Hústernoard
| Hústernoard | ||
| De Strobosser Trekfeart yn Hústernoard. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Himrik | ||
| Oar | ||
| Ferkearsieren | ||
| Postkoade | 9294 | |
| Netnûmer | 0511 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 17' NB, 6° 7' EL | |
| Offisjele webside | ||
| Webside Aldwâld | ||
| Kaart | ||
Hústernoard is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Hústernoard leit westlik fan Kollum oan de Strobosser Trekfeart en besuden Aldwâld. De namme komt ek foar as Huys ten Oort en Huis ter Noord.
Molkfabryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1899 waard oan de noardkant fan de Trekfeart in molkfabryk boud. By it fabryk stiene in direkteurswenning en in went foar in masinist-sintrifugist. [ 9 ] Yn 1995 wiene ynvestearringen nedich om wer oan de jildende easken te foldwaan. Der waard lykwols besletten om Huisternoard fusearje te litten mei De Twee Provinciën yn Warkum, dy't fuortkaam út in fúzje fan De Goede Verwachting te Warkum en De Twee Provinciën yn Gerkeskleaster. Yn 1996 sleat it fabryk de doarren foar altyd, wêrnei't it fabryksgebou in sintrum foar paintball en airsoft waard. Ek is de direkteurswenning út 1926 noch oanwêzich. Achter it fabryksgebou is yn 2013 in camping mei rekreaasjehaven oanlein.
Reinder H. Postma (1956-2021) skreau it boek "It geheim fan Hústernoard" (1992)
Mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By Hústernoar stie tusken 1858 en 1941 de achtkante stellingmûne Huisternoord, in nôt- en pelmûne. Yn de jierren 20 krige de mûne in diselhelpmotor. Letter kaam de mûne yn hannen fan it molkfabryk dy't him as opslachromte brûkte. De ûnderbou fan de mûne bestiet noch en wurdt brûkt as garaazje.[1]
- Molkfabryk Huis ter Noord yn de 30-er jierren fan de 20e iuw
- It âld molkfabryk yn 2015
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|