Sibrandahûs (Dongeradiel)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Sibrandahûs is in buorskip op de himrik fan Ealsum, tsjin de himrik fan Wetsens oan, besuden de Dokkumerwei (Dokkum-Mitselwier).

Yn 1511 komt de delsetting foar as Sijbranda Huyijs. Yn 1543 waard it plakje fernijd as Sybrandehuysum, yn 1545 as Sybranthuisen, yn 1164 en om 1700 as Sibranda Huys en yn 1855 as Sibrandahuis.

De buorskip mei it terpke Sibranda bestiet út in tal pleatsen en in pear wenten. Oant 1970 stie er noch in arbeiderwent en op de Kadastrale Minútkaart fan 1832 stiet ek in lyts gebou by 'Swarte Mosk', oan de krusing fan de Dokkumerwei mei de Sybrandawei en de Mockemawei nei Ealsum.

It fierst eastlik yn 'e buorskip leit Stinstrastate, in kop-hals-romppleats mei in greft rûnom en mei it binhûs foar in part oplutsen út âlde friezen. De pleats is in ryksmonumint. Stinstrastate wurdt yn 1583 yn it saneamde Weesboek neamd as it hûs fan Jan Peterz. toe Stins, út de beskriuwing blykt dat it om in âldfrysk Langhûs gie. Der is lykwols neat bekend oer in stins op dat plak. Westliker stiet de pleats Miedema Sate, ek in kop-hals-romppleats, mar mei in 19e iuwsk dwerssteand foarhûs.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Herma M. van den Berg, “De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen” 1983, Aalzum
  • Gildemacher, Karel F. (2007). Friese plaatsnamen: alle steden, dorpen en gehuchten. Ljouwert, Friese Pers/Noordboek.