De Volharding (Jislum)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Volharding
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Noardeast-Fryslân.svg Noardeast-Fryslân
plak Jislum
adres Hikkaarderdyk
bysûnderheden
type bouwurk Muonts
boujier 1872
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 38728 [1]

De Volharding is in poldermûne by Jislum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Volharding yn 2009

De Volharding is in muonts en stiet likernôch in heale kilometer westlik fan Jislum oan de Aldfeart. De mûne waard yn 1872 boud foar it bemeallen fan de 50 ha grutte polder Ald Piip. Hy koe yn it earstoan yn- en útmealle. Yn 1955 ferlear De Volharding syn funksje en rekke yn ferfal. De mûne wie yn 1972 de earste dy't yn besit kaam fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him ek restaurearje liet. Dat barde nochris yn 1994. Yn 2000 krige de mûne in nije fizel. De Volharding waard yn 2006 troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

De Volharding is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei daklear en in flecht fan 9,20 meter. De mûne is op ôfspraak te besichtigjen.

Yn 2019 gyng nei in restauraasje fan de wetterrinnen troch in gearrin fan omstannichheden it wjukkekrús foar in part ferlern. Om de skea te beheinen is de kape ferwidere en de romp ôfdutsen.[2] Fanwegen in fersekeringskwestje is it ryksmonumint noch jimmeroan net restaurearre (sitewaasje jannewaris 2022).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: