Springe nei ynhâld

Kening fan Katoaren

Ut Wikipedy
Kening fan Katoaren
algemiene gegevens
oarspr. titel Koning van Katoren
auteur Jan Terlouw
taal Nederlânsk
foarm roman
sjenre berneboek, mearke
1e publikaasje 1971, Rotterdam
oarspr. útjwr. Lemniscaat
prizen Gouden Griffel 1972
kodearring
ISBN 9 06 06 90 885
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Kening fan Katoaren
publikaasje 2010, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Ytsje Steen
ISBN oers. 978-9 08 95 42 373

Kening fan Katoaren, yn it oarspronklike Nederlânsk: Koning van Katoren, is in ferneamd berneboek fan 'e hân fan 'e Nederlânske natuerkundige, skriuwer en D66-politikus Jan Terlouw (1931). It is in fantasy-ferhaal of in modern mearke oer de santjinjierrige Stach, dy't sân opdrachten útfiere moat om kening fan it lân Katoaren te wurden. Mar der is in dûbele boaiem, want de swierrichheden dy't Stach oerwinne moat, binne deselden dy't ek ús wrâld dwers sitte. Koning van Katoren waard foar it earst publisearre yn 1971; Terlouw wûn der in Gouden Griffel mei. De Fryske oersetting fan Ytsje Steen waard útjûn yn 2010.

Yn 'e tiid dat it ferhaal spilet, wurdt it keninkryk Katoaren al santjin jier lang regearre troch in oligargy fan seis ministers. Dy hiene, nei de bernleaze dea fan 'e lêste kening, ûnthjitten om in nije kening fine te sillen, mar de macht befoel harren sa goed dat se net al te hurd sochten. Stach, dy't berne is op deseldichste nacht dat de âlde kening ferstoar, wit yn it regearingsbolwurk troch te kringen en freget de ministers dan wat men dwaan moat om kening fan Katoaren te wurden. De ministers binne poermâl oer sa'n brutalens en jouwe him sân skynber ûnmooglike opdrachten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Desibel moat er in ûnbidige swaarm fûgels, dy't mei-inoar sa'n leven meitsje dat de minsken der letterlik dôf fan wurde, sjen stil te krijen. Stach bringt mei lûdsprekkers in piipjend lûd fuort dat sa alderferskuorrendste heech is, dat de stimbannen fan 'e fûgels skuorre as se besykje dat te oerstimmen. Dêrnei is der einlik rêst en stilte. Yn Wapenfjild stiet in granaatapelbeam dêr't echte granaten oan groeie en dy't sadwaande libbensgefaarlik is. Stach rekket sels ek ferwûne, mar wurdt fereale op 'e tsjeppe boargemastersdochter Kim (en sy op him), wylst er oan it opbetterjen is. Hy ûntdekt dat de nuvere fruchtgroei feroarsake wurdt troch de krûddampen út 'e tichtbye wapenfabriken. Dêrop lit er dy in hoart stillizze, sadat er de no ûngefaarlike beam omkapje kin. Yn Smook húsmannet in draak om, dy't net inkeld gefaarlik is, mar de hiele krite dêr ek fersmoarget mei sweveldampen. Stach lit kadavers foltropje mei salpeter en houtskoal en lit se dan troch de draak opfrette. Yn it liif fan it meunster ferminge swevel, salpeter en houtskoal har ta buskrûd; Stach lit de draak dan mei in ljochtkûgel ûntploffe. Yn Uikûmene skeuvelje de tsjerken út harsels troch de omkriten en temoarzelje dêrby alles op harren paad. Stach syn oplossing is om alle lytse tsjerken nei inoar ta te lieden, sadat se ta ien grutte tsjerke gearfoege wurde kinne, dy't te lôch en te swier is om noch te skeuveljen.

