Springe nei ynhâld

Caja Cazemier

Ut Wikipedy
Caja Cazemier

Caja Cazemier (Spijkenisse, 5 septimber 1958) is in Nederlânske skriuwster fan berne- en jeugdboeken.

Caja Cazemier groeide op yn Grins en wennet sûnt 1991 yn Ljouwert. Nei de middelbere skoalle studearre se Nederlânske taal- en letterkunde. Yn har stúdzje joech se in protte omtinken oan boeken foar de jeugd. Sy skreau in skripsje mei as titel: Gemengde gevoelens. Jeugdliteratuur voor meisjes in de puberteit. Nei har stúdzje wurke Cazemier tolve jier as learares Nederlânsk. Sûnt 2002 besteget se al har tiid oan it skriuwen fan boeken en it jaan fan lêzings oer har boeken.

Cazemier skriuwt foar jongeren tusken de 11 en 16 jier. Har ferhalen geane frijwol allegear oer ûnderwerpen dêr't jongeren op dy âldens mei te krijen hawwe kinne: de brêgeklasse, fereale wêzen, seksualiteit, alkohol, drugs en gniisgas, online daten, sosjale media, depresje, útgeansgeweld, loverboys, online pesten, skieden âlden, rouferwurking, ensafierder. It binne realistyske ferhalen dy't sjen litte hoe't jongeren hjirmei omgeane. De ynspiraasjebronnen foar har psychologyske jeugdromans lizze faak yn de realiteit. By de Jonge Jury keazen de lêzers yn 2008 Vamp út ta it bêste jeugdboek foar 11 oant 16 jier. Neist fiksje skriuwt se ek se ek ynformative boeken. Fan 2002 ôf is se ferbûn oan Utjouwerij Ploegsma út Amsterdam en sûnt 2018 skriuwt sy ek foar Zwijsen. Yn 2021 wie se ghostwriter foar Skuldich dat utjûn waard by de AFUK. Goed 25 jier kombinearret Cazemier it skriuwen mei skoallebesites. Dêrneist wie sy fan 2015 oant 2025 jongerencoach yn Ljouwert.

Har debútboek Portret van Sanne waard yn 1992 presintearre op it Slauerhoff College yn Ljouwert. Yn 2000 kaam Bijna veertien út, dat hannelet oer in jonge dy't út it Westen nei Fryslân ferhuzet en wêr't er dan tsjinoan rint. Offline waard yn 2011 nominearre foar de priis fan de Jonge Jury. Knalhard krige de nominaasje yn 2012 foar de priis fan de Jonge Jury en is basearre op in gefal fan útgeansgeweld yn Frjentsjer. Yn 2012 waard Familiegeheim nominearre foar de Thea Beckmanpriis foar it bêste histoaryske jeugdboek. It boek Iets van mij waard nominearre foar de Jonge Jury yn 2013. Yn 2013 sette Ans Wallinga it boek Echt spel oer yn it Frysk. Tagelyk mei de Nederlânske útjefte kaam it ûnder de titel Foarstelling út as it aksjeboek yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske boek. Cazemier waard foar dit boek ynspirearre troch in foarstelling fan de Jeugdteaterskoalle 'n Meeuw út Ljouwert. Keerzijde út 2014 hannelet oer Ypkje dy't yn 1891 te meitsjen kriget mei de seksuele mores fan dy tiid en twongen wurdt om fan Ljouwert nei Amsterdam te ferfarren. Dizze ferhaalline is skreaun troch Martine Letterie. Cazemier skriuwt oer Berber dy't yn 2013 ferhuzet fan Fryslân nei Amsterdam en te stellen hat mei de frije seksuele moraal, foar hoefier is der sprake fan frijheid? De libbens fan Berber en Ypkje reitsje inoar yn it boek. Yn 2015 waard Keerzijde nominearre foar de Thea Beckmanpriis foar it bêste histoaryske jeugdboek. Sky is the limit giet oer Sky dy't mei tsjinsin ferhuzet fan it fêstelân nei Flylân. Foar it boek Skuldich wie se de ghostwriter foar Jennifer de Vries yn it ramt fan it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo fan de AFUK. It waard yn it Frysk oerset troch Ytsje Steen.

