CD

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Cd)
In CD fan it gongbere formaat

De CD (ek skreaun as cd), in ôfkoarting foar it Ingelske compact disc, of kompaktskiif is in optyske drager foar lûd, byld en it bewarjen fan in kompjûtergegevens.

It systeem fan de CD waard ûntwikkele foar bylddragers, mar de earste grutte tapassing wie as lûddrager. Yn in pear jier tiid waard de grammofoanplaat foar in grut part ferkrongen troch de CD. Fierder bouwend op dat sukses kamen de byld-CD en CD-rom út. De lêste waard wer ynhelle troch ien dêr't jo op skriuwe kinne. Dy CD-Rewrite jout jo krekt as de lytsere skyfkes de mooglikheid in soad kompjûtertriemmen fêst te lizzen. As it no om muzyk, byld of tekst giet, der is romte foar hûnderten Megabytes al gau sa'n 5 miljard bitten.

Yn it Frysk wie ek de namme lûddrager ûntstien, om't er earst allinne foar de werjefte fan muzyk brûkt waard. Der binne dan ek party minsken dy't efkes wat 'eigen' muzyk opsette ûnder it kompjûterjen. Wolle jo de muzyktriemmen fan in befeilige CD nei de fêsteskiif en dêrnei op in MP3-spiler sette, dan kinne jo dy CD rippe.

Gewoanwei hat in CD in diameter fan 120 mm. Der is lykwols ek in lytsere ferzje, de miny-CD, fan 80 mm en 21 minuten muzyk. De CD bestiet foar it grutste part út in transparante keunststof beskermlaach fan 1,2 mm. Dêrop leit in aluminium laach mei oan de kant fan de beskermlaach hiel lytse dobkes, net djipper as 125 nm. Oer de oare kant fan dy aluminiumlaach leit in hurde laklaach, dêr't faak tekst en ôfbylden op oanbrocht binne. De dobkes foarmje in 5,4 kilometer lange spiraal dy't fan it midden út ôftaasd wurdt mei in ljochtstriel.

By de yntroduksje fan in nije standert foar CD's is keazen foar de nije namme DVD.