Marrum

Ut Wikipedy
Marrum
Langebuorren
Langebuorren
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 1.410 (1 jannewaris 2022)[1]
Oerflak 12,25 km², wêrfan:
- lân: 12,15 km²
- wetter: 0,10 km²
Befolkingsticht. 116 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 5° 48' E
Offisjele webside
Side Marrum
Kaart
Marrum (Fryslân)
Marrum

Marrum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Marrum leit noardeastlik fan Hallum, noardwestlik fan Wânswert en súdwestlik fan Ferwert. Op 1 jannewaris 2022 hie Marrum 1.410[2] ynwenners. De doarpskearn leit om de krusing fan de Ringwei en de Lege Hearewei.

It eardere doarp Westernijtsjerk heart ek by Marrum.

De namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme kin mear betsjuttings hawwe. De earste soe wêze kinne: hiem oan de mear; in 'mear' of ek wol 'mar' is wetterskieding/grins tusken twa gebieten. De twadde betsjutting soe wêze kinne: hiem op leech lân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Likernôch om de 11e iuw hinne waard de seedyk oanlein, dêr't hjoed-de-dei de Hege Hearrewei rint.

Marrum op in âlde printbrievekaart

Marrum hat ferskate states hân. De âldste wie Botniastate. Botniastate moat om 900 stifte wêze troch Ode Botnia. Letter is dy oergien op de famylje Fan Kamminga. Der hat praat west dat Botniastate in sterke stins west hat, no is der hast neat mear fan te finen. In oare state wie Pongastate. De Ponga's moatte in foarnaam plak yn Marrum ynnommen hawwe. Letter is dy state oergien op de Fan Harinksma's en om 1750 hinne hat der in Idsinga wenne. Guon fan de oare states binne noch werom te finen yn nammen fan pleatsen.

Marrum wie ferneamd om de sûkereibou. Yn 1840 wienen der yn Marrum noch 19 sûkereifabriken, mar der hawwe mear west. De sûkereiwoartel, dy't wy no noch kenne by de fariant wytlof, waard drûge en meald. Dan waard it ferkocht as sûkerei. It waard dronken yn 't plak fan kofje.

Yn 2006 koene by heechwetter mear as 200 hynders op in lytse ferheging gjin kant mear út, nei't it bûtendykske lân by Marrum der ûnderstrûpt wie. Trije dagen lang waard besocht de hynders nei it fêstelân te heljen, mar alles mislearre. Op de tredde dei slagge it mei lokhynders om oer in útset paad de hynders út harren benearjende sitewaasje te heljen. Fan de 200 hynders ferstoaren der 25 troch ferdrinking of ûnderkuolling. Fiif jier letter waard op it inisjatyf fan Doarpsbelang Marrum-Westernijtsjerk ta neitins fan de reddingsaksje in monumint fan keunstner Machiel Braaksma ûntbleate op it plak dêr't de hynders feilich oan lân kamen. It monumint bestiet út in stielen plaat mei dêrop de ôfdrukken fan hynstehoeven.[3] De reddingsaksje krige in soad omtinken fan de nasjonale en ynternasjonale parse.

Sûnt 2019 leit Marrum yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ferwerderadiel.

Yn it ferline foarme Marrum in twillingdoarp mei Westernijtsjerk.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Godehardustsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Godehardustsjerke
De Wikipedy hat ek in side Godehardustsjerke (Marrum).

De oarspronklik romaanske tsjerke moat boud wêze yn de 13e iuw. De patroanhillige wie Sint-Godehardus. De tsjerke is boud fan reade en giele kleastermoppen. Der sitte sels noch fragmintarysk boudielen fan dowestien yn. De tsjerke is faak ûnder hannen nommen. Yn 1858 is de toer yn de foartsjerke boud. Oan de súdside binne der noch spoaren fan in eardere kapel. De preekstoel is út de 17e iuw. Fierders is der noch in barokke hearebank. It oargel is yn 1831 makke troch de oargelbouwer L.A. Hillebrand. It oargel is faak ûnder hannen nommen. Yn 1944 hat H. Spanjaard it oargel restaurearre en útwreide. Dat it oargel der kommen is, is mei mooglik makke troch frelle A.J.A. baronesse Collet d'Escury, dy't doe grutgrûnbesitster yn Marrum en Westernijtsjerk wie.

It Heephûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Heephûs, de âlderein wenne sa ek yn in filla

Om 1915 hinne foldie it earmhûs yn Hallum net mear oan de easken. As alternatyf foel it each fan it gemeentebestjoer op it eardere notarishûs yn Marrum. Doe't soks bekend waard, stie Marrum op ien ein. De Hallumers mochten om harren it earmhûs wol hâlde; it paste net yn Marrum en wat soe der barre mei dat moaie hûs? De ûnderhannelings mei juffer Louise Heep, de dochter fan de eardere notaris, en it gemeentebestjoer gienen troch.

Op 21 desimber 1917 droech juffer Heep har hûs fergees oer oan de gemeente. Wol mei it betingst dat it hûs oan de bûtenkant net feroare wurde mocht. It hat de gemeente dochs noch it nedige koste foar de ferbouwing. Yn Marrum waard noch wat neiprottele, mar guon fûnen it oars ek wol moai dat de Marrumers no yn it eigen doarp bliuwe koenen. Yn 1952 waard it Heephûs ôfkard, mar it moast noch oant 1971 duorje foar't de lêste bewenners nei in nije âldereintehûs 'Foswert' yn Ferwert ferhúzje koenen. It gebou is letter Griene Krúsgebou wurden en is no wer yn partikuliere hannen.

De mûnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Grutte Mûne

De betonnen huzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Marrum wie it betonfabryk fan Mellema. Mellema woe ek wol ris sjen litte dat hy mear koe as betonplaten meitsje. Sa binne der yn Marrum twa huzen fan beton boud.

It bûterfabryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Molkfabryk

Yn 1881 waard der yn Westernijtsjerk in bûterfabryk oprjochte. It fabryk ferhuze letter nei Marrum. Yn Marrum wie men grutsk op harren fabryk. It wie ek de grutste wurkjouwer yn Marrum. Nei 1945 ûntkaam Marrum ek net oan de fúzjes. De namme Marrum waard feroare yn 'De Takomst'. In lange takomst hat it fabryk net mear hân. Yn desimber 1981 waard de lêste molke ôflevere. Earder hie de gersdrûgerij al de doarren slute moatten.

Stasjon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stasjonsgebou mei pankoektrein Marrum-Westernijtsjerk

Tusken Marrum en Westernijtsjerke stiet it âlde stasjonsgebou fan it eartiidske spoar fan Ljouwert nei Dokkum (Dokkumer lokaaltje) fan de NFLS. It stasjonsgebou is tsjintwurdich yn gebrûk as pankoekbakkerij. By it stasjonsgebou steane âlde lokomotiven mei restaurearre rydtugen út de earste helte fan de 20e iuw dy't it restaurant foarmje.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarpshûs stiet oan de Ringwei, de feriening foar It Nut set him yn foar it doarp. It doarp hat noch in goed tal foarsjennings. Der is noch middenstân en hoareka oanwêzich en Marrum ken in goed sport- en ferieningslibben.

Skelnamme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marrumers wurde tradisjoneel foar 'katten' útskolden, Westernijtsjerkers foar 'roeken'. Beide bisten komme ek yn de mienskiplike doarpsflagge en it wapen foar. [4]

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Protestantske gemeente Marrum-Westernijtsjerk

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kristlike basisskoalle 'Aasterage'.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Drumband de Eendracht
  • Brassband De Eendracht
  • Toanielferiening Marrum
  • Pleatslik Nut - toaniel
  • Fuotbalferiening Marrum
  • Tennisvereniging De Gibben
  • Keatsferiening yn Marrum
  • MGGV- gymnastyk
  • Biljertferiening De Klos

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1744 1830 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2008
Befolking 497 987* 1358 1311 1335 1414 1653 1450 1477
Jier 2015 2020
Befolking 1445 1400

(* folkstelling; Van der Aa:1050)

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Watze Cuperus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marrum wie it wenplak fan de yn Blije berne kristlike folksskriuwer Watze Cuperus (1891-1966). Cuperus wie meteropnimmer fan syn fak. Sa koe hy de minsken yn 't gea. Syn boeken spylje dan ek yn Marrum en omkriten. Cuperus hat ek in wichtich plak yn it doarpslibben ynnommen.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Marrum.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
Flagge fan de gemeente Noardeast-Fryslân
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden