Springe nei ynhâld

Willem Wilminkpriis

Ut Wikipedy

De Willem Wilminkpriis is in priis foar it bêste berneliet. De priis wurdt alle twa jier útrikt oan de makker(s) fan in liet foar bern/jongerein yn de leeftiid fan de basisskoalle dat yn de foarôfgeande twa jier skreaun of útkomd is op cd of dvd of útfierd is yn it teater of op tv.

De priis is ferneamd nei de dichter/skriuwer Willem Wilmink.

Inisjatyfnimmers foar de priis binne: Stichting Enschede Promotie en de Stichting Willem Wilminkfestival. It idee foar de priis komt fan berneboekeskriuwers Koos Meinderts en Sjoerd Kuyper.

De priis bestiet út in jildbedrach fan € 5.000,- (dêr't € 4.000,- fan ornearre is foar de tekstdichter en € 1.000,- foar de komponist), in oarkunde en in byld dat in harkjende skriuwer foarstelt, ûntwurpen en makke troch byldzjend keunstner Helga Kock am Brink út Ynskedee.

jierliettekstdichtertoandichteroantekening
2010OpaHans KuyperMattie Poelsbernesjuerypriis
2010OnberispelijkTed van LieshoutOene van Geel
2012RoodkapjeMarjet HuibertsBenaïssa Lingerbernesjuerypriis
2012Maite MariaKoos MeindertsThijs Borsten
2014Op de marktFloortje SchoevaartHenny Vrienten
2016Snap je? Optellen van breukenJan BeuvingAkwasi
2018Kilo, pond en onsKatinka PoldermanKenny B
2019 Kijk Eens Wat Ik Kan Jeroen Schipper Kirsten Vermeij 2020Net útrikt [1]
2021StotterenTyphoon
2022Give me some skinJurrian van DongenKeez Groentemansongen troch Maarten Heijmans, Rop Verheijen en Jesse Mensah
2023Een soort vanJurrian van DongenPeter van de Wittesongen troch Marie-Mae van Zuilen
2024 Je weet dat je wat mist Jurrian van Dongen Jan Groenteman en Keez Groenteman songen troch Jesse Mensah
2025Keti KotiGlynis Terborg, Desai Breeveld en Jurrian van DongenRemko Rijpkemasongen troch Joy Wielkens
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Willem Wilminkprijs www.wilminktheater.nl