Toon Tellegen

Ut Wikipedy
Toon Tellegen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Antonius Otto
   Hermannus Tellegen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 novimber 1941
berteplak Brielle (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre jeugdliteratuer, poëzij,
lit. romans & koarte ferhalen,
toanielstikken, senario's
útjouwer Querido
prizen Gouden Griffel
Sulveren Griffel
Constantijn Huygens-priis 2007
jierren aktyf 1966 – no
offisjele webside
www.kjoek.nl/

Toon Tellegen (folút: Antonius Otto Hermannus Tellegen; Brielle, 18 novimber 1941) is in Nederlânsk skriuwer, dichter en dokter dy't benammen bekend is om syn berneboeken. Fral syn fabels oer bisten lykas de eamel, it iikhoarntsje, de oaljefant en de sprinkhoanne binne tige populêr en wurde ek in soad troch folwoeksenen lêzen fanwegen de fermaaklike en bizarre sitewaasjes en filosofyske djipgong.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tellegen waard yn 1941 berne yn Brielle (of De Bryl), yn it súdlike part fan 'e provinsje Súd-Hollân. Hy studearre genêskunde oan 'e Ryksuniversiteit Utert en fêstige him as hûsdokter yn Amsterdam, nei't er trije jier lang ûntwikkelingswurk yn Kenia dien hie.

Nei't er al in stikmannich jierren gedichten foar folwoeksenen skreaun hie, sette Tellegen útein mei it skriuwen fan ferhalen foar syn eigen bern. Yn 1984 ferskynde syn earste berneboek, mei as titel Er Ging Geen Dag Voorbij: Negenenveertig verhalen over de eekhoorn en de andere dieren. Yn it wurk fan Tellegen spylje bisten as de eamel, it iikhoarntsje, de oaljefant en de sprinkhoanne faak de haadrol. De ferhalen hawwe gauris in filosofysk karakter. Ferskate boeken fan Tellegen binne mei prizen bekroand.

Toon Tellegen skriuwt noch altyd en mei grutte regelmjittigens gedichten. Sa skreau er foar it keunstwurk Straatpoëzie Tuindorp Oostzaan it fers Als een Pijl uit een Onzekere Boog, dat ynspirearre waard troch de stjerrebylden. Njonken poëzij en proaza produsearret Tellegen ek toanielstikken, lykas Leven met een Onbekende: Toneelstuk voor Ria Eimers en Niemand Anders, dat er foar aktrise Ria Eimers skreau, en dat yn jannewaris 2008 yn premiêre gie yn it O.T. Theater yn Rotterdam.

Yn 2012 hie Tellegen in kameoroltsje as skriuwer yn 'e ferfilming fan syn eigen boek Mijn Avonturen door V. Swchwrm. Yn 2017 waarden 41 fan Tellegen syn moaiste ferhalen oerset yn it Frysk troch Anne Tjerk Popkema en útjûn troch Utjouwerij Regaad ûnder de titel Teltsjes fan Tellegen.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tellegen syn jeugdboeken en syn wurken foar folwoeksenen kinne faak mar dreech faninoar skaat wurde. In protte fan syn berneboeken mei bisteferhalen wurde ommers troch folwoeksenen lêzen en syn proaza en poëzij wurdt ek troch de jongerein wurdearre. De ûndersteande yndieling is makke op basis fan gegevens fan Utjouwerij Querido en de Keninklike Bibleteek yn De Haach.

Berneboeken / Jeugdliteratuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1984 – Er Ging Geen Dag Voorbij: Negenenveertig verhalen over de eekhoorn en de andere dieren
  • 1985 – "Ik Ga op Reis," Zei de Eekhoorn (beheinde oplaach fan 45 eksimplaren)
  • 1987 – Toen Niemand Iets te Doen Had
  • 1989 – Langzaam, Zo Snel Als Zij Konden
  • 1990 – Het Feest op de Maan
  • 1991 – Misschien Waren Zij Nergens
  • 1991 – Juffrouw Kachel
  • 1993 – Bijna Iedereen Kon Omvallen
  • 1993 – Jannes
  • 1994 – Mijn Vader
  • 1995 – De Verjaardag van de Eekhoorn
  • 1995 – Misschien Wisten Zij Alles: 214 verhalen over de eekhoorn en de andere dieren (befettet in cd dêr't Tellegen guon ferhalen op foarlêst)
  • 1996 – Brieven aan Niemand Anders
  • 1996 – De Ontdekking van de Honing
  • 1996 – De Verschrompeling van de Olifant
  • 1996 – Teunis
  • 1997 – Dokter Deter
  • 1998 – Mijn Avonturen door V. Swchwrm (berneboekewikekado)
  • 1998 – De Verjaardag van Alle Anderen
  • 1999 – De Genezing van de Krekel
  • 2000 – Ze Sliepen Nog
  • 2001 – Taartenboek
  • 2002 – Is Er Dan Niemand Boos?
  • 2004 – Plotseling Ging de Olifant Aan
  • 2005 – Midden in de Nacht
  • 2005 – Pikkuhenki
  • 2006 – De Eenzaamheid van de Egel
  • 2007 – Post voor Iedereen
  • 2007 – Dierenverhalen van Toon Tellegen & Het Wisselend Toonkwintet (hark-cd)
  • 2007 – Ik Zal Je Nooit Vergeten
  • 2007 – De Almacht van de Boktor
  • 2008 – Morgen Was het Feest
  • 2009 – Het Vertrek van de Mier
  • 2009 – Iedereen Was Er
  • 2009 – Maar Niet uit het Hart: Dierenverhalen over Afscheid
  • 2009 – Met Hart en Ziel: Dierenverhalen voor Elk Feest
  • 2009 – Een Hart onder de Riem: Dierenverhalen vol Troost
  • 2009 – Na aan het Hart: Dierenverhalen vol Vriendschap
  • 2009 – Beterschap: Dierenverhalen over Ziekte en Gezondheid
  • 2009 – Welterusten: Dierenverhalen over Slaap en Sluimer
  • 2009 – Goede Reis: Dierenverhalen over Vertrek en Aankomst
  • 2009 – Houd Moed: Dierenverhalen over Verdriet en Eenzaamheid
  • 2010 – Het Wezen van de Olifant
  • 2010 – Mano de Brandweerjongen
  • 2010 – Waar Is Mo?
  • 2010 – Als Feda Slaapt
  • 2010 – Wat Dansen We Heerlijk
  • 2011 – Het Geluk van de Sprinkhaan
  • 2013 – Het Lot van de Kikker
  • 2014 – Het Verlangen van de Egel
  • 2015 – De Tuin van de Walvis
  • 2015 – Heden Niet Jarig
  • 2017 – Teltsjes fan Tellegen: Alventritich Bisteferhalen (blomlêzing út Tellegen syn wurk, oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema)
  • 2017 – Wij Alleen
  • 2018 - Scherven brengen geluk. Dierenverhalen over vriendschap.
  • 2019 - De genezing van de krekel, mei yllustraasjes fan Gwen Stok, (byldroman)
  • 2020 - Ze wisten er meer van. Veel meer verhalen over de eekhoorn en de andere dieren

