Koos Meinderts

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Koos Meinderts

Koos Meinderts (De Haach, 20 jannewaris 1953) is in Nederlânsk skriuwer.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meinderts studearre pedagogyk, mar makke de stúdzje net dien mar begûn te skriuwen. Yn 1983 skreau hy syn earste berneboek Mooi meegenomen. Yn 1983 begûn Meinderts ek de gearwurking mei syn âlde skoalfreon Harrie Jekkers. Tegearre skreaunen se in oantal lietteksten foar Klein Orkest, kabaretprogramma’s en (berne)boeken. Koos Meinderts hat ien fan syn berneboeken, De snoepwinkel van Zevensloten, bewurke ta in berneteaterstik. Yn 2007 wie dizze foarstelling te sjen yn it Jeugdtheater Hofplein, Martin van Waardenberg foarme mei learlingen fan it Hofplein theater de cast. De lietsjes fan it stik binne skreaun troch Harrie Jekkers. Yn 2008 gie it yn it Hofplein theater de foarstelling De winterkoningin yn premiêre. Dit stik is ek skreaun troch Koos Meinderts mei lietsjes fan Harrie Jekkers.

Koos Meinderts skreau mear as fyftich berneboeken. In oantal is oersetten, benammen yn it Dútsk. De yllustraasjes foar syn boeken binne makke troch syn frou Annette Fienieg. Meinderts wie mei-inisjatyfnimmer foar de Willem Wilminkpriis foar it bêste berneliet.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1983 - Tejo, De lotgevallen van een geëmancipeerde man
  • 1985 - Uit de school geklapt
  • 1988 - Kunst met peren
  • 1990 - De zingende zwanehals
  • Kuik en Vark en de verdronken maan (Utjouwerij Ploegsma, 1995)
  • Kuik en Vark (Ploegsma, 1997)
  • De saaiste vader van de hele wereld (Utjouwerij Zwijsen, 1997)
  • Hoe Sjoerd in een hond veranderde (Ploegsma, 1998)
  • Moef wil weg (Zwijsen, 1999)
  • 1-0 voor buurvrouw Krul (Zwijsen, 2000)
  • Van wie is dit ei? (Zwijsen, 2001)
  • Leve het nijlpaard! (Utjouwerij De Harmonie, 2001)
  • Keizer en de verhalenvader (Utjouwerij Leopold, 2002)
  • De winter van opa Vlok (Zwijsen, 2002)
  • De club van de lelijke kinderen (Ploegsma, 2002)
  • FC Knuffel gaat nooit verloren (Zwijsen, 2003)
  • Welterusten, Bink (Ploegsma, 2003)
  • Keizer en de knikkervis (Leopold, 2004)
  • Dat ei is van mij! (Ploegsma, 2005)
  • Keizer en de schelpenzanger (Leopold, 2005)
  • Het grote boek van Kuik en Vark (Leopold, 2005)
  • We gaan alle dieren tellen (Zwijsen, 2006)
  • De Vuurtoren (Lemniscaat, 2007)
  • Leve de nieuwe koning! (Zwijsen, 2007)
  • Lucas in de sneeuw (Utjouwerij Lemniscaat, 2008)
  • Ballade van de dood (Lemniscaat, 2008)
  • Verdriet is drie sokken (Lemniscaat, 2008)
  • Keizer (Lemniscaat, 2008)
  • Het regent zonlicht (Lemniscaat, 2010)
  • De man in de wolken (Lemniscaat, 2010)

Teater[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1988 - 2 x 3 kwartier (kabaret, tegearre mei Harrie Jekkers)
  • 1990 - Het gelijk van de koffietent (kabaret, tegearre mei Harrie Jekkers)
  • 1990 - De Tuinman en de Dood (ienakter foar Theatergroep Hollandia)
  • 1992 - Met een goudvis naar zee (kabaret, tegearre mei Harrie Jekkers)
  • 1993 - De Man in de Wolken (berneteater)
  • 1995 - Het geheim van de Lachende Piccolo (kabaret, tegearre mei Harrie Jekkers)
  • 1995 - Kuik en Vark en de Verdronken Maan (berneteater)
  • 1995 - Kuik en Vark en de Monkelglop (berneteater)
  • 1999 - Jekkers & Koos, Het verhaal achter de liedjes (teaterfoarstelling fan Harrie Jekkers en Koos Meinderts)
  • 1999 - Piggelmee (bernemusical, tegearre mei Harrie Jekkers)
  • 1999 - Koning Kat (miny-musical)
  • 2004 - De Club van Lelijke Kinderen (bernemusical, tegearre mei Harrie Jekkers)
  • 2005 - Een vrouw, een bootje, een kind (muzykteater)
  • 2007 - De Snoepwinkel van Zevensloten (bernemusical, tegearre mei Harrie Jekkers)
  • 2007 - De Club van Lelijke Kinderen on tour (bernemusical, tegearre mei Harrie Jekkers)
  • 2008 - De winterkoningin (bernemusical, tegearre mei Harrie Jekkers)
  • 2010 - De verjaardag van Lodewijk de Enige, Hofplein Rotterdam (2010).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: