Springe nei ynhâld

Folksferhaal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Folksferhalen)
Rikst fan it Oerd, de haadpersoan út in folkferhaal fan it Amelân.

In folksferhaal is in fertelling mei in ferheljende opbou (begjin, kearn, ein) en mei personaazjes dy't aktive ferrjochtings dogge. It foarnaamste kritearium is dat it mûnling oerlevere wurdt yn in beskaat fermidden. Dêrby docht it der net ta hoe âld oft it ferhaal eins is, wêr't it wei komt of oft it njonken de mûnlinge oerlevering ek in skreaune foarm hat. Folksferhalen hawwe har eigen plak yn tiid en romte, en litte har dêrby ornaris net folle gelegen lizze oan lâns- of taalgrinzen. Meastal falt net te efterheljen wêr't in folksferhaal syn oarsprong fynt en wa't it betocht hat. It is dêrom sa goed as altyd anonym, en it hat wol kâns dat it troch de tiid hinne stadichoan ta syn hjoeddeiske foarm evoluëarre is, mei't it by eltse fertelling in lyts bytsje feroaret. Ek dàt is in reden dat der by folksferhalen net ien betinker oan te wizen is.

'Folksferhaal' is in hiel breed begryp, dat fierder spesifisearre wurde kin yn in stikmannich sjenres. De wichtichsten dêrfan binne de anekdoate, de leginde, it mearke, de myte, de mop en de sêge. In anekdoate is in fermaaklike koarte fertelling, in mop is in koartswilich teltsje mei in punchline, en in sêge is in oerlevere ferhaal dat om in histoarysk wier barde kearn hinne groeid is. De leginde wurdt faak betize mei de sêge, benammen om't it eigenskipswurd 'legindarysk' faak mar raak brûkt wurdt, mar eins is it in ferhaal dat te krijen hat mei in hillige of in wûnderteken. In mearke is in didaktysk ferhaal foar bern, en in myte is in ferhaal oer de goadewrâld. It meast komme (yn Nederlân) anekdoates, moppen en sêgen foar. Hoewol't se yn 'e regel earder as folksferhaal identifisearre wurde, binne mearkes en leginden eins folle seldsumer. Myten binne yn Nederlân suver net oerlevere.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.