Ferhaal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ferhalen)
Dizze side giet oer it ferhaal yn 'e sin fan in fertelling. Foar it literêre sjenre, sjoch: koart ferhaal.

In ferhaal, fertelling of teltsje is in rige mei-inoar yn ferbân steande foarfallen dy't wierbard of fiktyf fan aard binne, en dy't ornaris werjûn wurde as in opienfolging fan sprutsen of skreaune wurden en/of stille of bewegende bylden. De eigenskipswurdlike foarm fan 'ferhaal' is ferheljend. In ferhaal kin in stikmannich foarmen oannimme, dy't allegear beflapt wurde kinne yn 'e kategoryen fiksje en non-fiksje, wêrby't fiksje dan fierder útinoar falt yn proaza en poëzij. De ferminging fan fiksje en non-fiksje wurdt faction neamd.

Foarbylden fan non-fiksje binne autobiografyen, biografyen, taspraken, sjoernalistyk, skiedskriuwing en wittenskiplike boeken en artikels. By fiksje kin men op it mêd fan proaza tinke oan folksferhalen (anekdoates, leginden, mearkes, myten, moppen en sêgen) en literatuer (koarte ferhalen, novelles en romans), en op it mêd fan poëzij oan epyk en lyryk. De literatuer kin fierders ek opdield wurde yn ferskate sjenres, lykas chicklit, detektives, fantasy, horror, mainstream, romantyk, science fiction, thrillers en westerns.

Mûnlinge oerlevering wie de ierste metoade fan it fertellen en trochjaan fan ferhalen. Yn 'e jonkheid wurde by minsken ferhalen op didaktyske wize brûkt om harren it juste hâlden en dragen, kultuerhistoarysk besef en noarmen en wearden by te bringen. In sterk ferhaal is in teltsje dêr't tige ûnwierskynlike dingen yn barre. In ferhaal kin ek ûnderdiel útmeitsje fan in oar, grutter ferhaal. As it benammen om in ferhaal yn in ferhaal giet, wurdt it ferhaal dêr't dat yn nestele is, it ramtferhaal neamd.

De wize dêr't in ferhaal op ferteld wurdt, hjit it fertelperspektyf. As dat yn 'e earste persoan inkeltal ("ik") stiet, sprekt men fan it ik-perspektyf. As it yn 'e trêde persoan inkeltal ("hy" of "sy") stiet, is it in personeel perspektyf. Fierders bestiet ek it auktorieel perspektyf, wêrby't gebrûk makke wurdt fan in alwittende ferteller dy't sels bûten it ferhaal stiet. De tûke fan 'e wittenskip dy't him dwaande hâldt mei ûndersyk nei ferhalen is de narratology.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further reading, op dizze side.