Springe nei ynhâld

Uitgeverij Ploegsma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Utjouwerij Ploegsma)

Uitgeverij Ploegsma waard 1905 oprjochte yn Swol. De útjouwerij joech yn it earstoan fral sosjaal-medyske en kristlike boeken út. Yn de rin fan de tiid waard it lykwols in echte berneboekeútjouwerij, en dat is no noch sa. 2002 waard it famyljebedriuw ferkocht oan de Weekblad Pers Groep (WPG) en 2003 kaam Ploegsma by Uitgeverij Leopold. Uitgeverij Ploegsma is festige yn Amsterdam.

Ploegsma jout boeken yn it Nederlânsk út foar bern fan 3 oant 14 jier: (foar)lêsboeken, ynformative boeken, printeboeken en novelty-boeken. Ploegsma hat in protte klassikers yn it fûns: Astrid Lindgren (û.o. Pippi Langkous), Beatrix Potter (û.o. Pieter Konijn), Arnold Lobel (û.o. Kikker en Pad), An Rutgers van der Loeff (û.o. De kinderkaravaan) en Laura Ingalls Wilder (de Kleine huis-rige). Oare ferneamde Ploegsma-auteurs binne Caja Cazemier, Thea Dubelaar, Vivian den Hollander, Marjon Hoffman, Milou van der Horst, Diana Wynne Jones, Leonie Kooiker, Simone Kramer, Mirjam Oldenhave, Els Ruiters, Annejoke Smids, Lemony Snicket en Sam Stern.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]