsjinsteande dat reitsje Nol en Trix fereale opinoar. Nol is dêr alhiel feringele mei, mar de deis nei't se inoar de leafde ferklearre hawwe, stjoert Trix him in brief wêryn't se útleit dat it tusken harren beiden neat wurde kin.

Simon Vestdijk mei syn âlden, yn 1917.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nol set útein mei in stúdzje, mar hy kin Trix net ferjitte, en skreaut har almar wer brieven. As syn mem him op in kear besiket, fertelt dy him lykwols dat Trix no yn 'e Sosiëteit fan 'e Tún wurket, en in ferhâlding hat mei in Vellinga. Dat is in grutte klap foar Nol, mar hy kin it spul net gewurde litte, en as er thús is, giet er mei syn heit út te iten yn 'e Sosiëteit. Dêr treft er yndie Trix, dy't him fertelt dat har heit, Cuperus, slim yn 'e minnichte is. Nol wol him graach besykje ear't er stjert, mar Trix stegeret him ôf, nei't letter bliken docht omdat se benaud is dat har heit Nol dingen oer har fertelle sil wêrfan't se net wol dat Nol se wit.

Trije jier letter komt Nol wer yn W.., om't syn mem slim siik rekke is. De nachts dat hja stjert, bedarret er wer yn 'e sosiëteit, dêr't er him bedrinkt. Hy treft Trix wer, dy't dêr tegearre mei Vellinga is. Vellinga bringt Nol dy nachts dronken thús, en fertelt him letter dat syn relaasje mei Trix neat foarstelde; hy hie har ferlaat, en sy hie it al rillegau útmakke. As Nol dêrmei nei Trix ta giet, bychtet dy op dat se ek noch wat hân hat mei trije oare manlju (dit wie de iere tweintichste iuw, doe't in "fatsoenlik" fanke soks net die). Nol reägearret jaloersk, mar freget har dochs om mei him te trouwen, om't er noch altyd fan har hâldt. Sy freget him om 'e nachts by har te bliuwen, en seit dat se him moarn har antwurd jaan sil, mar Nol kiest der ynstee foar om nei hûs ta te gean en de oare deis wer te kommen. As er weromkomt, fertelt Trix har muoike him lykwols dat hja har dy nachts tekoart dien hat. Nol fielt him dan tige skuldich, en siket stipe by syn freonen. Letter giet er, syn rie te'n ein, nei de Tún, mar dy eaget him no swart en ferwile ta.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Koperen Tuin waard yn 1994 ûnder de titel De Koperen Tún yn it Frysk oerset troch Jan de Jong, dy't ek oare wurken út it Nederlânsk nei it Frysk ta oerbrocht hat, lykas Oarlochswinter, fan Jan Terlouw, Krústocht yn Spikerbroek, fan Thea Beckman, en Styfmem Ierde, fan Theun de Vries. De 272 siden tellende fertaling De Koperen Tún waard útbrocht by Utjouwerij Fryslân, te Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vestdijk, Simon, De Koperen Tún (oers. Jan de Jong), Ljouwert, 1994 (Utjouwerij Fryslân), ISBN 9 07 00 98 423.