Chicklit

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Chicklit (in ôfkoarting foar it Ingelske chick literature, "literatuer foar mokkels") is in foarm fan sjenrefiksje dy't op humoristyske en lichthertige wize wichtige kwestjes behannelet oangeande de moderne frou. Dit sjenre waard populêr yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren, doe't chicklit-titels boppe-oan yn 'e bestsellerlisten stiene en útjouwerijen nije ymprints oprjochten om har eksklusyf op it útjaan fan wurken fan dit sjenre ta te lizzen.

Hoewol't chicklit soms romantyske eleminten omfiemet, kin it net as in direkte subkategory fan romantyske fiksje beskôge wurde, om't de relaasjes fan 'e froulike haadpersoan mei har freonen en famylje yn 'e regel like wichtich binne as har leafdeslibben. Bekende foarbylden fan chicklits binne Waiting to Exhale, fan Terry McMillan, en Flirting with Forty, fan Jane Porter (dy't beide ferfilme binne). Op 'e tillefyzje soe men fierders de bekende searje Sex and the City as in wjergader fan chicklit beskôgje kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.