Springe nei ynhâld

Hantumermûne

Ut Wikipedy
Hantumermûne
mûne / mole
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Hantum
adres Stoepawei
koördinaten 53° 21' N 5° 57' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk bemealling Hantumerleech
flecht 22,75 meter
boujier 1880; werbou yn 1978
oare ynformaasje
eigner Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38699
Webside
St. Monumintebehâld NEF
Kaart
Hantumermûne (Fryslân)
Hantumermûne

De Hantumermûne oan de Stoepawei is in poldermole by it doarp Hantum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

De Hantumermûne is in mealreeë muonts, dy’t súdlik fan it doarp oan de Hantumer Feart stiet. De mûne waard boud troch G.R. fan Wieren út Jannum yn it ramt fan de stifting fan it wetterskip It Hantumerleech yn 1880 mei in oerflak fan likernôch 480 hektare.[1]

De mûne krige om 1932 hinne selsswichting op beide roeden. Ien dêrfan bruts yn de fyftiger jierren. Mei troch de bou fan it elektrysk gemaal wie it wif oft de mûne wol bestean bliuwe koe. De Hantumermûne waard lykwols yn 1978 restaurearre en op 'e nij yn 1999. Al stiet der in gemaal, de mûne is dochs noch altyd de haadbemealling fan de Hantumerleech. Hy mealt tusken de 220 en 320 oeren yn 't jier, benammen winterdeis at der meastentiids mear wetter falt. De Hantumermûne is eigendom is fan de Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân en kin op ôfspraak en as er yn bedriuw is, besichtige wurde.

Op 9 jannewaris 2022 ferstoar Oane Visser (1944-2022) út De Lytse Jouwer, de lêste mounder fan de Hantumermûne. Goed 25 jier wied er mounder foar de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel. De wjukken fan alle mûnen fan Noardeast Fryslân en guon fan oanbuorjende gemeente waarden ta syn neitins in wike yn 'e roustân set.[2][3] Yn 'e selde moanne waard útein set mei de restauraasje fan de mûne.[4]

Yn 2022 waard útein set mei in restauraasje fan de mûne. It achtkant krige fan de mûnebouwers fan Jellema út Burdaard in nije skroef, in nij reiden tek en waard op 'e nij farve. De kosten fan de renovaasje wiene goed 125.000 euro.[5]

De Hantumermûne is in achtkante muonts mei mitsele fjildmuorren. De romp en de kape binne reiddutsen. De wjukken binne Aldhollânsk ophekke, mar tusken 1932 en 1957 hiene beide roeden selsswichting.

De Hantumermûne is te sjen yn in koarte dokumintêre 'Foar it wurk'.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

wikipedy