  • 2024 Harde handen (Ploegsma)
  • 2023 Het grote reddingsplan (Zwijsen)
  • 2023 Split second (Ploegsma)
  • 2022 Betrapt (Zwijsen)
  • 2022 Hoor je mij?, yn gearwurking mei Martine Letterie
  • 2021 Skuldich yn it Frysk AFUK, en Schuldig yn it Nederlânsk AFUK
  • 2021 Circus Fantastini
  • 2021 Vuurspuwen
  • 2020 Blauwe dagen
  • 2020 Nep
  • 2019 De spion van de eeuw, yllustraasjes fan Geert Gratama
  • 2019 Roes
  • 2019 #groep8
  • 2018 Brugkidz
  • 2018 FAB
  • 2018 Made by Indira, yn gearwurking mei Martine Letterie
  • 2017 Mission impossible
  • 2016 Like me!
  • 2015 Sky is the limit
  • 2015 Seksy selfy, ferhaal yn Dy iene foto, (nominaasje Simke Kloostermanpriis 2016)
  • 2015 #selfie, nominaasje Jonge Jury 2016
  • 2014 Verboden terrein
  • 2014 Keerzijde yn gearwerking mei Martine Letterie
  • 2013 De grote survivalgids voor brugklas en puberteit
  • 2013 Echt spel, yn it Frysk oerset as Foarstelling
  • 2013 Kussen en krullen, Geen bericht, goed bericht, Wie durft?!, Kies voor mij!, Bye Bye brugklas
  • 2012 Alles voor Romeo
  • 2012 Iris (fannijs besjoene útjefte)
  • 2012 Bibi Xtra
  • 2011 Iets van mij, nominaasje Jonge Jury 2013
  • 2011 Wervelwind Merel
  • 2011 De eerste keer (fannijs besjoene útjefte)
  • 2011 Familiegeheim, mei Martine Letterie
  • 2011 Survivalgids voor brugklassers, ynformatyf (fannijs besjoene útjefte)
  • 2010 Knalhard, nominearre foar de Jonge Jury 2012
  • 2010 Windkracht Merel
  • 2010 Verliefd op je leraar (fannijs besjoene útjefte fan Weerlicht)
  • 2010 Survivalgids voor pubers, (Survivalgids foar fammen en jongens, fannijs besjoene útjefte), ynformatyf
  • 2009 Echt Emma (fannijs besjoene útjefte fan Kid Kind)*2009 Offline, nominearre foar de Jonge Jury 2011*2009 Op jezelf, ynformatyf
  • 2009 Brugklassers!, yn 'e mande mei Karel Eykman en Martine Letterie
  • 2008 Te snel (fannijs besjoene útjefte)
  • 2008 Cool
  • 2008 Bye Bye brugklas
  • 2008 De brugklas door, mei Karel Eykman en Martine Letterie
  • 2007 Lotte en Karima
  • 2007 Maak er wat van! Het succesboek voor pubers, ynformatyf
  • 2007 In de brugklas, mei Karel Eykman en Martine Letterie
  • 2006 Kies voor mij!
  • 2006 Vamp, priis fan de Jonge Jury 2008
  • 2006 Survivalgids vakantie, ynformatyf
  • 2006 Wie durft?!
  • 2005 Geen bericht, goed bericht
  • 2005 Heb jij het al gedaan?
  • 2005 Survivalgids geld, ynformatyf
  • 2004 Kussen en krullen
  • 2004 Survivalgids voor jongens, ynformatyf
  • 2004 Survivalgids voor meiden, ynformatyf
  • 2004 Vliegende start
  • 2003 Survivalgids voor brugklassers, ynformatyf
  • 2003 Verliefd zijn is een ramp!
  • 2002 De eerste keer
  • 2002 Naar de brugklas mei Karel Eykman en Martine Letterie
  • 2001 Kid kind (Van Holkema & Warendorf)
  • 2000 Bijna veertien
  • 1999 De wereld van Ward
  • 1998 Weerlicht
  • 1997 Te snel
  • 1996 Minkes tegenbeeld
  • 1994 Iris
  • 1992 Portret van Sanne


Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2016 - Nominaasje foar de priis fan de Jonge Sjuery foar #selfie
  • 2015 - Nominaasje foar de Thea Beckmanpriis foar Keerzijde
  • 2013 - Nominaasje foar de priis fan de Jonge Sjuery foar Iets van mij
  • 2012 - Nominaasje foar de Thea Beckmanpriis foar Familiegeheim
  • 2012 - Nominaasje foar de priis fan de Jonge Sjuery foar Knalhard
  • 2011 - Nominaasje foar de priis fan de Jonge Sjuery foar Offline
  • 2008 - Prijs fan de Jonge Jury foar Vamp
  • 2004 - Nominaasje foar de Tina Bruna Award 2004-2005 foar Kussen en krullen
  • 1995 - Nominaasje foar de Prijs van de Nederlandse Kinderjury 12 oant 15 jier foar Iris
  • 2020 - Made by Indira. Mada – bet kokia kaina? (Litouske oersetting fan Made by Indira), oersetster Birutė Avizinienė
  • 2013 - Foarstelling (Fryske oersetting fan Echt spel), oersetster Ans Wallinga
  • 2012 - Online date (Dútske oersetting fan Vamp), oersetster Sonja Fiedler-Dop
  • 2009 - Wo geht's hier zur Liebe? (Dútske oersetting fan Heb jij het al gedaan?), oersetster Sonja Fiedler-Dop
  • 2008 - Riskanter Chat (Dútske oersetting fan Vamp), oersetster Sonja Fiedler-Dop
  • 2004 - Verliebt sein ist eine Katastrophe (Dútske oersetting fan Verliefd zijn is een ramp!), oersetster Sonja Fiedler-Dop
  • 2002 - Echt Emma, oder ganz der Vater? (Dútske oersetting fan Kid Kind), oersetster Hedwig von Bülow
  • 2000 - Verliebt hoch zehn (Dútske oersetting fan Weerlicht), oersetters Jeanne Oidtmann-van Beek en Peter Oidtmann

Keppelings om útens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]