Proaza[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poëzij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1980 – De Zin van een Liguster
  • 1981 – De Aanzet tot een Web
  • 1982 – Beroemde Scherven
  • 1984 – De Andere Ridders
  • 1985 – Ik en Ik
  • 1987 – Mijn Winter
  • 1989 – In N. en Andere Gedichten
  • 1991 – Een Langzame Val
  • 1992 – Een Dansschool
  • 1994 – Tijger onder de Slakken
  • 1998 – Gewone Gedichten
  • 1996 – Als We Vlammen Waren
  • 1997 – Over Liefde en over Niets Anders
  • 1999 – Er Ligt een Appel op een Schaal (blomlêzing út Tellegen syn poëzij)
  • 2000 – Gedichten 1977-1999 (samle fersen)
  • 2000 – Kruis en Munt
  • 2001 – De Een en de Ander
  • 2001 – Een Man en een Engel (beheinde oplaach fan 399 eksimplaren)
  • 2002 – Alleen Liefde
  • 2002 – Wie A Zegt: Gedichten
  • 2004 – Minuscule Oorlogen (Niet met het Blote Oog Zichtbaar)
  • 2004 – Daar Zijn Woorden Voor (blomlêzing út Tellegen syn poëzij)
  • 2005 – ...m n o p q...
  • 2006 – Raafvogels
  • 2008 – Hemels en Vergeefs
  • 2009 – Stof dat als een Meisje
  • 2011 – Schrijver en Lezer
  • 2012 – De Optocht
  • 2014 – De Werkelijkheid
  • 2016 - Wonderbaarlijk buigt zich over water
  • 2018 - Glas tussen ons
  • 2019 - Een van ons zal omkijken – Zijn mooiste gedichten.
  • 2021 - Tot de winter er op volgt

Toaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1966 – Jimmy Walker
  • 1980 – Wespen
  • 2007 – Leven met een Onbekende
  • 2009 – Twee Oude Vrouwtjes
  • 2015 – Een Vorig Leven

Oar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar
1969 ANV-Visser Neerlandia-priis wûn n.f.t. Als Moeder Ergens Ziek van Is
1988 Gouden Griffel wûn n.f.t. Toen Niemand Iets te Doen Had
1990 Sulveren Griffel wûn n.f.t. Langzaam, Zo Snel Zij Konden
1992 Woutertje Pieterse Priis wûn n.f.t. Juffrouw Kachel
1993 Jan Campert-priis wûn n.f.t. Een Dansschool
1994 Gouden Griffel wûn n.f.t. Bijna Iedereen Kon Omvallen
Sulveren Griffel wûn n.f.t. Jannes
Woutertje Pieterse Priis wûn n.f.t. Bijna Iedereen Kon Omvallen
1997 Sulveren Griffel wûn n.f.t. Teunis
Theo Thijssenpriis wûn n.f.t. hiele oeuvre
1999 Sulveren Griffel wûn n.f.t. De Verjaardag van Alle Anderen
2000 De Gouden Ule Literatuerpriis wûn n.f.t. De Genezing van de Krekel
2007 Constantijn Huygens-priis wûn n.f.t. hiele oeuvre
2012 Popescu Prize wûn n.f.t. Raptors (Ingelske oersetting fan Raafvogels)
2015 Sulveren Palet wûn n.f.t. Is Er Dan Niemand Boos?
2016 Sulveren Griffel wûn bêste berneboek fan 6 jier ôf De Tuin van de Walvis

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.