Springe nei ynhâld

Nikolaastsjerke (Hantum)

Ut Wikipedy
Nikolaastsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Hantum
adres Tsjerkestrjitte 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw
boustyl Oarspronklik romaansk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38698 [1]
offisjele webside
PKN Hantum-Hantumhuzen-De Lytse Jouwer-Hantumerútbuorren

De Nikolaastsjerke yn Hantum is in 12e-iuwske monumintale romaanske tsjerke fan de PKN-gemeente Hantum e.o. De tsjerke stiet op in foarse terp, wêrfan't it súdlike diel om 1900 hinne ôfgroeven is.

De romaanske Nikolaastsjerke waard tsjin de ein fan de 12e iuw boud fan dowestien. Ut in bewarre rekken fan it bisdom Utert docht bliken dat de wijbiskop yn it jier 1335 yn Hantum wie om it alter te wijen, mar it is ek mooglik dat dy wijdatum sloech op Hantumhuzen. De tsjerke wie neffens in oarkonde fan 1374 noch in kapel. Yn dat dokumint droech de Dokkumer abt in tal kapellen en tsjerken yn Eastergoa oan de proast fan Aldmunster yn Utert oer.

Fynst út de Hantumer terp fan Dionysius

De toer fan de romaanske tsjerke waard yn 1807 mei it westwurk ôfbrutsen en de frijkommen dowestien is doe foar 5.000 gûne ferkocht. De âlde toer hie in neffens Abraham Jacob van der Aa in spits en ek de foarsere nije toer krige neffens de doetiidske moade in spits. De nije toer waard ferbûn mei de lingtemuorren fan it skip, itjinge der op tsjut dat der nei de ôfbraak fan de âlde toer mooglik noch smelle romten oerbleaun wiene.

Yn de letgoatyske tiid is it dak fan de tsjerke fernijd en in tonferwulft ynbrocht. Nei alle gedachten binne yn 1844 nije ramen foar de tsjerke kocht foar de yn dy tiid fergrutte finsters. Tsjin it ein fan de 19e iuw waard de toer opknapt. De noardlike yngong waard yn 1892 tichtmitsele en ferfongen troch de yngong op it west yn de toer. Oan it begjin fan de 20e iuw folge de fernijing fan it dak.

Yn 1914 waard yn de foar in part ôfgroeven terp fan Hantum in byldsje fûn út de tiid foar de reformaasje. It mooglik 15e iuwske byldsje is fan in biskop dy't de holle draacht en steld mooglik de needhelper Dionysius foar.

In grutte restauraasje folge yn de jierren 1975 (toer) en 1977 (tsjerke). By de restauraasje waard de oarspronklike tagong yn it twadde travee werom fûn. Ek die bliken út de oansetten dat de tsjerke ea stiennen ferwulften hân hat fan twa hast fjouwerkante ferwulftflakken en in tredde ferwulft oan de eastlike kant dat smeller wie en ek de apsis oerkape. In nis en de piskina waarden ûntdutsen, lykas ek it plak fan dêr't it hillich sakramint bewarre waard. Fan de oarspronklike beskildering yn de roomske tiid waard in fragmint werom fûn.

De tsjerke is ienskippich en hat in healrûn eastlik koer. Yn de súdlike muorre fan de tsjerke en yn it koer binne yn lettere tiden nije finsters makke. Dochs binne dêr ek de oarspronklike romaanse finsters en sparnissen noch werom te kennen. Yn de noardlike muorre fan de tsjerke is soks noch dúdliker te sjen, om't de oarspronklike mjittefiering dêr noch frij yntakt bleaun is. De foar in part ynboude toer is fan 1808. Hy ferfong it oarspronklike redusearre westwurk. De wizerplaat oan de toer draacht it jiertal 1878.

Ynterieur mei oargel

De tsjerke hat in tradisjonele protestantske ynrjochting. Oan de súdlike muorre stiet de preekstoel mei draaide pylderkes en in efterskot út 1715. It klankboerd is fan lettere datum. It doophek is fan 1862, lykas ek de doopbôge. De measte banken binne tsjintwurdich ferfongen troch stuollen. Twa ienfâldige 17e-iuwske banken binne nei de lêste renovaasje fan it ynterieur bewarre bleaun.

Foar it tsjintwurdige oargel hie de tsjerke in kammenetoargel út 1849, dêr't Willem Hardorff yn 1851 noch in nij register oan tafoege. Nei de bou fan de kreake yn 1877 boude Willem Hardorff it hjoeddeiske oargel. It oargel hat 15 registers op twa manualen mei in oanhongen pedaal.

Tusken 2014 en 2016 restaurearre Bakker & Timmenga it oargel.[2]

Reliëf patroanhillige Nikolaas fan Myra op de yn 1530 getten klok

Yn de toer hinget in moderne klok. De âlde klok út 1530 stiet fanwegen in skuor bûten oan it paad nei de tsjerke. Dy klok is fersierd mei reliëfs fan Nikolaas fan Myra, de patroanhillige fan de tsjerke, en Katarina fan Aleksandrje. Op in brûnzen plaat by de klok stiet te lêzen:

Mei barsten hong ik yn de toer,
Hast wie ik smolten yn it fjoer:
Dan waard ik wer "sa goed as nij"
Mar 't âlde lichem wie dan wei!
**
It wie dan ek gjin drôve dei
Doe 't hjir op it tsjerkhôf lei:
Kin 'k net mear sprekke fan it oer.
Myn geast is dochs fan langer doer

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Noordelijk Oostergo De Dongeradelen, Herma van den Berg, ISBN 90 12 03830 8
  • Karstkarel, Peter - Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Ljouwert/Grins, Utjouwerij Noordboek, ISBN 978 9033005589
  • Stenvert, Ronald (et al.) - Monumenten in Nederland. Fryslân, 2000, útjouwerij Wanders, Swol
  • DBNL