Willem Wilmink

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Willem Wilmink
©Sjaak Ramakers

Willem Andries Wilmink (Ynskedee, 25 oktober 1936 - dêre, 2 augustus 2003) wie in Twintske dichter, skriuwer en sjonger.

Jeugd en stúdzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wilmink waard yn 1936 berne oan de Javastrjitte yn Ynskedee yn in sosjalistyske húshâlding. Syn heit wie prokuraasjehâlder yn de tekstyl. Yn 1954 helle er syn gymnasiumeksamen, wêrnei't er Nederlânsk studearre oan de Universiteit fan Amsterdam. Neidat er syn kandidaatsbewiis hie studearre er Skiednis. Wyls skreau er syn earste gedichtn al. Hy brocht syn wurk út yn de "Almanak van de vereniging USA" en skreau tekssten foar it studintetoaniel "La Pie Qui Chante" (De Sjongende Akster). Yn 1960, it lêste stúdzjejier, waard hy learaar oaan it Vossius Gymnasium yn Amsterdam.

Learaar en wittenskipsman[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1961 - 1978 joech er les yn Moderne Letterkeunde oan it Instituut voor Neerlandistiek fan de Universiteit fan Amsterdam. Hy hie dêr yn syn jeugd trekzakles hân, en trede dêrmei op by de feestjûnen fabn syn fakgroep, wêrby't hy jankfodden song, of bewurkings fan Midsiuwske lieten. Hy sette "Beatrys" om fan it Midden-Hollânsk nei it Moderne Hollânsk. Yn 1988 promovearre hy oan de Katolieke Universiteit Brabân mei in stik oer it dichwurk fan Hendrik de Vries. Fieders stie er bekend om syn wurk as literatueroersetter, mei ûnder mear wurk fan Emily Dickinson en W.H. Auden. Mei help fan oare Nederlânsk-gelearden sette er it bekende ferhaal fan de Ierske hilligen Brendaan om. Hy skreau in tal beskôgings oer de Midsiuwen, die mei oan de bondel mei as namme Mijn Middeleeuwen. Ek skreau hy skiedkundige artikels oer kattedrollen, en de skiednis en komôf fan it Belgyske bier.

Skriuwwurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Don Quishocking yn 1974. Links Wilmink

Sûnt 1965 skreau er gedichten, opstellen, lietsjes en ferhalen foar de literatuerblêden "Tirade", "Maatstaf" en "De Revisor". Yn 1966 begûn syn literatuerrinbaan mei "Brief van een Verkademeisje". Fan 1968 - 1970 wie er dichtkeunstkritikus foar deiblêd "De Tijd" en fan 1971 - 1977 wie er redakteur fan it blêd "Spektator".

Mei Hans Dorrestijn, Karel Eykman, Ries Moonen, Fetze Pijlman en Jan Riem foarme hy yn 1970 de groep dy't skreau foar ferskate telefyzjeprogrammas lykas "Het Klokhuis", "De Film van Ome Willem", "Sesamstraat", "J.J. De Bom voorheen De Kindervriend" en "Kinderen voor kinderen". Ek skreau er folle foar musicals. Yn 1978 rjochte er him folslein op it skriuwen fan teksten en hy sette him ta wenjen yn Kapelle oan de Isel. Oant syn dea skreau Wilmink op in typmasine want fan de kompjûter woe er neat witte. Sûnt 1979 joech er ek in tal jierren les oan de Lytskeunstakademy fan Amsterdam

Optreden en lietsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei syn begeliedingsgroep Quasimodo trede er yn de 90er jierren op wêrby't er trekzak spile. Syn lietsjes binne in soad brûkt troch oaren, lykas Herman van Veen (Hilversum 3, De bom valt nooit), Wieteke van Dort (Arm Den Haag), Joost Prinsen (Frekie) en kabaretgroep Don Quishocking (De Oude School)". Harry Bannink en Frank Deiman hat by in soad fan syn teksten muzyk betocht.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wilmink hat in soad Berneboeken skreaun. Earder skreau er mear foar folwoesenen, mar rjochte him letter mear op bern. Hy skreau gedichten en ferhalen foar folwoeksenen en foar bern, teksten foar kabaret en telefyzje, nen koers oawer wo a'j gedichtn skriewn munn, bewurkings fan âlde teksten lykas De reaize van Sunte-Brendaan út de 12e iuw, en hy ferklearre it Wilhelmus. Sette ferskate teksten, gedichten en boeken om út it Dútsk, Ingelsk, Frânsk en it Súd-Afrikaansk.

