Trijeboerehuzen
Trijeboerehuzen is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Trijeboerehuzen leit tusken Holwert en Ternaard oan de N358 (Holwerterdyk).
Trijeboerehuzen lei oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn de eardere gemeente Westdongeradiel. De nammen fan twa fan de pleatsen út de 19e iuw binne Uylsmahorn en Bleinsma.
De buorskip hat yn it ferline by Ternaard heard. Yn dy tiid hiet de buorskip Uylsmahorn. Dêrom ek de namme fan de pleats Uylsmahorn.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|