Springe nei ynhâld

Botniastate (Marrum)

Ut Wikipedy
Botniastate (Dominicus Cannegieter)

Botniastate is in eardere state en stie by Marrum oan de Hege Hearewei. Dêr't de Tsjerkewei op dizze dyk oanslút leit in ferhege midsiuwsk wenplak, dat archeologysk beskerme is. De state bestie nei alle gedachten al foar 1200 mar wurdt yn 1418 foar it earst neamd, it lângoed as als tho Bottingen yn 1511. It wie it stamhûs fan de haadlingefamily Botnia, dy't har wenplak letter ferlei. It bleau oant it útstjerren fan dy family om 1708 eigendom fan de Botnia's, mar it wie doe al iuwen in gewoane buorkerij.

Troch de iere "ferhuzing" fan de Botnia's fan Eastergoa nei Westergoa is Botnia nei 1511 allinnich as pleats bekend en net as represintative ‘residinsje’ fan aadlik laach. Cannegieter besocht yn 1862 nei in ôfbyld op in sulveren leppel in rekonstruksje te tekenjen. It resultaat, in gebou fan ien wenlaach en in nuver raketeftich tuorke, is net botte befredigjend. Tsjintwurdich is it stee net beboud.

Bewenners
  • 1400 Ode Botnia (?)
  • 1418 Yornd Bottyngha
  • 1422 Fecke Botnya
  • oant 1462 Tzaling Botnia
  • 1481, 1487, 1491 Fecke Botnia
  • 1511, 1524 Juw Botnia
  • 1547 Fecke Botnia
  • oant 1606 Fokel Botnia
  • 1610 Juw (Douwes) Botnia
  • 1621 Doecke Botnia
  • 1640 – 1673 Fokel van Botnia, brûker Dirk Taeckes
  • 1673 – 1708 Helena (Douwesdr) fan Botnia en Watze fan Burmania
  • fam. Botnia fan Burmania
  • fam. Van Idsinga

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • States en Stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981.