Springe nei ynhâld

Ytsje Steen

Ut Wikipedy
Ytsje Steen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ytsje Frederika Steen-Buwalda
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 april 1959
berteplak Seisbierrum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt oersetster, korrektrise
jierren aktyf ±1995 – no
reden
  bekendheid
oersetster fan berneboeken
bekendste
  wurk(en)
Kening fan Katoaren
Gesinsferpakking

Ytsje Steen (folút: Ytsje Frederika Steen-Buwalda; Seisbierrum, 21 april 1959) is in Frysk oersetster en korrektrise. Nei de legere skoalle gie hja nei it ateneum te Ljouwert (dêr't se û.m. eineksamen die yn Frysk), en letter folge se in siktarieel-administrative oplieding by Schoevers yn De Haach. Fan 1978 oant 1984 wie se wurksum op in notariskantoar yn Marrum. Se is troud mei Johan Steen, op 't heden (begjin 2013) ûnderwizer oan 'e legere skoalle te Lollum, en hat twa bern, Jorrit (1984) en Marije (1987). Steen wennet te Boalsert.

Nei't de bern wat âlder wurden wiene, woe se wol wer oan it wurk, mar dat woe mar min slagje. Steen fûn einlings in baan by de Afûk, dêr't se op freelance-basis oan 'e slach koe as oersetster en korrektrise. Dat wurk hat se sûnt mei in protte nocht dien. Om 2007 hinne sette se it bekende en bekroande berneboek Koning van Katoren fan Jan Terlouw oer yn it Frysk ûnder de titel Kening fan Katoaren. Yn 2010 ferskynde dy oersetting by Utjouwerij Elikser te Ljouwert.

Fierders kaam yn 2014 by deselde útjouwer it boek De Fjoerdiamant út, in oersetting troch Steen fan it berneboek De Vuurdiamant, fan skriuwster Marianna van Tuinen. Yn 2021 sette se it boek Schuldig fan Jennifer de Vries (en ghostwriter Caja Cazemier) oer yn it ramt fan it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo fan de AFUK, wêrnei't it útkaam ûnder de titel Skuldich.

Yn 2024 sette Steen it Boekewikegeskink fan 'e Nederlânske Boekewike oer nei it Frysk. It gie om 'e ferhalebondel Gesinsferpakking, oarspronklik yn it Nederlânsk útjûn as Gezinsverpakking en skreaun troch 'de Chabotten' (Bart Chabot, syn frou Yolanda en harren soannen Splinter en Storm).[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Post, Elisabeth, Chabot wiis mei Fryske ferzje, yn: de Ljouwerter Krante, 19 maart 2024, s. 29.