Boarnwert

Ut Wikipedy
Boarnwert
Map NL Dongeradiel Boarnwert.png
Flagge Wapen
Bornwird vlag.svg Boarnwert wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 120 (2021) [1]
Oerflak 4,32 km², wêrfan:
lân: 4,24 km²
wetter: 0,08 km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Flagge fan Noardeast-Fryslân.svg Noardeast-Fryslân
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 5° 57' E
Webside Side Raard e.o.

Boarnwert is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Boarnwert leit eastlik fan Raard, westlik fan Dokkum en besuden Foudgum. Yn 2021 hie Boarnwert sa’n 120 ynwenners. Boarnwert hat gjin doarpskearn, de bebouwing leit om de alde terp fan Boarnwert hinne.

De buorskippen Boarnwerterhoeke en Boarnwerthuzen hearre ek by Boarnwert.

Sûnt 2019 leit Boarnwert yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel dêrfoar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

Fanâlds wurdt Boarnwert rekkene ta de Holwerter Seis.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnwert hie in frij grutte terp, dy't grutter wie as dy fan de buordoarpen Foudgum en Brantgum. De terp is hjir ek foar in part ôfgroeven. Oan de ringwei is noch te sjen hoe grut de terp west hat.

Der wurdt tocht dat de doarpsnamme 'terp oan it wetter' betsjut. Dat soe kinne want oan 'e noardkant hat de Boarnwerter Mar lein. Dy mar, in reidpoel, is yn 1853 drûchlein.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marijetsjerke

Yn Boarnwert wurdt yn de twadde Fuldalist (945) Brunnenuurt neamd. Der wurdt wol tocht dat de tsjerke dy't der doe stie oan Bonifatius wijd wie. De tsjerke dy't der no stiet is wijd oan Marije. Soks barde wol faker mei it wikseljen fan eigendom, dan krige de tsjerke ek in oare patroanhillige.

Yn 1845 wie de toer der net mear en waard de klok yn in klokkestoel oan it westwurk hongen. De tsjerke hat ea in rûne absis hân út ± 1200. Sûnt 1816 is de eastlike muorre fan de tsjerke rjocht sletten. Op de westgevel stiet in dakruter út 1884 mei dêryn in klok út 1653, getten troch Eppe van den Arck. It dak fan de tsjerke is foar in part belein mei muontsen en nonnen (holle en bolle dakpannen). De noardlike yngongspartij is fersierd mei in ynswinke halsgevel út 1751 en Frysk opskrift, dy't út de eardere pastorije op De Lytse Jouwer kaam.

By it boukundich ûndersyk fan 1979 binne oerbliuwsels fan fresko's fûn op de oergong fan skip nei absis. Yn de tsjerke binne noch âlde sarken te finen. De moaiste is dy fan Frans fan Aylva en Rixt fan Unia. Dy is makke troch Benedictus Gerbrands fan wa't der mear sarken bewarre bleaun binne. Fierders binne der noch sarken fan dûmnys te finen. De tsjerke is oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Minnoltsmastate[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de eastkant fan it doarp lei Minnoltsmastate. Yn de 17e iuw wurdt it beskreaun as in fraaye plaats. In bekende bewenner hat Juw fan Aylva west. Yn 1547 ferstoar dêr Luts Minnoltsma, de frou fan Sijdtje fan Aylva. Sijdtje wie grytman fan West-Dongeradiel (1517) en olderman fan Dokkum (1543), te fergelykjen mei wat no in wethâlder is, beneamd troch Karel V.

Buorskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de Alde Peazens leit de buorskip Boarnwerthuzen. De namme Boarnwerthuzen wiist der op dat it plak jonger is as Boarnwert. In pear terpen rjochtfeardigje de konklúzje dat it buorkip al ûntstie foar de oanlis fan diken, dat soe dan om en de by 1100 west hawwe.

Fan âlds foel ek Betterwurd ûnder Boarnwert, no falt der nog mar in lyts diel fan Betterwurd ûnder Boarnwert, it grutste diel fan it buorskip heart by Dokkum. Betterwurd en Boarnwert foarmen eartiids meiïnoar de njoggende stim yn de gritenij Westdongeradiel.

Boarnwerterhoeke leit by de krúsing fan de Raarderwei, Spriens en De Tange. Op Boarnwerterhoeke stiet de eardere grifformearde tsjerke út 1916 fan de arsjitekt Ane Nauta. De tsjerke is no de tsjerke fan de protestantske gemeente fan Boarnwert en Raard. Dêr stiet foar de doarpen Boarnwert, Raard en Foudgum ek de basisskoalle 'Bernewird'.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Aylvastrjitte -
  • Betterwurd - buorskip Betterwurd
  • Boarnwerterhuzen - buorskip Boarnwerterhuzen
  • De Herne - herne betsjut 'hoeke'
  • De Keegen -
  • Foudgumerwei - nei it doarp Foudgum
  • Tsjerkepaad - paad nei de tsjerke
  • Parallelwei - wei parallel oan de N356
  • Raarderwei - nei it doarp Raard.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
Flagge fan de gemeente Noardeast-Fryslân
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden