Haniastate (Boarnwert)
Hania State wie in state fier beëasten Boarnwert, gemeente Dongeradiel, yn it eardere doarp Boarnwerterhuzen. Op it stee fan de state stiet no in pleats.
It goed op Boarnwerterhuzen, dêr't de erfgenamten Hania-Tjessens eigeners fan wienen, kaam fan de Hania's fan Holwert en oarspronklik mooglik út de family Sypsma, dy't ek oan de oare kant fan de Peazens lân lizzen hie. Yn it begjin fan de 16e iuw waard it in skoft troch Sypt Hania fan Holwert bewenne. Fanwege it grutte floreenbedrach fan fl. 28 yn 1511 en 1700 sil it grif de sate FC5 west hawwe. Dy wie yn 1700 eigendom fan “Gerryt fan Cammingha, wenjend by "Franequer tot Rodenburgh” dy't yn 1698 net stimme mocht omdat hy “papist” wie. De pleats hie doe 100 pûnsmiet lân (hast 37 hektare) blykber prima boulân dat brûkt waard troch Ebeltie Sjoerds, widdo fan Fedde Tjeerds. Yn 1728 wie Tjeerd Feddes eigener, nei alle gedachten in soan fan de foarige pachter, mar dy hie blykber goed buorke want hy ferhierde de pleats oan Rein Johannes en wenne sels yn Hallum.
Krektas Minnoltsmastate wie dit goed yn 1832 eigendom fan de stienrike Pieter Cats, lid fan de ried fan Ljouwert. Om dizze sate lei yn 1718, 1832 en ek no noch in royale grêft.
- Eigeners/Bewenners
- family Sypsma
- family Hania
- 1700 Gerryt fan Cammingha
- 1832 Pieter Cats
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|