Gouden Griffel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gouden Griffel
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
útrikt foar berneboeken
útrikt troch CPNB
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1971
offisjele webside
n.f.t.

De Gouden Griffel is in Nederlânske literatuerpriis dy't op jierlikse basis útrikt wurdt oan it as bêste beoardiele Nederlânsktalige berneboek fan it foargeande jier. Dizze priis waard yn 1971 ynsteld, en de útrikking derfan wurdt bewurkmastere troch de CPNB, as ûnderdiel fan 'e Nederlânske Berneboekewike. Oan 'e Gouden Griffel is in jildpriis fan wikseljende hichte ferbûn (€1500 in 2014).

Njonken de Gouden Griffel rikt deselde organisaasje tagelyk ek de Sulveren Griffel út (dêr't ek oersettings nei it Nederlânsk foar yn oanmerking komme) en it Gouden en it Sulveren Pinseel foar de bêst yllustrearre berneboeken. Sûnt 1997 besteane fierders ek de Gouden en de Sulveren Tút (Gouden en Zilveren Zoen), foar de bêste boeken foar tiners. Fan 1954 oant 1970 bestie der ek al in berneboekepriis, mar doe waard der mar ien inkeld berneboek bekroane, dat dan útroppen waard ta it Kinderboek van het Jaar.

Bekende berneboekeskriuwers dy't alris in Gouden Griffel wûn hawwe, binne û.m. Jan Terlouw, Paul Biegel, Jaap ter Haar, Guus Kuijer, Els Pelgrom, Annie M.G. Schmidt, Toon Tellegen en Willem Wilmink. Foar in list mei alle winners fan 'e Gouden Griffel, sjoch op dizze side, op 'e Nederlânske Wikipedy.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Voetnoten, op dizze side.