Underwilens wurde de ministers troch Stach syn faasje wat senuweftich. Se beslute in opdracht yn te laskjen: opdracht 4a. Dy hâldt yn dat Stach fan 'e Sint-Aloïsiustsjerke ôf springe moat; Stach hie nammentlik yn in fraachpetear mei de nasjonale krante sein dat er dat nea dwaan soe om't syn heit fan dy tsjerke ôf deafallen wie. De befolking fan Katoaren fynt dit lykwols sa'n gemiene streek, dat der in grutte mannichte ferskynt fan minsken dy't allegear in kjessen meinommen hawwe. Dy lizze se ûnderoan de tsjerketoer, sadat Stach sûnder gefaar de sprong weagje kin.

Yn Ofsette-Rije hearsket in skriklike sykte dy't feroarsake wurdt troch en beskaat soarte langpoat dy't de lju op 'e noas byt. De slachoffers krije in grouwe en ôfsichtlike knobbenoas, en stjerre as dy iepenknapt. It genêsmiddel is inkeld bekend oan 'e dokters, mar dy binne sa djoer dat suver nimmen harren betelje kin. Stach ûntdekt dat it middel eins hiel ienfâldich is en dat de dokters de lju al withoelang bedonderje. Yn Ekilibrië hat men lêst fan in tsjoender, Pantaar, dy't eltse jûn by in oar hûs oan 'e doar komt om in ding dêr't de bewenners in sin by hawwe (wat men dêr in jelmis neamt) op te easkjen. Stach komt derefter dat Pantaar de stêd krekt besiket te behoedzjen foar ferneatiging troch eltse dei sa'n jelmis yn in magysk fjoer te smiten. As immen lykwols út frije wil himsels yn it fjoer smyt, sil it fjoer 100 kear 100.000 jier baarnen bliuwe. Stach beslút om himsels deryn te smiten, mar dan hâldt Pantaar him tsjin en springt de tsjoender der ynstee sels yn. Einlings en te'n lêsten is der noch de stoel fan Stellingwâld, dêr't inkeld in kening op sitten gean kin, mar allinne as seis heger pleatste lju him derop helpe. De seis ministers wegerje fansels en stek in hân út, mar de seis boargemasters fan 'e stêden dy't er holpen hat, helpe Stach op 'e stoel. Dêrmei wurdt er daliks kening. Hy trout mei Kim, dy't syn keninginne wurdt. De seis ministers wurde út harren amt ûntheft en krije no sels in stikmannich opdrachten taparte. De seis boargemasters wurde de nije ministers.

Koning van Katoren hat de folgjende prizen wûn:

Jan Terlouw.

Koning van Katoren is tsientallen keare bewurke foar toaniel en musikals. In autorisearre musikalferzje is yn it besit fan 'e Nederlânske Feriening Amateurteäter.

Op 5 desimber 2012 is de ferfilming fan Koning van Katoren mei deselde namme yn 'e Nederlânske bioskopen yn premiêre gien. Yn 'e film is it ferhaal ynkoarte; Stach kriget no fiif opdrachten ynstee fan sân en de folchoarder fan 'e oerbleaune opdrachten strykt likemin mei dy fan it boek. Fierders is Kim net, lykas yn it boek, in boargemastersdochter, mar in sjoernaliste, dy't Stach al fan it begjin ôf oan folget. Ek de ein fan it ferhaal is yn 'e film oars opboud.

Seisentritich jier nei de publikaasje fan Koning van Katoren, op 30 maaie 2007, ferskynde der fan Jan Terlouw in ferfolch, dat fan Zoektocht in Katoren hjit. It boek giet oer de geitehoeder Koss, dy't Katoaren, dêr't Stach dan al desennia lang op 'e troan sit, yngiet op 'e siik nei immen dy't as bern ûntfierd waard. Krekt as Koning van Katoren is it in maatskippijkritysk ferhaal.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Koning van Katoren ferskynde yn 2010 ûnder de titel Kening fan Katoaren by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Afûk-meiwurkster Ytsje Steen út Boalsert, dy't, neffens de webside fan Elikser, de oersetting om 2007 al makke hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.