Twinte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wilmink wie tige wiis mei Twinte. Hy is dêr hikke en tein en ek ferstoarn. Lange tiid hâlde er ek yn Hollân ta, mar op lettere leeftiid wie er graach werom. Hy begûn ek yn it Twintske te skriuwen. Yn it kupersdieks, sa't er it sels neamde. Dy waarden letter bondele yn it wurk Heftan tattat! (24 gedichtn yn it Stedsdialekt):

Op nen dag
Op nen dag dreenk iej gin Grolsch mear...
loop iej nich mear deur de stad.
Al oew' wille en al oew hartzear
he'j dan had.

Stichting Willem Wilmink Festival[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2008 is de Stichting Willem Wilmink Festival oprjochte. Dizze stichting organisearet fan 2009 ôf it Willem Wilmink Festival en rikt sûnt 2010 de Willem Wilminkpriis út, in priis foar it bêste berneliet. De earste edysje fan de priis is wûn troch tekstskriuwer Ted van Lieshout mei it liet Opa.

Oersjoch fan syn wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Proaza

  • 1971 Over cabaret (IVIO)
  • 1972 Een vreemde tijger en andere gedichten (Aarts / 2e printinge 1978)
  • 1972 Zeven liedjes voor een piek (Aarts)
  • 1973 Dat overkomt iedereen wel : twintig liedjes voor kinderen (Aarts)
  • 1975 Visite uit de Hemel : liedjes voor kinderen (Aarts)
  • 1975 Berichten voor bezorgde kinderen (Kosmos)
  • 1976 Het reisgezelschap van de Amstel : een sprookje (Aarts)
  • 1976 Het bangedierenbos (Kosmos / 5e printinge 1987)
  • 1977 De dertien maanden van het jaar : pianostukjes voor romantische beginners (Rap)
  • 1977 Buurjongens (Kosmos)
  • 1977 De liedjes voor kinderen (Aarts / 4e printinge 1984)
  • 1977 Ver van de stad (Kosmos)
  • 1978 Jan Olifant (Aarts)
  • 1979 Moord in het moeras (Kosmos)
  • 1980 Spook tussen spoken (Stichting CPNB)
  • 1980 De wonderbaarlijke reis van Jacob Maneschijn en Sientje Zeester (Aarts)
  • 1980 Dorus draak (Heureka / 2e druk 1984)
  • 1981 Twee meisjes in Twente : verhalen en gedichten (Bekadidact)
  • 1981 Ver van de stad & Buurjongens (Kosmos)
  • 1982 Dicht langs de huizen (Kosmos / 2e printinge 1983)
  • 1983 Verre vrienden : 44 nieuwe liedjes (Bakker)
  • 1983 Twee broers (Horstink)
  • 1983 Koen, maak je mijn schoen? : Willem Wilmink's schriftelijke cursus dichten (Van Holkema & Warendorf)
  • 1983 Ali Baba en de veertig rovers (Leopold)
  • 1984 Deze vuist op deze vuist : liedjes uit De film van Ome Willem (Aarts)
  • 1984 Kijken met je ogen dicht : liedjes voor kinderen (Harlekijn)
  • 1984 Drie reizen van Lodewijk (Horstink)
  • 1984 Een tijdje later (Stichting CPNB)
  • 1984 Het verkeerde pannetje (Bakker / 4e printinge 1992)
  • 1985 Waar het hart vol van is : Willem Wilmink's schriftelijke cursus dichten (Van Holkema & Warendorf / 3e druk 1986)
  • 1985 We zien wel wat het wordt : liedjes voor kinderen in de groei (Bakker)
  • 1986 Klim in je pen (PTT Post)
  • 1986 Hoor! Zo is nooit gezongen! Hoor! blomlêzing út syn gedichten (Bakker)
  • 1986 Willem Wilmink omnibus (Bakker / 2e printinge 1988)
  • 1986 Verzamelde liedjes en gedichten (Bakker / 5e printinge 1999)
  • 1987 Ergens in Frankrijk (PTT Post)
  • 1987 Goedenavond, speelman : Willem Wilmink's schriftelijke cursus dichten (Van Holkema & Warendorf)
  • 1988 Ze zeggen dat de aarde draait : 37 nieuwe gedichten (Bakker)
  • 1988 Vandaag is het de grote dag : spoedcursus gelegenheidsdichten (Van Holkema & Warendorf)
  • 1989 Het kind is vader van de man : een bloemlezing uit eigen werk (Bakker)
  • 1989 Jan, Jans en de kinderen langs ijzeren wegen (Wiggers; Inmerc)
  • 1989 Rutgers reis (Bakker)
  • 1990 Moet worden gevreesd dat het nooit bestond? : 34 nieuwe gedichten (Bakker)
  • 1991 Jan, Jans en de kinderen : kerstverhalen (Wiggers)
  • 1991 In de keuken van de muze : de gehele schriftelijke cursus dichten (Bakker / 2e druk 1996)
  • 1992 Een hond gaat op reis : gedichten voor verstandige vijfjarigen (Bakker)
  • 1993 Ik snap het : liedjes voor jonge kinderen (Bakker)
  • 1993 Het Wilhelmus (Van Goor / 3e printinge 1998)
  • 1994 Willem Wilmink (De Ruiter)
  • 1995 Het ABC (Querido)
  • 1995 Pas op voor zeerovers : liedjes (Walvaboek)
  • 1995 Ernstig genoeg : liedjes en gedichten vanaf 1986 (Bakker)
  • 1995 Ali Baba en de veertig tekenaars (Zirkoon; Bijenkorf)
  • 1996 Ik had als kind een huis en haard (Bakker / 5e printinge 2004)

