Jane Porter (Amerikaansk skriuwster)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jane Porter
Livro preto.svg skriuwer
Jane Porter Romance Author (bysnien).jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne ±1965
berteplak Visalia (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre romantyske fiksje, chicklit
bekendste
  wurk(en)
Flirting with Forty
Take Me, Cowboy
útjouwer Berkley Books
Harlequin Books
Grand Central Publishing
Tule Publishing
prizen RITA Award 2014
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
janeporter.com

Jane Porter (pseudonym) (Visalia (Kalifornje), ±1965) is in Amerikaansk skriuwster fan romantyske fiksje en chicklit. Ferskaten fan har boeken binne bestsellers wurden, en der binne fan har wurk 12 miljoen eksimplaren oer de toanbank gien, yn 25 lannen en yn 20 ferskillende talen. Porter har roman Flirting with Forty waard ferfilme mei aktrise Heather Locklear yn 'e haadrol. Yn 2014 wûn Porter de prestizjeuze RITA Award foar har novelle Take Me, Cowboy.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, oplieding en wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Porter waard omtrint 1965 berne yn Visalia, yn 'e steat Kalifornje. Hja behelle in bachelorstitel oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA) yn Amerikaanske stúdzjes, en dêropta in masterstitel yn skriuwen oan 'e Universiteit fan San Fransisko. Foar't se úteinsette mei in karriêre as auteur wurke Porter as winkelbetsjinde en as leararesse Ingelsk oan 'e middelbere skoalle. Teffens wie se wurksum yn 'e marketingbrâns en wie se in hoart direktrise fan in non-profitorganisaasje.

Skriuwkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2000 ferkocht Porter har earste roman, The Italian Groom, in wurk fan romantyske fiksje, oan 'e útjouwerij Harlequin Books, dy't it boek yn 'e rin fan 2001 publisearre. Dêrby naam de skriuwster it pseudonym Jane Porter oan, mooglik nei de njoggentjinde-iuwske Ingelske skriuwster fan histoaryske romans mei deselde namme, mar wierskynlik nei de froulike haadpersoan yn 'e ferneamde roman Tarzan of the Apes, fan Edgar Rice Burroughs. Yn 2005 publisearre Porter har earste chicklit-roman, The Frog Prince, by Grand Central Publishing. Mei Flirting with Forty, dat in jier letter ek by Grand Central útkaam, wûn Porter de Romance Reviews Today Award foar bêste kontemporêne roman. Dat boek waard yn 2008 ûnder deselde titel ferfilme, mei aktrise Heather Locklear yn 'e haadrol.

Yn 2013 wûn Porter in Golden Leaf Award foar har roman The Good Daughter, dy't se úbrocht by Berkley Books. Datselde jiers rjochte hja in eigen útjouwerij op, mei as namme Tule Publishing, dêr't se û.m. har novelle Take Me, Cowboy by publisearre. Dat wurk waard yn 2014 troch de Romance Writers of America bekroane mei in RITA Award (de heechste Amerikaanske priis foar romantyske fiksje), yn 'e kategory bêste romantyske novelle. Behalven fiksje hat Porter tegearre mei Rebecca Lyles ek Writing the Bestseller skreaun, in gids dy't begjinnende auteurs oanwizings jout om in bestseller te skriuwen.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jane Porter wennet yn San Clemente, yn 'e steat Kalifornje. Hja is troud en hat trije soannen.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans en novelles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2001 – The Italian Groom
  • 2001 – Christos's Promise
  • 2002 – The Secret
  • 2002 – The Sheikh's Wife
  • The Galvan Brides-rige
    • 2003 – In Dante's Debt
    • 2003 – Lazaro's Revenge
    • 2003 – The Latin Lover's Secret Child
    • 2003 – The Spaniard's Passion
  • 2004 – Marco's Pride
  • Princess Brides-trilogy
    • 2004 – The Sultan's Bought Bride
    • 2004 – The Greek's Royal Mistress
    • 2004 – The Italian's Virgin Princess
  • 2005 – The Sheikh's Virgin
  • 2005 – The Frog Prince
  • 2005 – The Secretary's Seduction
  • 2005 – Taken By the Highest Bidder
  • 2005 – The Sicilian's Defiant Mistress
  • 2006 – The Sheikh's Disobedient Bride
  • 2006 – Flirting With Forty
  • 2006 – Hollywood Husband, Contract Wife
  • 2007 – At the Greek Boss's Bidding
  • Bellevue Wives-trilogy
    • 2007 – Odd Mom Out
    • 2008 – Mrs. Perfect
    • 2009 – Easy on the Eyes
  • The Desert Kings-trilogy
    • 2008 – The Sheikh's Chosen Queen
    • 2008 – King Of The Desert, Captive Bride
    • 2009 – Duty, Desire and the Desert King
  • 2010 – She's Gone Country
  • 2011 – A Dark Sicilian Secret
  • A Royal Scandal-duology
    • 2012 – Not Fit for a King?
    • 2012 – His Majesty's Mistake
  • Brennan Sisters-trilogy
    • 2012 – The Good Woman
    • 2013 – The Good Daughter
    • 2013 – The Good Wife
  • 2013 – Be Mine, Cowboy (yn 'e blomlêzing My Cowboy Valentine)
  • 2013 – Take Me, Cowboy
  • Taming of the Sheenans-trilogy
    • 2013 – Christmas at Copper Mountain
    • 2014 – Beauty's Kiss
    • 2014 – The Kidnapped Christmas Bride
  • The Disgraced Copelands-duology
    • 2013 – The Fallen Greek Bride
    • 2015 – His Defiant Desert Queen
  • 2015 – It's You

Koarte ferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2006 – The Italian’s Blackmailed Bride (yn 'e blomlêzing One Christmas Night)
  • 2007 – Mistaken for a Mistress
  • 2011 – One Christmas Night in Venice (yn 'e blomlêzing Mistletoe Wishes)

=Non-fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2014 – Writing The Bestseller: Romantic And Commercial Fiction (mei Rebecca Lyles)

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2006 Romance Reviews Today Award wûn bêste kontemporêne roman Flirting with Forty
2013 Golden Leaf Award wûn bêste roman mei romantyske eleminten The Good Daughter
2014 RITA Award wûn bêste romantyske novelle Take Me, Cowboy

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.