Springe nei ynhâld

Pongastate

Ut Wikipedy
Pongastate (1723)
Pongastate (1966)

Pongastate wie in state súdeastlik fan Marrum, gemeente Ferwerderadiel, oan de Miedwei op in omgrêfte hiem. It terrein mei pleats is beskerme as midsiuwske stinsterrein.

It boujier fan de state is net bekend, yn 1511 wie Tzalinck Pouwinga eigener fan Ponga te Marrum. Nei alle gedachten wie hy in eigenierde, want yn de listen fan eallju en hearskippen komt hy net foar. Yn 1519 wie der in skeel tusken Deytse Wynia, in eigenierde fan oansjen yn Nes (Dongeradiel), mei Jasper Aesgema oer de neilittenskip fan Jettye Poynga. Nei alle gedachten wie Jettye erfdochter fan Tzalinck Pouwinga en hat Deytse it skeel wûn, want yn 1540 wie syn soan Kempo Wynia nammentlik eigener en brûker fan Pouwingahuys te Marrum. It goed wie doe 70 pûnsmiet grut en waard oanslein foar 21 floreen. Yn 1548 lieten hy en syn frou Katerina Syarda de stins ‘fernije’. Dy fernijing hie mooglik betrekking op de oanbou fan ien boulaach dy't op de tekening fan Stellingwerf út 1723 te sjen is tsjin in âldere stins fan twa boulagen oan. Mooglik is it âlde diel fan de stins doe binnendoar modernisearre. De gevelstien dy't as neitins oan dizze ferbouwing setten waard, is bewarre bleaun.

  • 1511 Tzalinck Pouwinga
  • mooglik Jettye Poynga
  • 1540 Keympe Wynia
  • 1572 Jell fan Wijnia
  • 1598 Ansck fan Herema
  • 1606 bewenne troch Frouck fan Wijnia
  • 1630 Douwe fan Walta en Tiets fan Holdinga bewenners
  • 1640 Teth fan Walta
  • 1655, 1668 Helena fan Walta († 1669)
  • 1698 erfgenamten fan Margareta fan Walta, widdo Coenders
  • 1728 Allegonda Coenders en Johan fan Idsinga
  • 1740 Johan Roelof fan Idsinga
  • 1752 Titia Holdinga fan Idsinga
  • 1752 - 1760 Gijsbert Arentsma fan Idsinga en Wilhelmina fan Burmania
  • 1832 Thomas François Martin

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • States en stinzen yn Fryslân
  • D. Cannegieter - PongaState te Marrum, 1885
  • Elward en Karstkarel - Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland,1992
  • Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981
  • Hisgis