Springe nei ynhâld

Hantum

Ut Wikipedy
Hantum
Sicht op Hantum
Sicht op Hantum
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 390 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 3,51 km²
- lân: 3,49 km²
- wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 113 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 21' N 5° 57' E
Offisjele webside
Side 4-H doarpen
Kaart
Hantum (Fryslân)
Hantum

Hantum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Hantum leit noardlik fan De Lytse Jouwer, eastlik fan Brantgum, westlik fan Hantumhuzen en besuden Ternaard. Hantum hat 390 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan Hantum leit benammen oan de Smidstrjitte.

De buorskip Hantumerhoeke (diel) heart ek by Hantum.

Untstean en namme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt tocht dat Hantum om it begjin fan de jiertelling hinne op in kwelderwâl ûntstien is. Der waard in terp opsmiten dy't sa no en dan wer ferhege waard. Yn de 10e iuw wurdt der sprutsen oer Hanaten.

De namme kin tsjutte op hiem fan Hante, fan Hana of Hund. Oaren geane der fan út dat wy tinke moatte oan it Aldfryske wurd , yn it hjoeddeisk Frysk hea.

It ûnbeboude súdlike diel fan de frij hege terp is om 1900 hinne ôfgroeven. De tsjerke is sa oan de râne fan it doarp kommen te stean. Yn de rin fan de tiid is it doarp mei wat nijbou oan de eastlike kant útwreide.

De skeandieling is ôflaat fan it wapen fan Westdongeradiel. De peinjes binne oan de iene kant it symboal fan de hillige Nikolaas, de patroanhillige fan it doarp en oan de oare kant in symboal foar de rjochtsittingen dy't hjir eartiids barden. De ikel komt út it wapen fan de famylje Hettinga.

Nikolaastsjerke
De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Hantum).

De romaanske tsjerke fan dowestien moat yn de 12e iuw boud wêze. It sizzen is dat in Utertske wijbiskop yn 1335 it alter wijd hat. De patroanhillige wie yn de roomske tiid fan de tsjerke Nikolaas fan Myra.

De romaanske finsters binne noch te sjen. Letter hat der in ferbouwing west yn goatyske styl.

De foarse toer is tagelyk mei in fernijing fan it westwurk boud yn 1808.

Kinnema sate

Oan de noardwestkant fan it doarp stiet Kinnema sate. De foarein is boud yn de styl fan in deftige boargerwenning. De gong rint yn it midden en der binne treppen foar it hûs.

De Hantumer stûpa

In frjemde ein yn it byt is de stûpa, dy't yn 1993 boud is. De stûpa is boud yn de styl fan in Tibetaanske timpel. Hy stiet op it eardere plak fan in pleats. Dy is oan in boeddhistyske organisaasje skonken en wurdt brûkt as boeddhistysk besinnings- en meditaasjesintrum. Under lieding fan de yn útwykte Tibetaanske muonts Chödje Lama Gawang Rinpoche (1927-2014) fûnen der ferskillende útwreidings plak.

Hantumermûne
De Wikipedy hat ek in side Hantumermûne.

Yn 1880 waard it wetterskip Hantumerleech stifte en yn itselde jier waard ek de Hantumerpoldermûne boud. De mûne waard yn de jierren 1970 restaurearre. Yn it net mear besteande mûndershûs siet yn de Twadde Wrâldkriich in joadinne ûnderdûkt.

Yn it doarp stie eartiids ek in nôtmûne út 1862. Dy stellingmûne waard oarspronklik yn 1789 as 'De Rooseboom' yn Huzum boud. By de útwreiding fan it Ljouwerter stasjon waard De Rooseboom ôfbrutsen en yn Hantum wer opboud. Om 1930 hinne gie de mûnder oer ta it meitsjen fan lynkoeken. Om net hielendal ôfhinklik fan wyn te wêzen hat er in diselmotor oanskaft. Op 1 maart 1949 brocht in swiere stoarm yn Hantum en omkriten in soad skea. Fan de mûne waaide de kape derôf; de mealder hat doe de romp ynkoarte, betimmere en is fierder gien mei syn foeraazjebedriuw. Yn de jierren 1970 is de ûnderbou ek ôfbrutsen; in mûnestien is bewarre bleaun yn De Hoop fan Holwert.[3]

Hantum hat noch in skoalle út 1845. It gebou is útwreide en wurdt tsjintwurdich brûkt as doarpshûs d´Ald Skoalle.

Pleats oan de Stasjonswei

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2013 2017
Ynwenners 510 484 457 462 407 380 403 405
Jier 2020
Ynwenners 400

Mei Hantumerútbuorren hat Hantum ien Feriening Doarpsbelang.

'Hichtepunten' is al sûnt ein santiger jierren it doarpsblêd foar Hantum, Hantumhuzen, Hantumerútbuorren en De Lytse Jouwer.

De sportfjilden hjitte 'Yn 'e bedelte'.

Alhoewol't de herfoarme tsjerke fan Hantum altiten rjochtsinnich west hat, ûntstie der yn de tiid fan de doleânsje dochs in grifformearde tsjerke. De grifformearden hiene sûnt 1891 mei de grifformearden fan Hantumerhuzen harren tsjerke oan de Fennewei. Yn 1987 sette stadichoan it 'Samen-op-Weg'-proses útein, dat lang om let yn 2007 late ta de foarming fan de Protestantske gemeente Hantum. De lêste tsjinst yn de grifformearde tsjerke hie op 21 oktober 2007 plak. De grifformearde tsjerke waard lykas op oare plakken neitiid ferkocht en ta in wente ferboud. De protestantske gemeente tsjerket yn de herfoarme tsjerke, dy't wer de namme fan foar de reformaasje werom krige en no Nikolaastsjerke hjit.[4]

Brantgumerwei, De Terpen, Dokkumerwei, Doarpsstrjitte, Fetzewei, Gruttesteech, Hearewei, Hiausterwei, Kennemareed, Master Beymastrjitte, Pastorijelân, Smidstrjitte, Stasjonswei, Stoepawei, Ternaarderwei, Titus Conradistrjitte, Tsjerkestrjitte.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen, Herma M. van den Berg, side 49-50
  4. Gereformeerde Kerkeninfo, 23 maart 2019

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje