De Lytse Jouwer
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Noardeast-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2020) | 70 | ||||
Webstee | Webstee (mei Hantum, Hantumerútbuorren en Hantumhuzen) |
De Lytse Jouwer (Nederlânsk en offisjeel: Hiaure) is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. De Lytse Jouwer leit noardlik fan Dokkum, eastlik fan Foudgum, westlik fan Hantumerútbuorren en besuden fan Hantum. Yn 2020 telde De Lytse Jouwer sa’n 70 ynwenners. De doarpskearn leit benammen oan de Hantumerwei foar it lytse terpke wêr dat de tsjerke op stiet.
It buorskip Lytse Leard heart ek by De Lytse Jouwer.
Sûnt 2019 leit De Lytse Jouwer yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oer it ûntstean fan de namme is men it net iens. It doarpswapen hat in skeaf hjouwer. It soe wêze kinne dat de namme komt fan it Aldfrysk wurd joerd, dat 'plak' betsjut.
Oer it ûntstean fan it doarp is net folle bekend. De terp soe betsjutte kinne dat it doarp der sa nei it jier 1000 kommen is. De terp is net heech en dat soe betsjutte kinne dat der doe al in begjin fan diken west hat. Yn dy tiid kaam de see noch geregeldwei oer it lân, in kwelderlânskip. Mei't de see op it iene plak mear slyk oanfierde as op oare plakken ûntstienen ferhegings. De huzen waarden, om drûch wenje te kinnen, op dy hichten yn it lân boud. Op plakken dêr't hichten net fier fan elkoar ôf leinen koe in terp boud wurde troch de leechte dertusken op te foljen. Yn De Lytse Jouwer leinen dy hichten lykwols te fier útinoar op der ien terp fan te meitsjen, wêrtroch pleatsen en huzen in ein fan elkoar ôf kamen te stean. Oan ûnder oaren De Lytse Jouwer is noch te sjen hoe't it earste begjin fan doarpsfoarming west hawwe moat.
De ynwenners fan De Lytse Jouwer fiele harren ferbûn mei de ynwenners fan Hantum, Hantumerútbuorren en Hantumhuzen. Dy fjouwer doarpen wurde ek wol de '4H-doarpen' neamd. It doarp is altyd lyts bleaun en hat lang wat isolearre lein. Oan de ein fan de 19e iuw kaam der in dyk fan De Lytse Jouwer nei Hantum en Dokkum.
De tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke fan no is fan 1869, in ferfanger fan in âlde tsjerke fan dowestien. De Lytse Jouwer hat lang in tsjerklike kombinaasje foarme mei Boarnwert. Under oaren stie dûmny Jan Althuysen dêr. In skoft ferlyn is der in kombinaasje mei Hantum kommen.
Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It wapen hat in skeaf hjouwer, de ljippen komme fan it wapen fan dûmny Schregardus, dy't yn de 19e iuw 40 jier dûmny yn De Lytse Jouwer wie.
- 'Hichtepunten' is it doarpsblêd foar de 4H-doarpen.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Ham, De Wylgen, Hantumerwei, Krûdikker, Lytse Leasterdyk.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hiaure fan Wikimedia Commons. |