Springe nei ynhâld

Mirjam Oldenhave

Ut Wikipedy
Mirjam Oldenhave
foto Brenda van Leeuwen

Mirjam Oldenhave (Hengelo, 20 augustus 1960) is in Nederlânske skriuwster fan berneboeken en jeugdboeken. Neist it skriuwen spilet se akkordeon yn muzykteatergroep Moex (Mirjam Oldenhave EXpress).

Nei har skoaltiid yn Nymwegen joech se tsien jier lang toaniellessen op in skoalle foar tige slim opfiedbere bern. Ek spile hja yn it toanielselskip Magnolia, dat troch it lân teach en foarstellings joech oan folwoeksenen. Dêrnei is se nei Amsterdam ferhuze. Se die dêr in kursus Skriuwen foar Bern by Script. Dy kursus foldie har skoan en nei fjouwer jier kaam har earste boek út: Mama!.

Bekend waard se troch har realistyske en koartswilige ferhalen foar bern fan in jier of njoggen ôf. Benammen har searje oer Mees Kees, dêr't se mei de Nederlânske teaters mei by delgie. Yn har boeken mei ûnderwerpen as freonskip, skoalle, ferealens en âlden bart faak wat ûnferwachts.

Op dit stuit (2010) skriuwt Mirjam Oldenhave trije dagen yn de wike. De oare dagen fertelt se op skoallen en bibleteken oer it skriuwen. Boppedat jout se les oan minsken dy't berneboeken skriuwe wolle. Tegearre mei har freon is se pleechâlder foar bern dêr't it thús misgien is. Alle bern dy't by Mirjam wenje of wenne hawwe, komme wol earne werom yn ien fan har boeken. It berneboekegeskink fan 2010: Mees Kees in de Gloria is troch har skreaun.

Oldenhave makket mei har selskip MOEX ek teätershows oer har boeken. Sy sjongt, fertelt en spilet gitaar en akkordeon yn de Mees Kees show en Flits de show.

De ferhalen dy't Oldenhave skreau oer Mees Kees waarden ferfilme ûnder rezjy fan Barbara Bredero. De premiêre fan de film 'Mees Kees' wie yn 2012 en luts goed 600.000 besikers. Yn 2013 gie de twadde film yn premiêre: 'Mees Kees op kamp, en yn 2014 de tredde, Mees Kees op de planken.

Mirjam Oldenhave.
  • Flits! - De roze rapper (2013, Utjouwerij Ploegsma)
  • Mees Kees - Bloedjelink (2013, Utjouwerij Ploegsma)
  • Flits! - Vliegende bliksem (2012, Utjouwerij Ploegsma)
  • Mees Kees gaat verhuizen (2011, Utjouwerij Ploegsma)
  • Flits! - De nieuwsjagers (2011, Utjouwerij Ploegsma)
  • Mama! (Mirjam Oldenhave en Dagmar Stam, 2011, Utjouwerij Ploegsma)
  • Mees Kees in de gloria (2010, boekewikegeskink)
  • Mees Kees op kamp (2009, Utjouwerij Ploegsma)- tipt troch de Nederlânske Bernesjuery 2010
  • Fixit (2009, Utjouwerij Ploegsma)
  • Skaten! (2008, Utjouwerij Ploegsma)
  • Het geheim van de maffiabaas (2008, Utjouwerij Leopold)
  • Donna Lisa (2008, Utjouwerij Ploegsma)- bekroand mei in Vlag en Wimpel
  • Mees Kees - De Rekenrap (2008, Utjouwerij Ploegsma)
  • Belly B. (2008, Utjouwerij Ploegsma)
  • Belly B op tournee (2008, Utjouwerij Ploegsma)
  • Control & copy (2007, Utjouwerij Ploegsma)
  • Mees Kees - Op de kast (2007, Utjouwerij Ploegsma)- tipt troch de Nederlânske Bernesjuery 2008
  • Lief, Liefde, Geliefd (2006, Utjouwerij Ploegsma)
  • Een spion is nooit b-b-bang (2006, Utjouwerij Zwijsen)
  • Mees Kees (2006, Utjouwerij Ploegsma) - tipt troch de Nederlânske Bernesjuery 2007
  • Rampenkamp (2006, Utjouwerij Leopold)
  • Geheim agent (2005, Utjouwerij Zwijsen)
  • Klem! (2005, Utjouwerij Ploegsma)
  • Jan, de zakenman (2005, Utjouwerij Zwijsen)
  • Sleutelgeheim (2005, Utjouwerij Zwijsen)
  • Niet verder vertellen (2005, Utjouwerij Ploegsma)
  • Joris en de Beesten Veiligheids Dienst (2005, Utjouwerij Van Holkema & Warendorf)
  • PS Ik ben uw dochter (2004, Utjouwerij Van Holkema & Warendorf)
  • Ik, ik! (2002, Utjouwerij Van Holkema & Warendorf)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]