Springe nei ynhâld

Heather Locklear

Ut Wikipedy
Heather Locklear
akteur
Heather Locklear yn 1993
Heather Locklear yn 1993
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHeather Deen Locklear
nasjonaliteitflagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne25 septimber 1961
jierren aktyf1979 - no
offisjele webside
Heather Locklear yn de IMDb
Locklear mei Sambora

Heather Locklear (Westwood (Kalifornje), 25 septimber 1961) is in Amerikaansk aktrise.

Heather is in dochter fan Bill en Diane Locklear. Har heit wurke oan de Universiteit fan Kalifornje - Los Angeles, dêr't Heather kolleezje rûn oant sy har stúdzje ferruile foar in karriêre as aktrise. Al yn har stúdzjetiid wurke sy as model en die hja mei oan reklamefilmkes.

Locklear waard fral ferneamd troch har rollen yn de telefyzjerigen Dynasty, Spin City en Melrose Place. Yn Dynasty spile hja Sammy Jo, yn Spin City wie se Caitlin Moore, de kampanjemanager fan de boargemaster fan New York en yn de rige Melrose Place spile sy Amanda Woodward; foar de lêste rol krige hja de 'Bêste aktrise yn in telefyzjerige priis'.

Sjochsiferkanon

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It falt op dat Heather Locklear twaris ynset is om sjochsifers omheech te krijen. Dat wie it gefal by sawol Dynasty as Melrose Place. Fral fan Melrose Place gie de sjochtichtens bot omheech, doe't Locklear as Amanda Woodward yn de rige kaam.

Locklear hie koarte relaasjes mei Tom Cruise en Scott Baio yn de iere jierren '80.
Dêrnei troude hja mei de drummer fan Mötley Crüe, Tommy Lee (1986 oant en mei 1993). Yn desimber 1994 boaske se fannijs mei Richie Sambora, gitarist fan Bon Jovi. Op 4 oktober 1997 krigen sy in dochter, Ava Sambora. Op 3 febrewaris 2006 kundigen sy har skieding oan, dy't in soad omtinken yn de media krige.

Febrewaris 2007 waard har leafde foar bêste freon en eks-kollega, akteur Jack Wagner, buorkundich makke. Wagner en Locklear krigen kunde oan elkoar op de set fan de populêre jierren '90 searje, Melrose Place yn 1992. Yn de rige trouden sy ek.
Hoewol't der neffens it pear sprake wie fan in nauwe freonskip, duorre it oant yn 2007 dat Locklear en Wagner in ferhâlding krigene.

Op 14 augustus 2011 kundigen Heather en Jack offisjeel har ferloving oan.

Jier Titel Rol
1984 Firestarter Victoria 'Vicky' Tomlinson McGee
1989 The Return of Swamp Thing Abby Arcane
1991 The Big Slice Tanya
1993 Wayne's World 2 Herself (cameo)
1996 The First Wives Club Sharon (cameo)
1997 Double Tap Agent Katherine Hanson
Money Talks Grace Cipriani
2003 Looney Tunes Back in Action Dusty Tails
Uptown Girls Roma Schleine
2005 The Perfect Man Jean Hamilton
2006 Oranges Irene
2008 Flirting with Forty Jackie Laurens
2009 Flying By Pamela
Jier Titel Rol
1979Tales of the UnexpectedPat Ward
1980CHiPsTsiender
1981 240-RobertJean
Eight is EnoughIngrid
The Return of the Beverly HillbilliesHeather (uncredited)
TwirlCherie Sanders
1981–1989DynastySammy Jo Carrington
1982 The Fall GuyJune Edwards
Fantasy IslandLorraine Wentworth
Matt HoustonCindy McNichol
1982–1986T.J. HookerOfsier Stacy Sheridan
1983 HotelMiranda Harding
The Love BoatPatti Samuels
The Fall GuyPaige Connally
1984City KillerAndrea McKnight
1988Rock 'n' Roll MomDarcy X
1990 Jury Duty: The ComedyRita Burwald
Rich Men, Single WomenTori
1990–1991Going PlacesAlexandra "Alex Burton
1991 Dynasty: The ReunionSammy Jo Carrington
Her Wicked WaysMelody Shepard
1992 Batman: The Animated SeriesLisa Clark (stim)
Body LanguageBetsy
Highway HeartbreakerAlex
IllusionsJan Sanderson
1993–1999Melrose PlaceAmanda Woodward
1993Fade to BlackVictoria
1995Texas JusticePriscilla Davis
1996Shattered MindSuzy/Bonnie/Ginger/Victoria/D.J.
1997Muppets TonightHarsels (gastrol)
1999–2002Spin CityCaitlin Moore
2000King of the HillPeggy Donovan (stim)
2002 Ally McBealNicole Naples
ScrubsJulie Keaton
2003Once Around the Park (pilot)Alex Wingfield
2004Two and a Half MenLaura Lang
2004–2005LAXHarley Random
2005 Boston LegalKelly Nolan
2006Women of a Certain Age (pilot)Barb
2007 Angels FallReese Gilmore
Hannah MontanaHeather Truscott
Rules of EngagementBarbara
See Jayne Run (pilot)Jayne Doherty
2009–2010Melrose PlaceAmanda Woodward
2011He Loves MeLaura
2012–2013Hot in ClevelandChloe
2013Franklin & BashRachel King
2016The Game of LoveFrankie
2016–2017Too Close to HomeThe First Lady
2017Fresh Off the BoatSarah
2021Don't Sweat The Small Stuff: The Kristine Carlson StoryKristine Carlson

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]