Poëzij

  • 1971 Goejanverwellesluis, korenschoven, liedjes en gedichten
  • 1972 Zeven liedjes voor een piek
  • 1972 Een vreemde tijger en andere gedichten
  • 1977 Voor een naakt iemand (blomlêzing)
  • 1988 Verzamelde liedjes en gedichten
  • 1988 Ze zeggen dat de aarde draait
  • 1990 Moet worden gevreesd dat het nooit bestond?
  • 1992 Heftan tattat! Gedichn in t stadsplat (De Oare útjouwerij)
  • 1993 Javastraat, Utwreide mei in âld en in nij liet, twa âlde gedichten en in ynlieding: Waarom en hoe ik schrijf (De Oare útjouwerij)
  • 1994 Ernstig genoeg, Negen nieuwe gedichten (De Oare útjouwerij)
  • 1996 Carmina Burana, Orffs keus vertaald (De Oare útjouwerij)
  • 1996 Een eigen Hooglied (De Oare útjouwerij)
  • 1999 De Pathmosprinses, Enschedese volksmusical (De Oare útjouwerij)
  • 2002 Heftan tattat! 24 gedichtn in t stadsplat (De Oare útjouwerij, 7e printinge 2007)

Poëzij foar bern

  • 1973 Dat overkomt iedereen wel
  • 1975 Visite uit de hemel
  • 1975 Berichten voor bezorgde kinderen (blomlêzing)
  • 1977 De dertien maanden van het jaar
  • 1985 We zien wel wat het wordt: liedjes voor kinderen in de groei
  • 1992 Een hond gaat op reis

Proaza foar bern

  • 1975 Het bangedierenbos
  • 1976 Het reisgezelschap van de Amstel
  • 1977 Ver van de stad
  • 1977 Buurjongens
  • 1979 Moord in het moeras
  • 1980 Spook tussen spoken
  • 1981 Twee meisjes in Twente (ferhalen en poëzij)
  • 1982 Dicht langs de huizen
  • 1984 Drie reizen van Lodewijk
  • 1986 Waar het hart vol van is
  • 1988 Goedenavond, Speelman
  • 1988 Vandaag is het de grote dag
  • 1991 In de keuken van de muze. De gehele schriftelijke cursus dichten

Opstellen

  • 1988 Van Roodeschool tot Rijsel. Een persoonlijke kijk op het Nederlandse lied
  • 1989 Gij weet toch dat gij niet bestaat
  • 1990 Wat ik heb gevonden, je raadt het nooit

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: