Henny Vrienten
Henny Vrienten | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Henny Vrienten by it ôfskiedskonsert fan Doe Maar (1984) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendrikus Cornelis Jacoba Vrienten | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 july 1948 | |
berteplak | Hilvarenbeek | |
stoarn | 25 april 2022 | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop | |
sjongtaal | Nederlânsk | |
ynstrumint | Basgitaar, Keyboard, Gitaar | |
grutste hit(s) | De bom, Pa | |
jierren aktyf | 1977-2021 |
Hendrikus Cornelis Jacoba Vrienten (Hilvarenbeek, 27 july 1948 – 25 april 2022), wie in Nederlânsk sjonger, bassist, gitarist en pianist. Hy waard benammen bekend as de sjonger fan de band Doe Maar.
Kariêrre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de jierren sechtich spile er yn ferskate popgroepen, wêrûnder yn Les Cruches. Yn de jierren santich skreau er muzyk foar oare artysten, wêrûnder twa Ingelsktalige nûmers foar it krystalbum út 1975 fan The Cats.
Doe Maar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1980 waard Vrienten frêge om sjonger en bassist te wurden by de band Doe Maar as ferfanger fan de opstapte Piet Dekker. Mei Doe Maar hat Vrienten fjouwer studio-albums útbrocht
Vreemde Kostgangers (2016-2021)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2016 rjochte er tegearre mei George Kooymans fan de Golden Earring en Boudewijn de Groot de groep Vreemde Kostgangers op. Mei Vreemde Kostgangers hat Vrienten twa studio-albums útbrocht.
Solo karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al fan de jierren 70 ôf wie Vrienten aktyf as solo-artyst; hy brocht ûnder de namme Ruby Carmichae twa singles út en ûnder de namme Paul Santos in studio-album. Yn 1977 gie er mei Ernst Jansz en Bouwdewijn de Groot op toernee. Yn 1984 brocht er it studio-album Geen ballade út, de earste ûnder syn eigen namme. Solo hat er sân studio-albums útbrocht.
Privee en ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Henny Vrienten boaske yn 1984 foar it earst. Hy krige twa soannen en in famke út dat houlik. Yn 2000 skate er en in jier letter boaske er Gala Veldhoen, dêr't er twa soannen mei krige.
Op 25 april 2022 makke konsertorganisator Mojo Concerts buorkundich dat Henny Vrienten yn de âldens fan 73 jier ferstoarn wie. Hy wie al in skoftke siik.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
Paul Santos | 1977 | Paul Santos (pseudoniem fan Vrienten) |
|
Skunk | maart 1981 | Doe Maar | 32 jaar (Sinds 1 dag of 2), Smoorverliefd |
Doris Day en andere Stukken | maart 1982 | Doris Day, Is dit alles | |
4us | 11 maart 1983 | Pa, 1 Nacht alleen, Nachtzuster | |
Geen ballade | 1984 | Henny Vrienten | Als je wint (ft. Herman Brood) |
Mijn hart slaapt nooit | 1992 | Het Scharrelvarken, Zonnebril | |
Klaar | 14 april 2000 | Doe Maar | Watje |
Aardige jongens | 2008 | Henny Vrienten | |
En toch... | 2014 | ||
Alles is anders | 2015 | ||
Vreemde Kostgangers | 24 febrewaris 2017 | Vreemde Kostgangers | |
Nachtwerk | 24 novimber 2017 | ||
Tussen de regels | 2019 | Henny Vrienten |