Roeden

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Askop mei roeden fan de Walderveenske mole
Kearklossen, roedekilen en spitizers fan de Venemansmole. De askop hat boppedat in spin

Roeden foarmje de basis fan it wjukkekrús fan in tradysjonele wynmole. Eartiids waarden dizze balken, dy't wol 30 meter lang wêze kinne fan hout makke, út ien stik, mar ek wol út trije stikken. (de saneamde boarstroede, in boarststik mei twa oplangers). Houten roeden binne oan de foar- en efterkant foar in bettere stroomline ôfskeane, wat baljoening neamd wurdt. Meastal waarden houten roeden brûkt (stutsen) fan it djoerdere greinen út Riga ynstee fan it ynlânske greinen. Letter waarden roeden makke fan it bettere Amerikaansk greinen. Brutsen roeden waarden faak as flierbalken yn in mole brûkt. Fan ± 1860 ôf begûn men stielen roeden te klinken en sûnt de Twadde Wrâldoarloch wurde roeden laske. Yn 2008 binne der oar it earst laske roeden makke, wêrfan de efterkant net fêstlaske is, maar losmakke wurde kin foar ynspeksje en in eventueel nije antirustbehanneling fan de binnenkant fan de roede. Ek wurde der proeven dien mei fersinkte roeden, dy't fanwege harren lingte net yn harren hiele hear en fear yn it sinkbad kinne en dêrom út twa gedieltes bestean, wêrby't it oan elkoar makke punt yn de kop fan de boppe-as falt.

De roeden (altyd twa pear om fjouwer wjukken te foarmjen) stekke troch de saneamde askop fan de boppe-as fan in mole en wurde mei 16 kilen en fjouwer kearklossen fêstsetten. De kearklossen soargje derfoar dat de roede net ferskowe kin. De kilen sette de roede fêst yn de askop. De roedekilen binne boarge mei spitizers, wêrtroch't se der net útfalle kinne. Yn de roeden sitte gatten wêryn by âldhollânske wjukken de hikkelatten stutsen wurde. In hikkelatte wurdt fêstsetten mei kilen, dy't ek yn ferbân mei de foarming fan de seech de hellinghoeke fan de hikkelatte bepale. Op de bûtenroede sit in seilearm en op de binnenroede in seileach foar it fêstsetten fan it seil. De mole De Helper hat lykwols gjin gatten foar de hikkelatten yn de roeden, mar oplaske strippen mei dêrop mei bouten fêstmakke, fersinkte bûgels wêrop de hikkelatten gêstskroeve wurde.

De binnenroede is de roede it tichtst by de mole en de bûtenroede is sa't de namme al oanjout de bûtenste. Omdat de toppen fan de wjukken yn itselde flak draaie moatte is de binnenroede kromd. Dit wurdt de porring neamd.

De stielen roeden hawwe meastentiids in plaatsje mei de namme fan de fabrikant en it folchnûmer, dat oanjout hokker roede it fan dy fabrikant is.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]