Springe nei ynhâld

Jan Terlouw

Ut Wikipedy
Jan Terlouw
politikus
echte namme Jan Cornelis Terlouw
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 15 novimber 1931
berteplak Kamperveen (Oerisel)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
partij D66
Lid fan de Earste Keamer
amtsperioade 19992003
Kommissaris fan de Keninginne yn Gelderlân
amtsperioade 19911996
foargonger Ad Oele
opfolger Jan Kamminga
Fise-premier fan Nederlân
amtsperioade 19811982
Nederlânsk minister fan Ekonomyske Saken
amtsperioade 19811982
foargonger Gijs van Aardenne
opfolger Gijs van Aardenne
Lid fan de Twadde Keamer
amtsperioade 19711981
Lid fan de gemeenterie fan Utert
amtsperioade 19701971
Jan Terlouw
skriuwer
wurk
taal Nederlânsk
sjenre berneboeken
bekendste
  wurk(en)
Koning van Katoren
Oorlogswinter
Briefgeheim
prizen 2x Gouden Griffel
jierren aktyf 1970 – no
offisjele webside
gjint

Jan Cornelis Terlouw (Kamperveen, 15 novimber 1931) is in Nederlânsk natuerkundige, skriuwer en earder politikus foar Demokraten 66 (D66). Terlouw wie oant har ferstjerren yn 2017 troud mei Alexandra van Hulst. It pear krige fjouwer bern.

Terlouw waard grut yn de Feluwske doarpen Garderen en Wezep, dêr't syn heit Grifformearde Bûns-predikant wie.

Stúdzje en natuerkundige

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1948 sette er útein mei de stúdzje wis- en natuerkunde oan de Ryksuniversiteit Utert; yn 1956 helle er it doktoraaleksamen. Nei syn stúdzje die er trettjin jier lang wittenskiplik ûndersyk. Terlouw promovearre yn 1964 op ûndersyk nei kearnfúzje oan it FOM-Ynstitút foar Plasmafysika Rijnhuizen.

Nei jierren ûndersyk dien te hawwen waard er berneboekeskriuwer en politikus. Yn 1970 debutearre er as skriuwer mei 'Pjotr' en 'Oom Willibrord'; en waard er gemeenteriedslid. Yn 1971 kaam er al foar D66 yn de Twadde Keamer. Twa jier letter waard er fraksjefoarsitter. Mei him oan it roer kaam D66 út de nederklits, de partij helle yn 1981 in grutte ferkiezingsoerwinning. Terlouw waard minister fan Ekonomyske Saken en ficepremier yn it twadde - en tredde kabinet-Van Agt. It lêste kabinet wie it gau mei dien. Dat er by de formaasje tajoech oan Joop den Uyl as minister fan Sosjale Saken beskôge Terlouw letter as "de grutste flater fan myn politike wurkpaad".

Nei it ferliezen fan de ferkiezings yn 1982 gie er út de polityk. Hy gong yn 1983 yn Parys oan it wurk, as sekretaris-generaal fan de Konferinsje fan Europeeske transportministers. Yn 1991 wwaard er beneamd as ta Kommissaris fan de Keninginne yn Gelderlân. Ein 1996 gong er mei pensjoen om yn 1999 senator yn de Earste Keamer te wurden.

Terlouw is in warber foarfjochter fan minske- en bisterjochten en wie ambassadeur fan Stichting Varkens in Nood.

Jan Terlouw betocht altyd al ferhalen foar syn bern; syn frou Alexandra van Hulst kaam op it idee om dy te publisearjen. Syn eerste boek wie Pjotr yn 1970.

Terlouw hat benammen jeugdliteratuer makke; moderne problemen sa as it miljeu, de polityk of de skiednis komme dêryn foarby. Ek klinkt yn syn boeken it boadskip fan demokrasy, it frije wurd it liberalisme en anti-ekstremisme troch. Dizze ûnderwerpen wurde fan mear as ien kant beljochte eardat in beslút naam wurdt of opfetting jûn wurdt. Syn haadpersoanen binne faak fernimstige jongelju, dy't op in orizjinele manier mei dy swierrichheden omgeane. De jongerein wurdt leard om kritysk te wêzen. Faak is der ien dy't it ferkearde paad op giet , mar dy't oan de ein fan it ferhaal ta beslút komt dat kritysk tinke dochs wichtich is. De boeken fan Jan Terlouw binne faak werprinte, hawwe prizen krige en binne oerset yn in protte talen, sels yn it Welsk en it Yslânsk.

Sûnt 2006 skriuwt Terlouw guon boeken tegearre mei syn dochter Sanne. Dit binne in soarte fan detectives om in heit en dochter hinne dy't tegearre moarden oplosse. It tredde boek ferskynde earst as fúljeton yn de Wegenerkranten. It is de hjitting dat hja in triller op priemmen hawwe.

De Fryske oersetting fan Koning van Katoren.
  • 1970 Pjotr; Vrijwillig verbannen naar Siberië
  • 1970 Oom Willibrord
  • 1971 Bij ons in Caddum
  • 1971 Koning van Katoren
  • 1972 Oorlogswinter
  • 1973 Briefgeheim
  • 1974 De heks van IJsselstein
  • 1975 De nieuwe trapeze; in rige ferhalen en gedichten foar de basisskoalle
  • 1976 Oosterschelde; Windkracht 10
  • 1977 Pjotr; Vrijwillig verbannen naar Siberië (Utjûn troch Lemniscaat)
  • 1978 De derde kamer
  • 1983 De kloof
  • 1983 Naar zeventien zetels en terug; politiek dagboek; 9 maart 1981 - 5 novimber 1982
  • 1986 Gevangenis met een open deur
  • 1989 De kunstrijder
  • 1993 De uitdaging en andere verhalen
  • 1998 Eigen rechter
  • 2005 Herfstdagboek
  • 2006 De Charmeur (mei Sanne Terlouw)
  • 2007 Zoektocht in Katoren
  • 2007 Venijn (mei Sanne Terlouw)
  • 2008 De Apotheker (mei Sanne Terlouw)
  • 2009 De Blauwe Tweeling (mei Sanne Terlouw)
  • 2010 De Vuurtoren (mei Sanne Terlouw)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Terlouw fan Wikimedia Commons.