Katarinatsjerke (Jislum)
Katarinatsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Jislum | |
adres | Hikkaarderdyk | |
koördinaten | 53° 18' N 5° 52' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Katarina fan Aleksandrje | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1886 | |
boustyl | Eklektisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15631 [1] | |
Webside | ||
Side fan de Katarinatsjerke | ||
Kaart | ||
De Katarinatsjerke is in tsjerkegebou oan de Hikkaarderdyk yn Jislum yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De tsjerke is net mear yn gebrûk foar de earetsjinst. De protestantske bewenners fan Jislum foarmje mei dy fan Wânswert de protestantske gemeente Wânswert/Jislum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de roomske tiid wie de tsjerke fan Jislum wijd oan Katarina fan Aleksandrje. De Jislumer tsjerke wie mei dy fan Ginnum, Reitsum en Lichtaard in dochtertsjerke fan Hallum. Neffens in akte fan 1550 oer it útgraven fan de tsjerkhôfsgrêft fan Hallum wiene de parochianen fan dy doarpen ferplicht om dêroan mei te wurkjen.
De midsiuwske tsjerke waard nei de reformaasje in protestantske tsjerke. Jacob Stellingwerf tekene de Jislumertsjerke yn de 18e iuw as in goatysk tsjerkje mei in súdlike tagong en op de westlik kant fan it skip in tuorke mei spits. Nei alle gedachten is de tsjerke dêrnei ommitsele of ferfongen troch in oare tsjerke. D. Cannegieter tekene de tsjerke flak foar de sloop as in gebou mei yn de súdlike muorre grutte rûnbôge ramen, wylst de tagong yn de westlike muorre siet. Yn 1886 waard de âlde tsjerke ferfongen troch de hjoeddeiske.
Fan de âlde tsjerke datearret noch in yn 1445 getten klok fan Jehannes fan Wou en in yn 1637 getten klok fan Jacob Noteman. As de klok altiten al yn Jislum hongen hat, dan is it moai wis dat de tsjerke yn de midsiuwen wijd wie oan Sint-Katarina.
Sûnt 1983 waard de herfoarme tsjerke net mear brûkt foar tsjinsten. De tsjerke ferfoel jimmeroan mear en it like der op dat sloop net te kearen wie. Ta behâld fan de tsjerke rjochten de Jislumers yn 2000 in stifting op en mei stipe fan oerheid en ferskate organisaasjes waard de tsjerke dêrnei rillegau restaurearre. Sûnt dy tiid krige ek de namme fan de Jislumer patroanhillige werom. Op de wynwizer binne de symboalen fan de hillige, it rêd en it swurd, oanbrocht. Yn 2018 waard ek de toer oan de stifting oerdroegen en yn 2019 folge it tsjerkhôf.
Fanwegen de 17e-iuwske preekstoel, de twa klokken út 1445 en 1637 en it 18e-iuwske meganyske oerwurk is de tsjerke in ryksmonumint.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan de tsjerke waard yn 1925 troch Bakker & Timmenga boud. It oargel telt acht registers op ien manuaal. It pedaal is oanhongen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|