Springe nei ynhâld

Faction

Ut Wikipedy

Faction is in gearlûking fan 'e Ingelske wurden fact ("feit") en fiction ("fiksje"). Der wurdt in literêr sjenre mei oantsjut, wêryn't wiere persoanen en foarfallen (non-fiksje) fermongen wurde mei betochte persoanen en foarfallen (fiksje). Ek komt it foar dat der inkeld wiere persoanen yn foarkomme, mar dat de petearen dêr't se oan dielnimme of de foarfallen dy't har oerkomme, betocht binne. Los dêrfan makket faction gebrûk fan deselde ferteltechniken as gewoane fiksje. As synonym foar faction wurdt wol ek wol de term non-fiksjeroman brûkt.

De roman In Cold Blood, út 1965, fan 'e Amerikaanske skriuwer Truman Capote, wurdt faak as it earste faction-wurk beskôge, mar de measte letterkundigen binne it deroer iens dat it sjenre eins weromgiet op Operación Massacre, út 1957, fan 'e Argentynske auteur Rodolfo Walsh. De ynfloeden dy't ta it ûntstean fan dit sjenre laat hawwe, geane lykwols folle fierder werom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.