Jislum

Ut Wikipedy
Jislum
Sicht op Jislum'
Sicht op Jislum'
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 60 (1 jannewaris 2022)[1]
Oerflak 1,82 km²
- lân: 1,8
- wetter 0,02 km²
Befolkingsticht. 33 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 18' N 5° 52' E
Offisjele webside
FB-side Jislum
Kaart
Jislum (Fryslân)
Jislum

Jislum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Jislum leit noardlik fan Burdaard, eastlik fan Wânswert, westlik fan Jannum en besuden Ginnum. Jisum hat 60 (1 jannewaris 2022)[2] ynwenners. De doarpskearn leit oan de Hikkaarderdyk op de terp fan Jislum.

Jislum is in doarp dat by de Flieterpen heart.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint Katarinatsjerke
De Wikipedy hat ek in side Katarinatsjerke (Jislum).

Op de terp stie oant yn de 19e iuw in fan oarsprong romaanske tsjerke. Dy tsjerke waard betsjinne troch it kleaster Mariëngaarde by Hallum. Nei de reformaasje waard Jislum mei Wânswert kombinearre. De tsjerke is yn 1886 ferfongen troch in nije tsjerke. Yn de toer hingje twa klokken, ien út 1445 fan Jehannes fan Wou en ien út 1637 fan klokkejitter Jacob Noteman. It oerwurk is út 1609.

De tsjerke is letter eigendom wurden fan de 'Stifting Harstastate' en wurdt hjoed-de-dei net mear brûkt as godshûs. Dy stifting wist net in goede bestimming foar de tsjerke te finen, wat it doarp min nei de kop wie. De tsjerke is in ryksmonumint fanwegen de preekstoel, de klokken en it oerwurk. Dat binne dan ek de ienige parten dêr't subsydzje foar beskiber is ta it behâld. Yn 2000 wie der praat dat de tsjerke sloopt wurde soe. Doe hawwe de Jislumers de 'Stifting Behâld Jislumer Tsjerke' oprjochte. Dy nije stifting slagge der yn 2004 yn om genôch jild foar de restauraasje byinoar te swyljen. Om de krystdagen fan 2004 hinne is de tsjerke wer iepensteld. De tsjerke hat doe ek wer de âlde namme fan Sint Katarinatsjerke werom krige.

Mûne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side De Volharding (Jislum).

By 'Grut Hikkaard' stiet de boeremuonts De Volharding út 1872, dy't ek in ryksmonumint is. Dizze grûnsiler út 1872 is eigendom fan Stifting De Fryske Mole.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1830 1890 1954 1959 1964 1969 1973 2001 2008
Ynwennertal 113 150 134 114 80 75 58 44 52
Jier 2015 2020
Ynwennertal 74 60

Ynfrastruktuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jislum leit oan de Hikkaarderdyk, dy't nei it noarden nei Ginnum rint, en nei it suden by Grut- en Lyts Hikkaard lâns nei Burdaard. Jislum hie in opfeart fan de Aldfeart en dêrmei in ferbining mei de Dokkumer Ie, mar fan dy opfeart is mar in lyts stik oer.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hikkaarderdyk.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
Flagge fan de gemeente Noardeast-Fryslân
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden